Henk Nijp

Dykmiel

logo.ensafh

Doe’t ik de bocht om kaam seach ik se fuort al, midden op ’e dyk. Op it plak dêr’t lang lyn in wite streek sitten hie. Drok hipten se der om. Eins wat nuver, want meastentiids toarkje se heech yn ’e beam om mei in protte kabaal, skite de dyk wyt of fleane ûnferskillich wat hinne en wer. Der soe wol wat te rêden wêze.

Ik wie ûnderweis om myn rûntsje te draven. Kalm oan hjoed, ik hie it wol oan tiid. Doe’t ik tichterby kaam makken se gjin oanstalten om fuort, sterker noch se hiene neat yn ’e gaten, of woene my net sjen. Doe’t ik op sawat twa meter wie fleagen se alle fiif, mei tsjinsin en wat lilke lûden, nei de earste de bêste tûke. It wie krekt oft se in hiel skoft neat hân hiene; mei ynmoed hiene se omhaffele yn wat in hazze west hie. Teminsten dat tink ik, sa goed wie dat net mear nei te gean. Der siet kop noch sturt oan en hiel farsk wie it ek net mear. Mar plat wie it wol; it hie ek samar in kwytrekke bestelling fan ‘Thuisbezorgd’ wêze kinnen.

De roeken sieten ûngeduerich te wachtsjen oant ik ûnder dy beam troch wie. Ien gong it grif net hurd genôch en sylde my krekt by de holle lâns, werom nei it feestmiel. De oare fjouwer kamen der fuort achteroan. Doe’t ik even letter omseach sieten se al wer midden yn it diner. It haffeljen en hippen gong gewoan troch. In ferfelende ûnderbrekking hie ik west, mear net.

Ik wie al wer in moai ein fierderop doe’t ik ynienen achter my in ferheftich toeterjen hearde. Doe’t ik omseach koe ik noch krekt sjen hoe’t it groepke roeken sloarderich opfladdere. As dat mar goed gien wie… De auto fleach my efkes letter foarby. It lûde dreunen út ’e speakers dat ta de iepene rútsjes útkaam paste folslein net by de omjouwing. Mar dat wie gau oer, de wein hie faasje genôch en ferdwûn rap út it sicht.

Nei noch in pear kilometer kaam ik by myn draaipunt en gong ik itselde paad werom, mar oan de oare kant fan ’e dyk. Der wie genôch te sjen en te hearren ûnderweis, dat it foarfal mei de roeken wie al wer wat nei de achtergrûn sakke. Doe’t ik it picknickplak op ’e nij yn byld krige, seach ik dat de fûgels noch lang net sêd wiene.
Mar der wie al wat feroare; it miel wie sa mooglik noch platter as op ’e hinnereis.
Dy racewein wie der grif domdryst oerhinne walst of oars hie in trekker it itersplak net ûntwike kinnen. It smakke de fûgels der net minder om. Se wiene der alle fiif noch like drok mei. Om’t ik no oare kant dyk rûn namen se net mear de muoite om op te fleanen, se seagen net of op om en frieten gewoan troch.

Ik makke it rûntsje fierder ôf, de eintiid foel my net iens ôf. En nei it dûsen koe ik fuort oanskowe. Wy krigen hjoed pizza.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *