Marcel Plaatsman

In ferskûle ferskaat

logo.ensafh

Yn myn deistich libben soe ik tekstskriuwer wêze, wat eins mar in nuver wurdsje is en ek in nuver berop, want it komt der op del dat ik in grut part fan ’e dei op Twitter sit, yn plak fan hurd te wurkjen. Dêr (op Twitter dus) lies ik fan ’e wike dat in Belch, Kris Kuppens, yn De Morgen skreau dat er nei de siken hapte nei’t er Antwerpske lûden hearde op ’e telefyzje. Dat skreau er yn in kollum foar dy krante. Dat it wie him sa wichtich, dat happen nei de siken, dat er dêr in kollum oan bestege.

No haw ik yn myn libben in protte Antwaarps heard, ik kin noch wol begripe dat ien dat dialekt net sa moai fynt, want dy lûden binne wol hurd (foaral dy a, dy’t in bytsje tusken Ingelsk en Nederlânsk in stiet). Bredero wie ek gjin fan. Mar myn tinzen giene in oare kant út, ik krige it ynienen oer diversiteit en fûn doe al gau út dat diversiteit yn it Frysk fan ferskaat hjit. Mei leafde foar ferskaat hat myn leafde foar it Frysk fan alles te krijen en mei dy leafde kin ik sels it Antwerpsk noch wol lije. Kris Kuppens net.

Fansels hâldt Kuppens yn syn kollum in slach om ’e earm. Hy wol it ek net te hurd bringe allegear, de lêzer moat witte dat Kuppens gjin dialektbestrider is. Hy fynt allinnich mar dat Antwerpsk net samar op ’e telefyzje moat; dêr soe it standerttaal wêze moatte, en dy is in België in soartemint Hollânsk mar mei in oar aksint. Kuppens mei der om my sa oer tinke, hy docht der gjin kwea mei. Mar by ús, yn Nederlân, soe er sa’n muoite net dien ha om de lêzer te oertsjûgen fan syn latinte dialektfreonlikens. Dêr kin ien wol ta mei allinnich mar kleien oer sok taalferskaat. Dat waard wol dúdlik nei’t der yn Ik vertrek in Frysk gesintsje portrettearre waard, dat ûnderinoar Frysk prate, net iens tige geef. De reaksjes op Twitter en ûnder it filmke op YouTube wiene net fan ’e loft. Dat dy minsken gjin ABN prate, no!

Dit skriuw ik fansels yn in Frysk tydskrift. Ik sil hjir net gau ien foar de fuotten rinne mei te sizzen dat ik wol oer mear taalferskaat mei. Mar it giet my net allinnich om Frysk. Ek oare dialekten, sels Antwerpsk, fertsjinje om my in plak in it diversiteitsdebat dêr’t de lju op Twitter har sa graach yn ferlieze. Dy talen en dialekten binne yn dat debat in ferskûle ferskaat. Dêr is mear omtinken foar rassen, dêr’t ik eins net fan leau dat dy besteane, as dat der omtinken foar talen en dialekten is. Oer dialekten mei ien wol sizze dat se him nei siken happe litte, dat in oar se net prate mei, dat der mar ien taal wêze kin (“ABN”), dat it net oars is en ek net wêze mei. Dat kin oer eat oars net samar sein wurde.

It is nuver genôch net sa, dat it talich ferskaat fan Nederlân of Jeropa sûnder polityk oanbelang is. Yn it ûnderwiis stiet it Frysk der bygelyks net sa geweldich foar, dêr is it nedige al oer sein. Ek oar talich ferskaat hat minne perspektiven, in protte Nederlânske dialekten wurdt fan sein dat se útstjerre sille, en sa binne der ek oare talen en dialekten in Jeropa. Dat ferskûle ferskaat soe krekt it ferskaat wêze moatte dêr’t om ’t hurdst oer debattearre wurdt, mei foar de aardichheid dan oan ’e iene kant in komplottinker dy’t it ûnderwiis it domein fan âlde wite Hollânske manlju neamt en oan ’e oare kant dan in kleurich webloch dêr’t op sein wurdt dat soks links praat is. Mar it liket der eins mear op dat wat ik hjir no skriuw as rjochts beskôge wurde sil.

Oer polityk bin ik oars net sa útsprutsen op Twitter. Ik hâld it leaver by wat links nei myn publikaasjes oer it Tesselsk, it dialekt fan myn famylje, en as it kin ek nei dizze publikaasje yn it Frysk. Mar dêr komt nea in debat fan. Sels leau ik ek wol dat myn wurk foar it Tesselsk in soarte fan útfeart is, in earbetoan. Dat doch ik dan mar yn it stille part fan Twitter.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *