Klaas Bruinsma

It hart mei de wite foet [1]

logo.ensafh
[Ridderroman út ’e Arthur-syklus, hânskrift earste helte 14e ieu]

*

Yn ’t hof fan kening Arthur wien’
de hearen út elkoarren gien.
Dat haw ik jim hjirfoar ferteld.
No hat ús wier de skiednis meld:
doe kaam in jonkfrou en dêr rûn

5

har nei in lytse wite hûn.
Sa gau’t hja yn it hof oankaam
en kening Arthur dêr fernaam,
doe spriek hja, sa’t har lânsfolk sei:
“Dat God omheech jo seingje mei,

10

omt Hy almachtich is en grut.
Hear kening, harkje nei myn wurd.
Hear ’t útstel ta in weachstik oan:
djip yn in moai grien dal is ’t wâld.

15

der leit in grut bosk yn dit lân;
Dat ha jo grif wol yn ’t ûnthâld.
Dat bosk no leit alhiel besletten,
yn ’t dal tusken twa bergen fette.
Offrede is ’t mei muorren heech.
My tinkt, ’t karwei wurdt tige dreech

20

foar wa’t him mei geweld yn wrot,
útsein oan d’ iene kant fan ’t wâld.
Dêr stiet in smelle poartedoar.
Allinn’ op dat plak en gjin oar
is yn dat mânske bosk te kommen,

25

teminsten sa haw ik fernommen.
En yn ’e delling by in stream
dêr stiet sa mannich fraaie beam;
en dêr te wêzen docht jin goed.
In hart is ’t mei in wite foet,

30

dy’t baas is oer dy wetterwelle
en oer it wâld dêr yn ‘e delle.
En op ’e bergen neist it dal
binn’ liuwen, meunsterlik fan stal.
Dy liuwen hâld’ oer ’t hart de wacht.

35

Wiis is wa’t dêr net bliuwt by nacht.
Hja loer’ aloan by nacht en dei.
It soe my muoie, as ik mei
har fjochtsje moast; it binn’ grimmiten.
Dat mien ik wis en wier te witen.

40

Kening, jo ha noch net fernommen
myn reden om by jo te kommen.
Hja dy’t my útstjoerd hat hjirhinne,
is yn har lân de keninginne
en kin gâns ridders kommandeare.

45

’k Ferklearje op myn wurd fan eare,
en sûnder twivel ek: hja hâldt
oer trije foarsten har bewâld,
dy’t ree om har te tsjinjen binne.
mei hier en hûd en har persoan.
Hja blinkt noch moaier as de sinne

50

En nimmen treft yn har ea oan
in grein ûnfoegens, bot of grou.(1)
Hja is in tige tsjeppe frou,
dy’t út in eal laach komme moat.                                             55
En by har kroane hat hja sward
dat hja gjin man ea nimt en trout,
útsein as dy’t har bringt
de wite foet fan ’t hart dat ’k sei.
Dy winne is in heikerwei.                                                         60
Want wa’t de liuw ferslein hat moat,
ear’t er it hart te pakken hat,
dêrfoar in lange jacht jit dwaan.
It hart sil stiif partoer him jaan.
Foar wa’t dit aventoer oandoar:                                              65
sjoch, dit wyt hûntsje sil him foar-
gean op ’e goede wei nei ’t wâld
yn ’t dal, dêr’t neamde hart tahâldt
en dêr’t it dier yn rint almeast.”
Hear Kai sei: “By de Hillge Geast!(2)                                    70
Jonkfrou, jou my dat hûntsje dan,
want ik bin wis de earste man,
dy’t nei dat wâld giet en dêr djoer
syn libben set yn ’t aventoer.”
De jonkfrou wie sa bliid en bras,                                          75
hja liet de hûn dus op dat pas
yn ’t hof benefter by hear Kai.
Mei fleurich sin gong hja op wei.

De oare moarns foar dei en dage,
dus ear’t de jonkfrou wer opdage,                                         80
doe wie hear Kai nei ’t hof al kommen.
Want jim ha grif al lang fernommen,
dat hy en ’t hof net poerbêst koene.
Mar no wie hy mei ’t hof fersoene.
De keninginne hie fan herten(3)                                             85
foar him wer fred’ en freonskip sletten
mei Arthur en hear Walewyn.
Sa wied er op ’t toaniel ferskynd,
wylst er it hûntsj’ út hôf meinaam.
Doe’t er de oare deis wer kaam,                                         90
doe heard’ er earst de miss’ yn free.
En dêrnei riste hy him ree
mei wapens en ried resolút,
en ’t hûntsje rûn rap foar him út.
Kai folge fluch him efternei.                                                95
Sierlik en helder wie de dei.
De fûgels songen yn de loft
en op ’e grûn yn grutte kloft.
’t Wie tsjin de middei, wylst er teach,
doe’t Kai de streamrivier dêr seach,                                  100
dy’t tige djip wie en hiel breed.
Hy moast oer dy rivier fan need,
en koe neat oars gewaar dêr wurde.
It hûntsje socht net om in furde,(4)
mar as in ein troch ’t wetter swom.(5)                                105
Doe kearde Kai de leie om(6)
en ried er wer nei hûs syn paad.
It hûntsje swom kalm en bedaard
fannijs wer oer it wetterwiid.
Sa waard it tusken beid’ in striid.                                       110
Mar doe’t er seach, ’t dier kaam retoer,
doe waard hear Kai yn ’t hert oerstjoer,
hoe’t hy him aanst ûntskuldgje koe.
En doe betocht er ’t plan, hy soe
mei ’t swurd de kop slaan fan de hûn,                                115
en sizze, ’t bist wie him ûntrûn.
Kai krige frijwat argewaasje;
hy helle net mei avesaasje
’t bist yn; joech hy syn guds de spoar,
dan rûn de hûn noch altyd foar.                                          120
En sa sliet hy de dei alhiel,
oant er wer seach it mânsk kastiel,
mei ’t hof fan kening Arthur myld.
Doe liet hear Kai tryst efter ’t skyld
de holle hingje, út ’e blâns.                                               125
Hear Walewyn kaam by him lâns,
dy gniisd’ en sloech mei Kai de spot.
Mar Kai ferwarde him: “By God!
Ik wie noch net sa fier op paad,
doe’t my – dêroer bin ’k opsternaat –                              130
oerfoel in tige swiere sykte.
Ik moast tebek, want ik beswykte.
Fan need doarst ik net fierder; ’k swarde,
ik wist net wat der mei my barde.”

Hjir staak ik earst ’t ferhaal fan Kai                                 135
en diel oer Lanselot wat mei:
’t Ferhaal fertelt ús fierder, dat
koart dêrfoar wie hear Lanselot
yn ’t hof fan kening Arthur kommen.
Dêr hat er dit berjocht fernommen.                                  140
Doe sei er kalm, net opsternaat:
“Myn earewurd, ik gean op paad
en folgje dizze hûn yndied!”
Hy rôp syn paazje fuort en liet
syn wapens bringe, en hy repte                                       145
him fûl, omdat er graach beskrepte
troch ’t ûndernimmen ear’ en lof.
En sa ferliet er ’t keningshof.
Hy wie sa fleurich en sa blier.
No wie it yn de tiid fan ’t jier,                                        150
dat op it lân stie bloeiend nôt.
Al sjongend ried hear Lanselot
yn telstap, stadich net, noch rêd.
Syn geast en tinzen wisten net
it plak en eindoel fan syn reis.                                      155
Mar wêr’t de hûn nei ûnderweis
wie, is er daliks hinne set.
Dat haw ik wiswier sizzen heard.
Hy hold him net oan strjitt’ of wei
mar ried de hûn fuort efternei.                                      160
Hy hold gjin skoft en hat net drôge,
oant hy de griene delling skôge.
By dy rivier kaam Lanselot.
Dêr seach er, dat it hûntsje fuort
yn ’t wetter sprong en swom syn wei.                          165
Doe folge Lanselot him nei
en joech syn guds de losse team.
Dryst stoartte hy him yn de stream
en ried dwers troch it wide wetter.
En op de oare igge sett’ er                                          170
him del yn ’t gers, dat dêre stie,
en wachte oant er droech wer wie,
sawol hy as syn hynder eal.
Doe skikt’ er op it hoars syn soal
en dapper sprong hear Lanselot                                   175
dêrop en jage nei it wâld.
De tocht wie langer as myn skriuwen;
dat kinne jo fan my wol leauwe.
Sa ried er fierder en hy teach
nei ’t wâld, dat lang om let hy seach.                            180
Hy wie jit net by ’t poartsje kommen,
of de liuwen hiene ’m al fernommen.
Hja foelen op him oan ferheftich.
Daalk warde hy him dryst en krêftich
tsjin dizze liuwen mei syn swurd,                                  185
en hy bestried de meunsters hurd.
Dêr wei in sântal liuwen doe.
Ik kin jo sizze ’t het en hoe,
as jo ’t ferhaal dêrfan begeare.
Der hie in ridder west alearen,                                     190
dy’t trije liuwen deaslein hie.
Hy hie him ward sa’t nedich wie.
Dochs waard er op it lêst ferslein;
ferlear er ’t libben yn ’e ein.
Ik sis net: ’t wie krekt sa en sa,                                    195
mar lykas ik ’t fernommen ha,
sa wurdt it jimme hjir ferteld.
Ridder Lanselot, dy fikse held,
sloech op ’e liuwen yn fûlbandich,
dy’t wreed him wienen en fijandich.                             200
Hja wien’ net mijen en net hoeden.
En Lanselot sloech wyld yn woede
fûl om him hinne yn ferwar.
Doe krige hy dêr op syn bar
wol trije wûnen, gapjend wiid.                                     205
It waard slim tinken mei de striid.
Geweldich waard doe syn ferset.
Hy seach wol, oars koe ’t langer net
sûnder ’t ferliezen fan syn eare.
Hy koe net mear werom noch keare                            210
of flechtsje, as it moast, foar ’t kwea.
Dat hy sloech daliks trije dea.
Ek d’ oare fjouwer wienen wreed
en dienen him gâns lêst en leed,
omt elts him felle tsjinstân joech,                                  215
oant hy har allegear fersloech.
Doe lei elts bist dea op ’e grûn en
hear Lanselot klag’ oer syn wûnen.
Dochs tank’ er God ek foar de [wurd net te lêzen] dat er lykwols yn libben bleaun wie,                             220
tsjinoer dy felle liuwekloft.
Hie hy net sterk west om t’ oerwinnen,
dan hie er ’t net oerlibje kinnen.
Doe rûn er nei syn wachtsjend hynder.                         225
De fuotten yn de bûgels wynd’ er.
Al wied er wûn’ en wurch, mei faasje
sprong hy op ’t hoars; mei avesaasje
ried fierder hy nei ’t wâld no ta.
Syn ûngemak tamptearre ’m sa.                                   230
Hy hearde folle fûgellûden.
De swietrook fan it blomt en krûden,
dy’t machtich wienen yn dat wâld,
joegen syn hert wer rêst en hâld.
Hy ried foarút en hinn’ en wer                                     235
en mannich stimme heard’ er dêr
fan fûgels, dy’t him goed bekamen
en foar in part syn smert ûntnamen.
Nei alle kanten hat er gûke.
Under in nagelbeam syn tûken                                     240
seach er it hart, dat rêstich wie.
Hear no wat Lanselot doe die.                                     242

(Tenei mear)

Noaten:

  1. dorperheit = boerskens, fl. villainy
  2. Hear Kay is in spotter en swetser
  3. Gwiniwier is Arthur syn frou
  4. voorde = doorwaadbare plaats (gewat)
  5. Ende vloech over alse een vogel!

mar ferlykje 108, 109

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op