Ken Ho

Hongkonger wol rjochtfeardigens foar Fryske sustertalen sa as it Skiermûntseagersk

logo.ensafh

Swijend oanskôgje ik de griene greiden bûten Ljouwert, ik skilderje it moaie lânskip fan Fryslân yn myn holle en azemje de skjinne loft djip yn.

It grutte ferskil tusken Hongkong en Fryslân

Yn myn bertestêd Hongkong hat de yndustrialisearring it gea ferrinnewearre; de loft, de grûn en it wetter binne fersmoarge en de drokte fan de minsken makket my wyld. Hongkong is in opjage stêd. Al betsjut Hongkong letterlik ‘de lekker rûkende haven’, fanwegen de fersmoarging is it dat al lang net mear.

It slimste is noch dat de minsken yn Hongkong gjin tiid foar elkoar hawwe, buorlju elkoar net kenne en begroetsje, en elkenien byinoar lâns libbet. Boppedat is de maatskippij yn Hongkong tige fijannich tsjinoer it yndividu dat himsels ûntwikkelje wol en himsels op in sûne wize ferbine wol mei syn omjouwing: syn famylje, syn buorlju en de natuer.

Dêrom kom ik ta rêst as ik yn Fryslân bin. De Friezen binne golle minsken. Ik genietsje derfan as se mei my in petear oangeane en it liket as ha se foar my alle tiid fan ’e wrâld.

It minsklike dat ik mis yn Hongkong fyn ik werom yn Fryslân en ik fiel my dêrom yn Fryslân op myn gemak. Ik bin dan yn in oare wrâld. It liket wol as sit ik op in oare planeet as ik yn Fryslân bin.
De ûnminsklike en aaklike kanten fan Hongkong steane no fier fan my ôf wylst ik my hielendal op myn talestúdzje rjochtsje kin.

Ik bin hjir nammentlik net allinne kommen om de rêst fan ’e natuer en de aard fan ’e minsken, mar ik bin nei Fryslân kommen mei in heger doel.

Myn heger doel yn 2018 wie: It ûnmooglike bewize mei it Skiermûntseagersk

It Skiermûntseagersk fan ’e ûndergong rêden
Ik woe tegearre mei Dyami Millarson de bedrige taal fan Skiermûntseach fêstlizze en rêde.

De taal waard noch mar troch sa’n tweintich minsken sprutsen. Skiermûntseach hie 946 ynwenners neffens statistiken fan 2017. Dat betsjutte dat mar sa’n 2% fan ’e befolking de taal noch goed yn ’e macht hie. Wy woene de taal in útwei jaan, sadat dy noch oerlibje koe. It sels learen fan ’e taal fan Skiermûntseach wie de oplossing.

Der waard foarsein dat de taal fan Skiermûntseach gau útstjerre soe. Men gong der gauris fan út dat it útstjerren fan it ‘Skiermûntseager dialekt’ ûnûntkomber wie.

‘Fêst feit? Wis net!’ Dat tochten wy by ússels en dêrom fûnen wy it wichtich om de minsken sjen te litten dat de foarsizzing fan it ûnûntkombere útstjerren fan it Skiermûntseagersk net útkomme soe. Der kin wol wat dien wurde, en wy hawwe gewoan sjen litten hoe’t it moat! Gjin wurden, mar dieden.

It Skiermûntseagersk is bygelyks gjin dialekt, oars soe it maklik west hawwe om te learen. Yndie is it dreech om Skiermûntseagersk te learen, omdat it in folweardige taal is. Men kin der ommers alles goed yn útdrukke. It probleem is earder dat de minsken derop delsjogge en it net as in folweardige taal wurdearje wolle. Sadwaande is it útstjerren as fansels in selsfersterkjende en selsferfoljende winsk.

Fryske streektalen as sustertalen fan it Standertfrysk yn Nederlân
Gelokkich biedt ús projekt hoop oan bedrige sustertalen fan it Frysk yn Nederlân. It is in nij perspektyf op de trije lytse Fryske sustertalen dy’t yn Nederlân sprutsen wurde.

Taalkundich sjoen, stiet it Frysk net allinne as Anglo-Fryske taal yn Nederlân – dêr binne Dyami Millarson en ik troch ús ûndersyk nei it learen fan ’e lytse talen efterkommen. Der binne noch wol mear Anglo-Fryske talen, dat wol sizze mei it Ingelsk en Frysk besibbe talen, yn Nederlân.

Mei trije susters – nammentlik it Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk – stiet it Frysk sterker as allinne, en dêrom is it fan grut belang om bewustwêzen oer dy lytse âlde Anglo-Fryske talen yn Nederlân te kweekjen ûnder de minsken. Dat bewustwêzen oer de sustertalen fan it Frysk sil meihelpe by it behâld fan it Frysk. Mei-inoar is men ommers sterker as allinne.

De allegory fan de gielsyskes
Der kin in protte leard wurde fan dy lytse Fryske talen, ûnder oare hoe’t men it Frysk fan ’e ûndergong of efterútgong rêde moat. De lytse susterkes fan it Frysk binne lykas lytse gielsyskes dy’t de mynwurkers earder brûkten om te sjen oft de loft te giftich waard foar de grutte minsken. De gielsyskes wiene in warskôging foar de mynwurkers: As dy dea geane, dan moatte de mynwurkers gau fuort om har eigen libben te rêden!

Dy gielsyskes wiene dan wol de earsten om te stjerren, mar harren stjerren wie in warskôging sadat in protte oare libbens rêden wurde koene.

Fansels hoopje wy as minsken dat it nea sa slim wurdt; elkenien wol fansels dat de gielsyskes net deageane, en fansels moatte de suskes fan it Frysk ek net deagean! De lytse talen hawwe nammentlik in funksje as gielsyskes, en de praktyske mearwearde dêrfan kin net oerskat wurde.
De rol fan de lytse sustertalen is om it Frysk te rêden en beskermjen, dy taaltsjes hawwe in organyske relaasje mei de gruttere taal, en de symbiotyske ferhâlding tusken harren kin noch hiel foardielich wêze foar it oerlibjen fan sawol de lytse talen as de grutte taal.
Ik stean foar it behâld fan ’e hiele famylje: De Fryske grutte broer en syn susterkes moatte allegearre behâlden wurde.
Seist ek net tsjin dyn eigen fleis en bloed: No, jim grutte broer is offisjeel as ús bern erkend, dêrom wolle wy net stride foar jim erkenning omdat jim mar jimme gruttere broer syn lytsere en swakkere susterkes binne, en it is dochs ûnûntkomber dat jim foar jim broer stjerre sille, it hat ommers gjin sin, it kost allinne mar jild, nimmen jout om jim en jim binne dochs allinne mar spegelbylden fan jim broer, it is dus gjin ferlies foar it ferskaat en dêrom sille wy jim echt net misse, hear!

Us projekt om foar de susters fan it Standertfrysk yn Nederlân te fjochtsjen
As earste stap foar dy erkenning haw ik tegearre mei Dyami Millarson op 26 septimber lesjûn yn it Skiermûntseagersk foar de Jeropeeske Taledei (European Day of Languages). Edukaasje is noch altiten in wichtich mêd foar de striid foar erkenning. Dy erkenning kin der allinne mar komme as minsken har bewust wurde en dêrom is edukaasje needsaaklik.
Yn Hongkong sil ik it Skiermûntseagersk opnimme as ûnderdiel fan myn Fryske lessen, omdat ik it Frysk beskôgje wol út breder perspektyf wei; de susterkes fan it Frysk kin ik dan fansels net oer de holle sjen en krekt dy susterkes binne dan sa wichtich foar de djippere ferkenning yn en it bredere perspektyf fan myn Fryske lessen yn Hongkong!

Wy hawwe ek al in begjin makke mei wrâlds earste Skiermûntseagersktalich bloch en der wurde geregeldwei nije artikels yn it Skiermûntseagersk op ús bloch publisearre. No binne noch de measte Skiermûntseagerske artikels skreaun troch Dyami Millarson, dy’t him as earste de taal eigen makke hat, mar ik sil ek gau mear yn it Skiermûntseagersk skriuwe.

Fansels hawwe wy mei ús talestúdzje de taal fan Skiermûntseach foar de earste helte fan dizze iuw feilich steld en dêrom kinne wy ek wol foarsizze dat it Skiermûntseagersk noch yn 2100 bestean sil. Der is lykwols wurk oan ’e winkel en de tiid hâldt gjin skoft.

Wy moatte werom nei de allegory fan de gielsyskes: Oare Fryske streektalen hearre foldwaande omtinken te krijen, net allinne omdat harren fuortbestean wichtich is foar it Standertfrysk, mar ek omdat dy, lykas harren gruttere broer, erkend hearre te wurden. Tink derom. Is it net rjochtfeardich om de susters te erkennen foar de iuwenlange tjinst dy’t se allegear foar harren gruttere broer, it Frysk, bewiisd hawwe? Is it net ûnrjochtfeardich as se yn ferjitnis reitsje, neidat se foar harren broer en famylje safolle dien hawwe? Om ûnrjocht foar te kommen en te bestriden, hat ús projekt in begjin ta makke. En ús projekt giet noch hieltyd troch en ken gjin ein. It giet om rjochtfeardigens foar de hiele Fryske taalfamylje. As Hongkonger, dy’t him it Frysk eigen makke hat, wol ik dy freegje: Kinst it wurd trochjaan en ús ferhaal fertelle oan dyn famylje en freonen? Mei-inoar kinne wy de wrâld in bytsje better meitsje!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *