Aginda 01-11-18: Lêzing Jelma Knol oer Net yn de prizen

logo.ensafh

Lêzing tongersdei 1 novimber 2018, 19.45 oere yn Tresoar, Ljouwert

Jelma Knol oer Net yn de prizen
Hoe serieus wurdt it literêre wurk fan froulju nommen?

Sûnt de Gysbert Japikspriis bestiet yn Fryslân, hawwe mar trije froulju de wichtichste literêre priis foar harren wurk krigen: de dichteressen Rixt, Ella Wassenaer en Tiny Mulder. De lêste kear wie yn 1986.

Dochs binne der gâns dichteressen dy’t wurk fan heech nivo publisearje: Baukje Wytsma, Margryt Poortstra, Albertina Soepboer, Elske Kampen. En poerbêste proazaskriuwsters: Hylkje Goïnga, Jetske Bilker, Greet Andringa, Marga Claus, Elske Schotanus. De opsomming fan nammen is fansels net folslein.

Yn literêre sjuerys sitte sûnt 1990 ek altyd ien of mear froulike sjueryleden. Foar de bekroaning fan it wurk fan froulju, makket dat sa te sjen neat út. Is dat slim? Is te achterheljen wêrom’t froulju minder faak yn de prizen falle? Of is it prizestelsel miskien wol achterhelle?

Jelma Knol publisearre yn 1993 it boek ‘Ut syn aerd wei froulik’, oer alle Fryske dichteressen dy’t oant dy tiid ien of mear dichtbondels útjûn hiene. Sy gyng yn op it wurk fan de dichteressen en de literêre krityk. It docht bliken dat it literêre wurk fan froulju gauris as ienheidswoarst bestimpele wurdt: It is o sa persoanlik, giet faak oer de leafde en de foarm is net altiten like fêst. Dat op ien bulte smite fan it wurk fan skriuwsters sjochst ek yn oare literatueren. Wat is der feroare sûnt 1993 yn de wurdearring? Moatte wy hjoeddedei aksje ûndernimme of achteroer leune? Is der sokssawat as in typysk froulike kreativiteit? Knol siket it út, mei help fan de seal.

Priis € 9,00. Oanmelde fia dBieb

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *