Lomme Schokker

Kursus swartepytsje

logo.ensafh

Grif in aardige keardel, ús dosint, hoewol’t syn puntburdsje ûnderoan it meager en skriel gesicht fol krommels sit. Syn tafel leit besiedde mei sellofaan-omwuolle sûkelarjeletterkes en oanbrutsen pakken sinteklaaskoekjes.
Der binne mar twa kursisten. Rjochts by it rút sit in frou dy’t har bekend makket as Rideltsje Rymstra. Op it boarst hat se in button mei de tekst I Love Swarte Pyt, op har tafeltsje leit in pûde dúmkes. Foar har oer sit de swarte man. As wy mei-inoar fûstkje stelt er him foar as Marcello Witmarsum fan Suriname. Op syn tafel in soad boeken en dêr boppe-op twa lytse posters mei de tekst: Swarte Pyt kin net.

Ik moat oanskowe op gesach fan de rjochtbank om’t ik net allinne al twa wike in kursus Spaansk folgje, mar ek om’t myn harsens tefolle ferweke binne fan it nachts en deis lêzen oer Fryske koma-korrektors, sportmannen, aswega’s, puzelmannen, hierbakken en hielmasters, trekkers, testaminten en net te ferjitten in samling fan de wietste poezen. Neffens de rjochters bin ik sadwaande de meast gaadlike sidekick fan de ferneamde kursusjouwer.

‘Me llamo Don Quichot,’ seit er. ‘En ik lis myn kaarten iepen op tafel. Ik bin hjir net om jimme âldfrinzich Spaansk te learen, mar om op fersyk fan de rjochtbank út Spaansk histoarysk optyk wei de sosjologyske, psychologyske en etnokulturele betsjutting út te lizzen fan Swarte Pyt en alles dat der om hinne hinget. De rjochter wol dat jimme better begryp foar inoar opbringe.’
‘Kom mar op,’ seit frou Rymstra gefjochtsklear, ‘wy hawwe fierwei de âldste rjochten.’
‘Mar wy hawwe de moraal fan it ferhaal,’ glimket Witmarsum, ‘en dat weacht it swierst foar ús gewisse. En it gerjocht fansels.’

No moat ik wat sizze. Ik sil der op ’t lêst goed foar betelle wurde en ik ha dat jild al trije kear útjûn.
‘Foar my is dizze kursus slagge as jimme mei-inoar in draaiboek meitsje foar de sinteklaasyntocht fan takom jier, sûnder inoar mei de boeken of mei de klompen dy’t dêr by de doar steane de kop yn te slaan.’ Marcello en Rideltsje sjogge inoar oan en moatte beide laitsje. Moai sa, se hawwe al in mienskiplike argewaasje en dat skept in bân no. Stap ien yn el proceso de mediación.

Bûten ride hûnderten auto’s al mar oan rûntsjes om it Frysk Museum, fierderop steane aardich wat bussen dy’t gjin kant mear út kinne en sitte folkslietsjongers al dagen op hege peallen mei pompeblêden te swaaien. Dat Don Quichot samar yn ús knettergekke kulturele mienskip stappe wol mei wier in wûnder hjitte.

It giet oan. Sûnder wat te sizzen set er guon letters rjochtop. Wy lêze ‘MOLINOS DE VIENTO’ en hy toant ús ek de foarkant fan syn alderlêste sinteklaaskoekje.
‘¿Qué significa para ti: molinos de viento acometer?’
Marcello waait him mei beide posters wat wabberwyn ta en frou Rymstra set tsien dúmkes rjochtop foar har del om it earste op te iten. Dêr bin ik foar op de wrâld skopt.
‘Wat betsjut it foar jim persoanlik,’ freegje ik beide betûfte kaartlêzers, ‘om te fjochtsjen tsjin wynmûnen?’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *