Aginda 25-10-18: De Voluspa yn it Frysk

logo.ensafh

It Voluspa projekt is in gearwurking tusken aktrise Eke Born, muzikant Rutger Dijkstra en ik sei de gek.

De Voluspa, of De profesij fan de sjenneres, is it iepeningsliet fan de Alde of Poëtyske Edda. Dy Edda is in samling goade- en heldelieten út Yslân. It wichtichste dêrfan is de Voluspa. Dêryn ferhellet in sjenneres, de Volva, de hiele skiednis fan de wrâld, fan de skepping oant de ein, it Ragnarok.

Yn it ramt fan Lân fan Taal sil de Voluspa foar it earst yn it Frysk oer it fuotljocht brocht wurde. Yn kombinaasje mei de muzyk ûnthjit de foardracht van de Volva in bysûnder barren, kleure fan in mystike, sjamanistyske sfear.

En oer sfear sprutsen: de band Sowulo fersoarget neist it Voluspa projekt in folsleine, akûstyske set yn MeM. Sowulo makket hjoeddeiske Viking (Nordic) folkmuzyk, ynspirearre troch it paganisme. Dêrmei wolle se in djipper besef fan it mienskiplik spiritueel erfskip kreëarje. De konserten fan Sowulo sette altyd út ein mei in iepeningsritueel, sa’t de besikers fan Castlefest 2018 noch meimeitsje koene. Mei oare wurden: alle yngrediïnten foar in spesjale jûn binne oanwêzich. Kom 25 oktober del yn MeM en dompelje jim ûnder yn Noardske sfearen. It begjint om 20.00 en it is hartstikke fergees. Tsjek it út!

Tekst: Facebookside fan Willem Schoorstra

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *