Klaas Rusticus

Plysjebesite

logo.ensafh

Ien bernepornoplaatsje kin liede ta oanhâlding.
Ik lit no yn my omgean en hingje myn hiele assortimint oan gleonensoanfiterjende byldliteratuer efter de ruten oan de eastside fan myn wente, sadat net allinnich de learlingen fan ’e R.K.-basisskoalle St. Aloysius, mar ek it ûnderwizend personiel en letter de fertsjintwurdigers fan de Meisizzenskipsried, de Underwiisynspeksje, it Komitee Lûdoerlêst Skiphol en it Produktskip Fee,
Fleis en Aaien der ûnbedimme kundskip fan nimme kinne. Benammen fan it wurk fan Klimt, Schiele, Sturges, Balthus en von Gloeden, de soan fan ’e Dútske Kaiser.

As dan nei gâns in skoft de hearen Herman Dad oan ’e doar ferskine, sil ik sizze: ‘Kom jongelju, opdonderje. Gean te boevefangen.’ En se sille gean. Sa’n fiif minuten letter lykwols sil op ’e nij skille wurde en ien fan de hearen Dad hymjend en blazend foar de doar stean.

Hy hjit fan Bruce Davenport, ik skat him sa’n fjouwerentritich jier en hy sjocht hieltyd teglûp efterom. Dan lústeret er: ‘Hawwe Jo net noch earne in pear foto’s fan dy jonge út Berlyn, dy Manuel Schadwald fan in pear jier werom? Foaral foar guon fan myn kollega’s. Dy fan doe’t er sa’n tolve jier wie, dy dogge it folle en folle better as dy fan no. En ferkeapje kinne jo se ek: se dogge somtiden wol twahûndertfyftich de foto.’
Ik antwurdzje: ‘Gean fuort Davenport, sjoch datst weiwurdst. Soksoarte foto’s haw ik nea hân en no haw ik dy ek net. Smoarge ferrieder, my sa yn ’e fûke...’ Dan begjin ik te sjongen: ‘Syn Namm’ moat ivich d’ eare krije!
Davenport syn antlit lûkt wei, hy draait him om en snaut my yn it fuortgean ta: ‘Wachtsje mar, do goare, smoarge kommunist, wy fine wol wat. Fan ús bisto noch net ôf!’ En hy flibet mei krêft tsjin it finster.
Dan spurt er fuort en wurdt it stil op strjitte.

De bline oerbuorman giet nei it grêf fan syn heit.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op