Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (15)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Dokter Kuipers

Ik brek wer efkes yn, wat it ferhaal oanbelanget. De ôfrûne dagen haw ik it steapeltsje brieven foar de safolste kear lêzen, en, fansels, myn oantekenings útwreide. De grize giet my hieltyd wer oer de grouwe. Ut de foarige blogkes, distillaasjes ommers fan de weromfûne brieven, werjûn as wie it fiksje fanwege de lêsberens, hat wol bliken dien dat, wat seksualiteit oanbelanget, Douwe mear op manlju ynsteld wie, en Simke har foarkar nei froulju útgie. Guon wittenskippers hiene dêr al sawat op doeld, mar wy hawwe no bewizen.

Om jim, leave lêzers, ta te rieden op in ek wol hiel ûnwierskynlike, grouwélige, mar al essinsjele ûntwikkeling yn de ferhâlding tusken Simke en Douwe, nim ik jim werom nei de jierren 1900 en 1901. Yn 1900 rekke Simke yn ’e kunde mei in al wat âldere húsdokter, te witten dokter Jan Kuipers. De beiden hawwe inoar nei alle gedachten by in muzykútfiering yn Grins foar it earst moete. Kuipers, frijwat swierlivich, hoarnen bril en snústerich yn ’e klean, rekke folslein yn ’e ban fan it kreaze, muzikale en keunstsinnige famke. It rûn út op in ferloving, dy’t yn 1901 al wer útskuorde. Simke har mem mocht de medikus mar min lije, se fûn Kuipers mar in fiis âld mantsje dy’t mei syn klauwen fan har Simke ôfbliuwe moast. It feit dat dokter Kuipers nei it aaklike Holwert ferhúzje woe om dêr in nije praktyk op te setten, en Simke ommers in bern fan ’e Wâlden wie, siet sawol mem as dochter dwers. Koartsein: de ferhâlding rûn op ’e non. Der hat dêrnei, sa’t ik útfûn haw, sawat ien kear yn it jier, in brievewiksel west. Kuipers waard in grut bewûnderer fan Simke har poëzij, en benammen letter ek har proaza. Hy die ek wolris suggestjes, wat har histoaryske romans oanbelanget.

*

Simke en Douwe hawwe it ien kear besocht, de seksuele died. It wie yn ’e maitiid fan 1918, yn Twizel. De ‘literêr saakkundigen’ jouwe benammen Kalma de ‘skuld’, mar it lei likegoed oan Simke dat der net folle fan de kopulaasje op ’e hispel kaam. Der siet gewoan net folle frouljus- respektivelik manljusfleis oan de twa Fryske literatoaren. Yn de rin fan it healslachtich besykjen ta seks moat Douwe lykwols dochs ejakulearre hawwe, want nei in skoftke waard Simke net mear ûngesteld.

Gjinien hat it witten dat Simke swier wie, útsein har tsjinstfaam en… dokter Kuipers, dy’t se daliks yn panyk skille hie. Kuipers wie in grut tsjinstanner fan abortus, en prate dat idee Simke út ’e holle. Der waard in oar plan betocht.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7
Diel 8
Diel 9
Diel 10
Diel 11
Diel 12
Diel 13
Diel 14

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *