Hidde Boersma

De Enigmatysk Ferljochte

logo.ensafh

Yn ’e âld learen stoel mei in kop kofje yn ’e hân sit ik omjûn troch de dichtbondels fan Cornelis van der Wal en in stikmannich jonge magneten, myn soan fan fjouwer en syn maten, te aventoerjen yn ’e skedelkosmos fan it Mantsje, Knilles, Kees, Cornelis. Wat in sûnderlinge krusing tusken in aap en in preester is dy Fryske dichter dochs.

Yn syn lêste bondel Wolf yn harnas sprekt er oer stjerren en planeten, it doarpke Betlehim, lilke wyn en fersûpe lykas foarsein; oer swalkers, boargers, pommeranten, de kont fan de ridder en it glydzjen fan soppige parren yn de mar; oer baarch bret yn beppe’ boerebûter, mei ierappels, soere stip en slaad; oer brânoffers, triljend fruit, skerpe tosken, god en satan; oer ûle, mûs en marter; oer ûnderwerpen en ek dingen. Lykas it Orakel fan Dokkum liket er in soad fan te witten. Al is er ek beskieden.

Bûten is it geheim, mear wit ik net.
Ik wit ek net alles, dêrom binne der oaren.

Yn syn gedichten stekt dizze monk yn habyt, dizze Fries mei koarte poatsjes en fizioenen enigmatyske ljochten op.

De rêch fan it âld mantsje is sa rjocht as in soldaat,
hy sjongt mei sinnestriel as stôk de strjitte op en del.
As kompas stjoert er oare minsken graach ferkeard.

Is it gûcheljen, magy of fantasy? Yn it fers ‘Sybearysk mearke’ lêze wy:

Fûgelbloed yn ’e snie rûn gear ta in rare tekening, // it like wol in magysk amulet. Letter, … / …, bûgden tinne beammen har ferbjustere oer / de tsjustere symboalen.

Der driget betsjutting yn it stal fan de barrende matearje. It dekôr is somtiden frijwat sinister, as yn de ferhalen fan Lovecraft. Katten blaze, stiennen blaffe, wite fûgels strike del op ferskûle skouders. Der binne mysterieuze krêften yn it spul. De fraach is oft dat fan belang is, want yn it gedicht ‘JK, in krystgedicht’ liket al dat wiggeljen en foarsizzen sinleas dekoarum as it gedicht beslút:

It berntsje lykwols sei: ‘Ik bin it ljocht. Sa is ‘t en net oars.’

Fleurich de blues
De bondel hat de titel krigen fan it gedicht op side 35. Dat is in koart gedicht.

Wolf yn harnas

Hy sjocht de wolf en glimket.
Yn harnas gûlt it grize dier.
Ut syn eagen rint de inket
troch syn pin op it papier.

It gedicht liket my in selsportret ta. Hy is fansels sels de wolf. Hy glimket om syn mankelike gûlen. Hy hat de blues en rekket dêrfan yn ’e sûs. Hy is op ’e dolle rûs, mar hy wol nei hûs.

Tinker yn Heidelberg

Ik wie ris mei fakânsje yn Heidelberg
en hie de wike dêrfoar tefolle sûpt, dat
kaam de Heiligenberg amper op.

Sa bedarre ik op in wurch bankje
oan de Philosophenweg, dêr’t Hölderlin
eartiids kuiere, hy wie doe noch net gek.

Ik haw dêr ek rûn, mei koarte poatsjes.
Net as filosoof, mar as Frysk dichter.
Ik tocht allinnich mar oan myn sike kat.

Cornelis van der Wal hat fleurich de blues.

Gjin pine mear.
Aaien rôlje fleurich oer it iis.

Foet yn dizze wrâld
Al preket Cornelis van der Wal meast út in oare wrâld wei, hy is slim ferbûn oan dizze. Yn it gedicht Sport fantasearret it mantsje fan sterke spieren en brede skouders, sadat er de ‘lytse genipige kritikus’ de tagong ta it Boekefeest behinderje kin.

De dwerch rûgele del by de betonnen trep,
sok folk fertsjinnet it tsjil fan de lêste trein.

It is in weromkearend aspekt yn syn wurk om lju út it Fryske publike fermidden as personaazjes op en om te bringen. Yn de novelle Kening Kees moast de eardere kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans it ûntjilde. Dy krige it yn syn harsens om 500 jier Provinsje Fryslân te fieren. Grutte Pier draait him om yn syn grêf! Wy binne frije Friezen, kom no!

Cornelis van der Wal is net samar in dichter, mar in Frysk dichter. It mei dan ek gjin wûnder hite dat krekt op syn skoat in foto rûgele út de âld bibel fan Obe Postma.

Obe Postma hie in fyts

Obe Postma hie in fyts dat stiet
net yn de boekjes. Teake en Flippus
wisten fan neat mar in foto foel

út in âld bibel op myn skoat.
Hy siet wat bryk op it hege seal,
puntburdsje wipte yn ’e wyn

Wat in hearlik gedicht is dat. Dêr moatte je dochs breedút fan glimkje!

Cornelis van der Wal
Wolf yn harnas
Hispel, Wiuwert 2016
ISBN/EAN: 978-90-74516-24-2
Fekeappriis: € 12,50

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *