Beart Oosterhaven

‘Friersk’, in fenomenaal goed album!

logo.ensafh

Mei syn tredde solo-cd, Friersk, hat sjonger/multy-ynstrumintalist Chris Kalsbeek fan Ljouwert ien fan ’e moaiste albums út ’e skiednis fan ’e Fryske folkmuzyk ôflevere! It is in plaat dy’t oer alle boegen tsjûget fan kwaliteit: tekstueel, muzikaal én produksjoneel.

Keltyske folkmuzyk
Chris Kalsbeek is in feteraan yn ’e folkmuzyk. Hy is al mear as fjirtich jier warber yn it sjenre. Tige oansprekkend wurk makke er as sjonger/gitarist/mandola- en bûzûkyspiler, harpist en banjospiler mei de groep Fling, dêr’t yn 1997 it ikoanyske album The Wild Swans At Coole fan ferskynde, en mei in oare Fryske folkfeteraan, Ernst Langhout fan Gau. Kalsbeek stie lêstneamde ûnder mear by op dy syn twadde solo-cd The Eye Of The Cyclone (1992) en, as lid fan ’e begeliedingsgroep The Hones, op Langhout syn earste Frysktalich album Nea foar altyd (1995).
Sûnt de milenniumwiksel is Chris Kalsbeek sels foaral solo te hearren. Yn 2001 kaam syn debút-cd Celtic Songs And Music út, dêr’t, sa dy titel al seit, de Keltyske folkmuzyk it útgongspunt op is. Dy skiif krige fiif jier letter in opfolger: The Lowlands Low. Celtic Music From The Lowlands. Ik haw dát album yndertiid yn ’e foargonger fan ensafh, nammentlik it literêr tydskrift Hjir (nû. 6, desimber 2006, s. 51-52), tige loovjend besprutsen: ‘Wat (kar fan ’e) teksten, muzikaal fakmanskip, kwaliteit fan ’e produksje en artistike oandrift oanbelanget, is The Lowlands Low de allerbêste cd dy’t yn 2006 ferskynd is!’ Wittende dat Chris Kalsbeek it Frysk ek goed yn ’e macht hat, haw ik him yn itselde stik yn Hjir doe oproppen om fan syn folgjende cd in Frysktaligen-ien te meitsjen. De tasizzing dat er dat dwaan soe, krige ik in wikemannich letter, doe’t ik Kalsbeek by in konsert tsjin ’t liif rûn.

Muzikale moster
Alles mei-inoar hat it dus noch tolve jier duorre, ear’t Chris Kalsbeek syn earste Frysktalich album yn maart fan dit jier klear wie! Om’t de titel fan ’e cd Friersk is en Kalsbeek op dy skiif Ierske (Keltyske) folkmuzyk ferbynt mei Frysktalige teksten, woe ik earst sels ris yn Ierlân sjen, om gewaar te wurden wêr’t Chris Kalsbeek syn muzikale moster weihelle hat.
Yn july fan dit jier hawwe wy (myn dierbere, in skoansuster, in sweager en ik) dy kant út west. Fan Cork ôf hiel Súd-Ierlân troch nei Tralee, yn it súdwesten. Dêrwei rinnende, de rêchpûde op, yn tsien dagen, oer de Slieve Mish Mountains, in lange slach om it Dingle Skiereilân hinne meitsjend.
Wy ieten en oernachten op it skiereilân gauris yn ’e lokale pubs. Yn dy pubs, lykas de 180 jier âlde Ashe’s Bar yn Camp, The South Pole Inn yn Annascaul en O’Connor’s Guesthouse oan ’e Brandon Bay yn Cloghane, wie hast alle jûnen wol live-muzyk te hearren. Op sa’n wize haw ik yn july in goede yndruk krigen fan ’e fitalens en ‘libbenens’, ek hjoed de dei noch, fan ’e typyske (tradisjonele) Iersk-Keltyske folkmuzyk.

Eigen draai
Chris Kalsbeek is, nei in pear reizen troch Ierlân, al yn syn jonge jierren besmet rekke mei de basil fan ’e krektneamde muzyk. Hy hat, lykas hjirfoar oanjûn is, ûnderwilens gâns in steat fan tsjinst yn it sjenre.
Op syn jongste album, Friersk (de titel is in gearlûking fan ‘Frysk’ en ‘Iersk’), hat er alve nûmers yn dy styl bewurke en arranzjearre. Hoewol’t Chris Kalsbeek sels, mei syn Ierske harpe, en ’e gastmuzikanten Evertjan ’t Hart (lillepiip en fluiten) en Geert Oude Weernink (lûkharmoanika) méár as dúdlik it Iersk-Keltyske lûd op ’e cd fertolkje, hat Kalsbeek dochs in hiel eigen (Fryske) draai oan ’e nûmers jaan kinnen. Dat hat er dien troch syn fêste begelieders Geert Veldstra (hamboai en mûlharmoanika), Froukje de Wit (sello) en Germ Dikland (slachwurk) letterlik ék in promininte rol spylje te litten.

Humor en literêr ´byt´
Sân teksten út it grutte Iersk-Keltyske lieterepertoire hat Chris Kalsbeek fan Fryske oersettings/bewurkings foarsjen litten. Trije nûmers hawwe in oarspronklik Fryske tekst (ik kom dêr aanst noch op) en ien stik, ‘Reizger’, is in (ynstrumintale) kombinaasje fan in jig en in gavotte. By dat oansteklike dûnsnûmer waan ik my werom yn ’e Dingle Pub te Dingle op sneontejûn 21 july 2018, doe’t The Smoking Badgers dêr de stjerren fan ’e himel spilen!
Chris Kalsbeek is ek in man mei humor. Dat docht bliken út it opnimmen op ’e cd fan it foaral fan The Dubliners bekende nûmer ‘The Sick Note’, dêr’t oersetter Jurjen van der Meer de titel ‘Briefke’ oan jûn hat. It is it fermaaklike ferhaal fan in mitselder dy’t him siik meldt by de baas, om’t er mei in selsmakke konstruksje in bedriuwsûngemak hân hat:

De tonne waard in takel en ik goaide ’m fol mei stien.
It tou dat hie ik ûnder handich om in pealtsje dien.
Mar doe’t ’k de knoop derút die, foel de saak as in blok lead,
en mei it tou goed stevich beet bin ik omheech lanseard.

Earst en meast lykwols hat Kalsbeek in foarkar foar teksten dêr’t literêr ‘byt’ oan sit. Sa brûkt er lietteksten fan Jimmie MacCarthy (‘Ride On’; as ‘Farwol’ oerset troch Gurbe Douwstra); Nathalie Merchant (‘Motherland’), Patrick Kavanagh (‘On Raglan Road’) – as ‘Memmelân’ respektyflik ‘Op ’e Simmerwei’ beide oerset troch Pyt Jon Sikkema – en sels fan Nobelpriiswinner William Butler Yeats (‘Stolen Child’)! Dat lêste nûmer is troch Hylke Tromp ferfryske ta ‘Keningsbern’ en jout ûnder mear dit, foar ien dy’t wolris troch de Ierske bergen swalke hat werkenbere, byld:

Dêr’t doarmjend wetter krinkelt,
foar hichten op ’e rin,
nei puoltsjes dêr’t mar inkeld
ien stjer yn ljochtsje kin.

Oan ’e kar fan ‘syn’, hjirboppe neamde, Fryske oersetters is ek te sjen, dat Chris Kalsbeek foar it heechste nivo gien is. It binne ien foar oar lju mei in grutte namme op it mêd fan it meitsjen fan Fryske oersettings!

Fryslân’ en ‘Ierlân’ byinoar
Wat de kar fan ’e trije oarspronklik Fryske teksten oanbelanget, is Kalsbeek allyksa foar it heechste nivo gien. Friersk beslút mei in part út it grutte gedicht ‘Faderpaard’ fan net ien minder as Tsjêbbe Hettinga. Tsjêbbe syn (postúm) foardragende eigen stim is yn dat nûmer ynspûn yn ’e âlde Fryske folkswize ‘It Dokkumer Klokkespul’, dy’t alderprachtichst spile wurdt op twa bûzûkys en in baritongitaar. De oare oarspronklik Fryske teksten, ‘Langstme’ en ‘Oan ’e dyk fan Keimptille’, binne fan ’e hân fan ´e erkende Fryske literatoaren Fedde Schurer en Marten Sikkema.
Mei syn bewurking fan Marten Sikkema´s ‘Oan ’e dyk fan Keimptille’, hat Chris Kalsbeek my oars in tigen deugd dien! Ut ús kokensrút yn ’e Wjelsriper Polder wei haw ik nammentlik yn ´e fierte útsjoch op ’e ‘smelle griene dyk fan Keimptille’. En ik rin en fyts ek geregeldwei mei myn dierbere oer dy dyk. Jan Slofstra (Roel syn heit!) is de oarspronklike komponist fan ’e muzyk foar dat nûmer. Chris Kalsbeek bringt yn syn arranzjemint fan dy muzyk (mei dêryn ferwurke mandola-, mandoline-, bûzûky-, gitaar- en baritongitaarklanken) ‘Fryslân’ en ‘Ierlân’ op ’en nausten byinoar. It nûmer hat in godlik moaie wize. Ik sil dêrom, as ik wer ris rjochting Keimp(e)tille gean, tenei yn alle gefallen op dy wize foar myn dierbere sjonge it twadde kûplet:

Wy leaven it libben, wy leaven elkoar,
lykas bern dy’t nei dreamelân fleane.
De loft rûze sêft en de wrâld wie klear en hoar
oan ’e smelle griene dyk fan Keimptille.

In soad leafde
Nei oanlieding fan it boppesteande sil it dúdlik wêze: Chris Kalsbeek hat oan alle ferwachtings dy’t ik yn 2006 fan him hie (mear as) foldien! Syn earste Frysktalich album Friersk is in fenomenaal goede skiif wurden en oertsjûget oer alle boegen: tekstueel, muzikaal en produksjoneel. Oan alles is ek te fernimmen dat oan dizze, helder as glês en dochs mei genôch ‘djipte’ yn it lûd opnommen, cd mei in soad leafde wurke is. Troch Chris Kalsbeek séls, mar ék troch syn trije ‘fêste’ muzikanten en ’e trije gastmuzikanten, ynklusyf Gurbe Douwstra, dy’t it wûndermoaie ‘Memmelân’ yn duetfoarm mei Kalsbeek sjongt.
Dizze hjerst en takom winter sil Chris Kalsbeek mei de lieten fan syn jongste album op toernee, de Fryske teater(ke)s bylâns. Dan kin it publyk ek ‘yn ’t echt’ hearre, as wie ’t yn in pub op it Dingle Skiereilân, hoe autentyk en fantastysk oft Friersk klinkt!

Chris Kalsbeek: Friersk (cd); Eigen behear; Ljouwert 2018; www.chriskalsbeek.com

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op