Lomme Schokker

Frysk skriuwe en de wow-faktor

logo.ensafh

Alles is psychology, sa lang it teminsten noch net ta in algoritme ferwurden is. Myn skriuwen fan de lêste pear jier hat bepaalde effekten op my. Foar’t dy wer weiwurde moat ik se hjoed mar fan my ôfskriuwe. Dan ha ik it fêstsetten, is it út de wei en hearre jimme my der net mear oer.

Skriuwe is ûntdekke. Ik kom wurden tsjin dy’t ik skjin fergetten wie, wurden fan ús heit en fan ús mem. Watguod? Ik hear it heit noch sizzen. Fertutearze, allikefolle, arrejakkes, dêroanta, wrottersspultsje. Se komme werom yn myn fokabulêre. Nij binne in protte siswizen, dy’t ik net koe, mar dy’t wol sa moai binne. De peareltsjes fan it Frysk. Wat sizze se net oer mysels, oer wat en wa’t ik bin? Wat sizze se net oer it lân dêr’t ik ‘út de dyk dold’ bin? Net sneinsk prate; sy hat in winkeltsje ûnder de skelk; yn twaen falle; krijst teedrinkers?; pisjen giet foar dûnsjen; hy is gjin evangeelje; skoaljild weromfreegje; flut fan dokkum; feest yn Readtsjerk; no wolst de kloaten wol ynlûke, tink? En ‘dat jokket net’ sizze, as ik reinferlegen bin fan pine. Fan stikken ta bytsje: in prachtige taal, ús Frysk.

Skriuw ik âldfrinzich, of skipperje ik mei it hjoeddeisk Frysk? Balkerinnen bliuwt it, ik ha noch lang gjin lykwicht fûn. Myn skriuwen soe wol wat makliker wêze meie, al wie it mar omdat troch it brûken it wurdboek útinoar falt.

Skriuwe is bewuster libje. Kleare winst. Wat slimmer neitinke, mear ôfstân nimme en dêrtroch mear belutsen reitsje, saakjes better op in rychje krije, krekter formulearje, kritysk wêze en my rekkenskip jaan fan oaren. Myn earste trije gedachten hawwe meastentiids net folle om ’e hakken, de rest oars ek net sa bot.

Skriuwe is in ienlik putsje, mar it pielen en puzeljen, boetsearjen en jeuzeljen meitsje wol dat ik bytiden praatsker, sels fleuriger bin. Net allinne begjinne my de wurden wat makliker út de mûle te rûgeljen, mar ik spylje ek mear mei de taal. Ik rym en alliterearje op de ûnmooglikste mominten. Sels de frou is it opfallen. Dêr’t ús frijen de lêste desennia de stille kant it neist wie, komme my no dwaandewei mei in faktor fjouwer de moaiste en meast leavjende wurdsjes yn it sin. Tsjintwurdich bin ik nei-oan wer krekt sa mûlewillich oan it healwiizjen as doe’t wy noch fereale wiene. Fan ’e moarn wie it wer safier. Ik wist dat it klear wie doe’t se har herjestoppers út de earen helle. “Wow,” sei se.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *