Aginda 03-10-18: Presintaasje ‘De trije klokketiers fan Koartsweagen’ fan Janny van der Molen

logo.ensafh

Presintaasje: De trije klokketiers fan Koartsweagen

Op 3 oktober presintearret Utjouwerij Bornmeer De trije klokketiers fan Koartsweagen, it earste oarspronklik Fryske boek fan auteur Janny van der Molen. Monique Beijer fersoarge de yllustraasjes. By it begjin fan de Nederlânske Berneboekewike sil it earste eksimplaar oanbean wurde oan Libbe de Vries, wethâlder kultuer fan de gemeente Opsterlân.

De trije klokketiers fan Koartsweagen is basearre op histoaryske feiten en is skreaun ta gelegenheid fan it Under de Toer-projekt De klok moat werom, wêrby’t de Mariatsjerke fan Koartsweagen sintraal stiet.

Oer it boek: Pier giet mei syn klasse op skoalreiske. Hy is tige teloarsteld dat se dit jier net nei in waadeilân sille lykas oars, mar nei Koartsweagen. Krammele. Koartsweagen. Dêr is dochs hielendal neat te dwaan?! Mar as er mei Lars, syn freon, alfêst op Google Maps de kampearbuorkerij opsiket, krije se in idee. It tsjerkhôf tsjinoer de pleats: soe dêr nachts wat te belibjen wêze? Noortje, dy’t ek altyd wol yn is foar wat aventoer, giet grif mei! En sa begjint in frjemd ferhaal. In ferhaal fan klokken dy’t Pier wol heart, mar de oaren net. Fan in brief fan hûndert jier âld. Fan in klok yn Brabân, in klok dy’t werom moat nei Koartsweagen, om in man dy’t al lang dea is lokkich te meitsjen. Krije Pier, Lars en Noortje – de trije klokketiers – de klok fan fiifhûndert kilo yn Koartsweagen?

Woansdei 3 oktober 2018, fan 10.00 – 10.20 oere, Mariatsjerke, de Gerdyk.
Nei de presintaasje giet Janny van der Molen fierder mei in skoalaktiviteit foar bern fan groep 5 en 6. Wa’t dêr aardichheid oan hat is hjirby fansels ek fan herte útnûge. De skoalaktiviteit duorret oant ûngefear 11.30 0ere.

De trije klokketiers fan Koartsweagen fan Janny van der Molen is te keap by de boekhannel en by Utjouwerij Bornmeer Op sneon 6 oktober sinjearret Janny van der Molen har boeken by Boekhannel Planteyn op ’e Gordyk, fan 15.00-16.00 oere.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op