Kollum Eelke Lok: Ypie en Sjoeke

logo.ensafh

Ferline wike wie’k by in wylde boerinne. Nee, net ien of oar geil frommis út de greide, mar in sjongstik yn Drylts. It spilet fannewike noch, mar at jim gjin kaarten ha, kin jim der net hinne. Dy bin útferkocht, alle 9 kear. Dus ik fertel jim it ferhaal mar efkes. Makke nei oanlieding fan in boek fan Teatse Eeltsje Holtrop. Dy libbe om 1900 hinne.

Hy skreau yndertiid oer in boerinne, dy’t widdow waard. Se woe doe net mei de âlde buorman boaskje. Dêrom moast se fan him rjocht fan reed betelje om by har kij te kommen. Dat ferdomde se. Mar doe’t se dea wie, moast de kiste dat paad dochs lâns. Sa wûn dy âlde boer fan jonge widdow. Hy hie de stipe fan de boargemaster, dûmny en de roddeljende mienskip, dy’t de boerinne wyld neamden.

Lês fierder by Eelke Lok

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *