Jacobus Q Smink

de laatste eer

logo.ensafh

 

de karajonge fytst op ’e krykkrak, wiet grien ferve
in dûbelstange, fan de sate fan heit en mem
kofferke achterop foar wiken skjinne klean
nei de kop-hals-romp fan jan en jehanne

sy smookt sjekjes, dat is apart (foar in mem)
heit jan is in neef fan ús heit, hy is okee en âlder
kiestra syn froulju lêst er en jantsje (13) fielt har beurske
neffens him en hy wasket him sa goed, ik rûk de klok

letter rint er by syn simca wei
en falt samar op it gers
meand mei syn harre seine
earder op ’e dei

mar katten kin er oan ’e line hingje
as der in boarre tefolle is of se binne minnich
en it is gesellich as jehanne krúm praat
en paft as kúnre, wylst er syn kiestra lêst

sykje harren stien yn sondel, ik rûk de drum
twaris nocht te beroerd om nei de begraffenis te gean

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *