Cornelis van der Wal

Kultureel Frysk

logo.ensafh

No minsken, dit wurdt myn lêste stikje oer de Kulturele Haadstêd 2018. Op himsels fûn ik de drokte dy’t de toeristen meibrochten tige gesellich, hear. En se fregen my ek geregeld de wei, dan kinne jo josels efkes in wichtich persoan fine, no. Resinsjes fan Kulturele manifestaasjes kin ik jim net leverje, want ik haw neat meimakke, ik hie der gjin nocht oan. Of… wachtsje efkes, it wie my hast ûntkommen: Bach syn Mattheüs Passion yn it Frysk yn maart, dêr wie ik al by. Lei it oan de akoestyk of hawwe de foar in grut part net-Frysktalige sjongers net lang genôch oefene om de útspraak fan ús taal yn ’e macht te krijen? Yn elts gefal wie it tige min te ferstean, goed dat der in tekstboekje wie. It wie nammers neffens my ek frijwat healwiis om de Dútske tekst te ferfryskjen. De Matthëus yn it Arameesk, de taal fan Jezus, dat soe nochris wat wêze! Mar hawar.

Fierders wie der net folle Kultureel Frysk te finen yn it programma fan KH18. Ja, megalomane projeksjes fan teksten op ’e Aldehou: it sil wol! Litte de minsken mar in goed boek lêze. En ik bin allergysk foar Nynke Laverman, dat trof ik ek net.

Hoe komt it no eins dat it Frysk opkeard waard by KH18? Soks hat fansels te krijen mei de persoanen dy’t it programma bepale. Sjoerd Bootsma is de programmalieder fan Leeuwarden-Fryslân 2018. Dit seit LinkedIn oer Bootsma syn funksje:

Leeuwarden-Fryslân is European Capital of Culture in 2018. Together with a small team I’m responsible for the delivery and artistic quality of the program.

Mar hoe tinkt Bootsma eins oer de Fryske taal? ‘Ik zat eens bij een vergadering waar Fries gepraat werd. Halverwege moest ik zeggen dat ik het niet verstond. Ik voelde ik me opgelaten en dom, maar eigenlijk vond ik het schofterig.’ Dus, ien dy’t it brûken fan it Frysk yn Fryslân ‘schofterig’ fynt is bepalend foar it programma fan KH18. Dat ferklearret in soad.

Jo kinne nei it foargeande wol riede hoe’t ik reagearre op it feit dat dizze Bootsma okkerlêsten beneamd waard ta lid fan de Fryske Akademy, ‘op grûn fan syn positive en fernijende ynstelling foar de Fryske kultuer.’

No haw ik in soad respekt foar de Fryske Akademy, al mochten se dêr wolris wat oan de stúdzje fan Fryske literatuer dwaan, mar hjir begryp ik wier neat fan. Is it in soarte fan selshaat? Wolle se de ‘fijân’ binnenhelje en him krekt salang oankrûpe oant er in Djipfries wurdt?

Sjoerd Bootsma yn ’e tuskentiid gniist him slop.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *