Blog Lomme Schokker: Literatuer, filosofy en in lofsang op it populisme

logo.ensafh

In wike yn de Elzas. Madame toant ús, fleurich inkeld Frânsk pratend, wiidweidich it appartemint yn wat eartiids it bûthús west hat. De ynrjochting is modern en fol Ikea-guod, wy fiele ús daliks thús. Ik sjoch in kast mei boeken en ik poch yn myn skoalle-Frânsk dat ik hiel graach lêze mei, sterker noch, dat ik wolris wat skriuw. ‘Myn man ek,’ seit se. ‘Hy is filosoof, skriuwt filosoafysk-politike essays en boeken. S’il vous voulez, kom moarn lâns foar in apéritif, dan kinne jimme prate as skriuwers ûnder elkoar.’ Blinders, hie ik my no mar stilholden: dy man is fansels fan in gâns oar sjapître! Ik bin net iens in skriuwer.

Lês fierder by Lomme Schokker

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op