Lomme Schokker

Ferdinand de Jong: De tredde perioade

logo.ensafh

De Jong hat der aardich de gong yn mei it opbouwen fan in oeuvre. De tredde perioade is it seisde boek yn in tiidbestek fan acht jier en dat wol wat sizze. Twa jier lyn seach er nei Kanada foar De Nova Scotia staazje, al earder skreau er oer it Himalayaberchte en dizze kear teach er foar ynspiraasje nei de kjeld en koperminen fan Sibearië.

Luitenant Rodion Zakirov skopt in strieminne drilynstrukteur mei in dwerslesy de rolstoel yn en moat dan as boarger besykje in nij bestean yn Moskou op te bouwen. Dat slagget fan gjin kant, de mingels wodka bringe him ek net folle fierder en sa fynt buorfrou Lara op in dei Rodion by him thús mei de foardoar iepen, stomdronken yn syn eigen dridze. Dy Lara fertelt dat sy sels ek ris krekt sa yn de penaarje ferdronken west hat en dat se doe holpen is troch immen dy’t har in baan besoarge. Sokssawat kin se ek wol foar Rodion dwaan, mei in plak by it mynbedriuw yn Sibearië dêr’t sy as tolk wurket. En Lara soe Lara net wêze as se de knappe Rodion mei it wapen fan de drank binnen de koartste kearen by har it bêd yn wit te krijen. De toan is setten, de seks sit deryn en in wike letter fynt Rodion him werom yn it fleantúch nei it kâlde en spikerhurde Norilsk boppe de poalsirkel. Tusken it knypeagjen troch fan Rodion mei dy iene kreaze stewardess jout De Jong in wurdlik ferslach fan alle meidielingen fan de piloat en de hanlingen dy’t foar ús as reizgers al sa fertroud binne.

Dames en hearen, wy naderje Norilsk Alyket Airport. As we begjinne mei it ynfleanen, soargje derfoar dat jo stoel rjocht stiet… Kabinepersoneel graach klearmeitsje foar de lâning …. Foar jo feiligens en komfort, bliuw sitten oant it tastel en it ljochtsje fan …. It is dizze oertallige praterij en oare detailbeskriuwingen dy’t meitsje dat der yn de earste hûndert siden net folle feart sit. De Jong nimt him lang de tiid om de gong fan saken yn de myn en de stêd Norilsk en omkriten te beskriuwen:

In lyts fleantúch komt oer de rivier oanfleanen om op it Valek-fleanfjildsje te lânjen. Dat fleanfjild wurdt meast brûkt as helikopterbasis foar minsken dy’t te jeien wolle yn de toendra en as plak dêr’t útbuorren yn de Tajmyrregio wei befoarriede wurde. Der binne ek lytse fleantugen te plak. It leit oan de Norilsk-rivier, flak achter it Valek Sanatoarium, in mânsk gebou dat krúsfoarmich ûntwurpen is. Dêr flak njonken stiet…

Tige nijsgjirrich, mar de lêzer begjint mei dat al wat te gapjen fan ferfeling.

As Rodion nei in pear wike yn syn appartemint en op it wurk ‘te stoel en te bank is’ (De Jong hat wol mear fan sokke aardige siswizen), sjocht er dy superkreaze stewardess, mei in jonkje fan in jier of acht neist har, yn de stêd rinnen. Wat moaier is, sy sjocht him ek. Om de koarte ferzje oan te hâlden, binnen it healoere kinne Rodion Zakirov en Daria Orlova hiel goed mei-inoar. In pear dagen letter, by it oanstekken en opwaarmjen fan de barbekjû oan de igge fan de Jenisejrivier, klikt it ek bysûnder mei Pavel, it soantsje fan Daria. It docht bliken dat Pavel allemachtich graach op (iis)hockey wol, mar oant no ta wie der foar sokssawat gjin jild en ek gjin gelegenheid ta. Rodion, âld-hockeyer, soarget derfoar dat Pavel foar proef meidwaan kin oan in trening en wat docht bliken? Dit jonkje is in talint sûnder gelikens. Pavel hat al fan syn fjirde ôf hast alle winterdagen oeren oefene op in lyts wetterke by it appartemintsje fan syn beppe.

Op dit stuit, sawat healwei it boek yn, krijt it skriuwen fan De Jong wjukken en dêrmei it ferhaal folle mear fleur en faasje. No’t er it oer hockey hat, lit er pas echt sjen dat er skriuwe kin mei passy en fokus, dat er de lêzer de line om it hea lizze kin. It wurdt in wille om te lêzen hoe’t de treningen fan de jongens gean. Dêr hat de lêzer it boek foar kocht.

Dan sjocht Rodion foar it earst de stabiliteit dêr’t Pavel mei op syn redens stiet. Hy is net oerdreaun grut of swier, mar troch syn fuotten goed del te setten en syn lichem te brûken, jout (d)er de oare jonge gjin kâns om yn de buert fan de puck te kommen, Pavel hâldt syn stick mei ien hân beet wylst er de puck ûnder kontrôle hâldt en sa draait er om de pion hinne. Trochdat er de bocht hartstikke nau nimt, kin de ferdigener op de weromreis nei de goal ta net folle mear dwaan om him tsjin te hâlden. It iennichste dat net slagget, is in goal meitsje…

Pavel spilet him nei in pear treningen al yn de earste line fan it team en spilet mei de dei better. Underwylst besiket De Jong wat spanning yn it ferhaal te bringen mei in ûnbekende en mysterieuze man dy’t no en dan op de tribune sit, op in ferhoalen manier kontakt siket mei Rodion en sels jild oermakket op dy syn rekken. Mar it is in spanning om ’e nocht. De man, Ralf, is gjin maffia mar in talinteskout yn it hockey en kin derfoar soargje dat Pavel by in gruttere klup yn Moskou komme kin. Spanning opbouwe dy’t nearne ta liedt is in ôfknapper en dat jildt ek foar de fratsen mei Lara en dy har losse ‘girlpower’-knoopkes.

In healjier letter wennet Rodion wer yn syn âld appartemintsje yn Moskou, dizze kear mei Daria en Pavel. Pavel spilet no by Dynamo Moskou, spilet ek dêr sa allemachtich de stjerren fan de himel dat der no in Kanadeeske skout op it toaniel ferskynt.

De Jong hat oant no ta flink ynvestearre yn de omfang fan syn oeuvre. In oeuvre dat der wêze mei. Mei syn skriuwûnderfining moat er eins no yn kwaliteit in nije slach meitsje en dan benammen yn plotûntwikkeling en spanningopbou. In betûfte redaksje soe dêrby aardich fertuten dwaan.

Der is ek in Hollânsktalige ferzje fan dit boek op de merk. (Ik seach it ferline wike by ús yn Hillegom yn de byb lizzen.) De Jong is der blykber klear foar om oer de grinzen fan it Fryske taalgebiet hinne te stappen. Mei rjocht, want hy lit sjen dat er aardich wat yn de marse hat.

Ferdinand de Jong
De tredde perioade
Bornmeer, 2018

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *