Piter Boersma

Teleks: Oprop om ferhalen en essees te skriuwen

logo.ensafh

It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.

Wy sille dat nûmer as de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meijaan. Wy referearje dêrmei oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Fryske proaza wurdt sa stadichoan in geheim.

Wy nûgje proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren. Dat kinne teksten wêze fan 1000 oant 2000 wurden. It stiet jo frij, mar foar in bydrage oan dit nûmer soene jo faaks útgean kinne fan it tema, ‘It geheim fan Fryslân’. It soe ús tige oanstean as wy yn dat nûmer in moai ferskaat oan nij Frysk proaza publisearje kinne.

Wat de essees oangiet nûgje wy jo út om jo idee(ën) op papier te setten oer de mooglike oanpak fan de soarchlike situaasje dat de merk foar Fryske boeken sa krompen is.

De ynstjoering slút op 20 novimber.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Teleks: Oprop om ferhalen en essees te skriuwen

  1. De tsien (!) redaksjeleden fan ensafh dogge in oprop oan de oare tsien Fryske skriuwers om proaza yn te stjoeren, Wêr moat it oer gean? Oer dat der te min nijsgjirrichs skreaun wurdt. Ik ha in idee. As dy tsien redaksjeleden no ôfprate dat se tenei net inkeld redaksjesitte mar ek skriuwe sille, dan kinne dy oare tsien skriuwers wer moai har eigen gong gean en hoege se net mei te wurkjen oan it feilichstellen fan de provinsjale subsydzje foar ensafh. Deal?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *