Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Desimber 2018

logo.ensafh

Poëzij

Gerda van der Wijk (samler)
Wa kin skiede fan in freon – gedichten en wurden fan treast
Afûk, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 9,95
ISBN 9789492176639

Ik mis dy wêr’t ik hinnegean
of wêr’t ik hinnekear:
de iere moarn, de dagen rûn
en jûntiids namstemear
Bin ik allinne, triennen rinne
itsij treurich, itsij blij,
ik mis dy, o ik mis dy sa,
ik mis dy njonken my!

Guido Gezelle

 

Poetic Potatoes/Poetry in Potato Bags
stichting De Bildse Aardappelweken, bestelle by Afûk. 2018
Ferkeappriis € 5,00
ISBN gjin

Yn 2018 binne Ljouwert en Valletta, haadstêd fan Malta , de kulturele haadstêden fan Europa. Ljouwert en It Bilt hawwe al in relaasje mei Malta sûnt 1850. Alle jierren oan de ein fan septimber ferlitte de earste poatierappels It Bilt en geane se op de boat nei Malta. Yn maart komme de nije ierappels, út it setguod groeid , deselde wei werom . Malta as Fryslân binne beide offisjeel twatalich en hawwe in grutte skat oan moderne en klassike poëzij . Dat late ta in literêr poëzijproject : in útwikseling fan Fryske en Malteeske gedichten op de ierappelsekken dy’t hinne wer wer geane.

Dizze fjouwertalige bondel (Malteesk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk) mei njonken de gedichten, ek artikels en resepten, is it slútstik fan it fiif jier duorjende projekt Poetic Potatoes.

Malteesk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk, magazine, 100 siden, stichting De Bildse Aardappelweken.

 

Het metrum van de voetstap /The Metrical Footstep – Poëzieroute Leeuwarden
Poëzieroute, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 10,00
ISBN 9789492176837

In Leeuwarden kun je over poëzie lopen die is aangebracht op grote platen Belgisch hardsteen. / In Leeuwarden you can walk over poems that have been carved into large slabs of Belgian bluestone.

De gedichten vormen samen de poëzieroute die door de stad loopt. De route is in 1993 begonnen met een serie gedichten aangeboden aan mr G.J. te Loo ter gelegenheid van zijn afscheid als burgemeester van Leeuwarden. In de jaren daarna zijn vele poëziestenen aan de route toegevoegd. De gedichten op de poëzietableaus bestonden vanaf het begin uit bestaand werk en ook werd aan dichters een opdracht gegeven om een nieuw gedicht te maken passend bij de plek in de stad waar de poëziesteen in de route is geplaatst en passend bij de aanleiding van gulle gevers om een steen te financieren.

 

Paul van Dijk
Famke fan snie
Afûk, Ljouwert, 2018
Ferkeappriis € 15,00

Famke fan snie is in boartlike, byldrike bondel fol dreamen en fantasy. De fersen foarmje in lange, skrinende reis yn in sykjen nei soen mei it ferlies fan in famke. Mei de ynbylding fan in bern besiket de ïk” rjochting te sykjen yn dream en taal, yn stêd en bosk, op syk nei it ferlerne, om te oerlibjen.

Paul van Dijk (1981) is in alsidige geast. Hy is skriuwer fan berneboeken, kollums en teaterstikken en is aktyf as muzikant en as tekener. Troch syn dochter waard er dichter. Dizze bondel is syn debút. Foar it fers “Etude yn ‘e rein” krige er de Rely Jorritsmapriis.

 

Tsead Bruinja
Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok
Afûk, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 18,50

Under drege omstannichheden it goede dwaan, dêr draait it om yn de nije bondel Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) fan Tsead Bruinja. Fan karmelitepater Titus Brandsma (Boalsert 1881 – Dachau 1942) oan wa ’t de iepeningssyklus opdroegen is oant de jonge Jopie, dy’t yn in wreed modern mearke op syn fyts de trekkers fan it leanbedriuw folget en konfrontearre wurdt mei in mem en soan dy’t út ʼe see krûpt lykje te wêzen om in rekken lyk te meitsjen mei it minskdom. Elkenien docht syn bêst yn dizze bondel en siket dêrfoar yn it ierdske en it hegere nei stipe en sinjouwing. De taal is tagonklik, de ritmes en melodyen binne faak sober en ynbannich. Boppedat is dizze alfde bondel fan Bruinja folle minder autobiografysk as syn foarich wurk. Yn Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok giet it om de oar en wat dy oar driuwt.

 

Elmar Kuiper
Stienkeal
Bornmeer. de Gerdyk 2018
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789056154523

Yn de yntime bondel Stienkeal sjocht Elmar Kuiper mei in skerp each werom. It keal stiet foar de jeugd, mar ek foar dea, pine en ûnbegryp. Mei ynmoed skriuwt de dichter oer syn jeugd, syn heit en it wurk as broeder yn ’e psychiatry. Hy ferpleatst him yn ’e wrâld fan in geastlik sike en sjocht út in oar perspektyf wei nei de werklikheid.

 

Wytse Brandsma
Brâning = Branding
Naratio, Gorinchem 2018
Ferkeappriis €9,00
ISBN 9789052634982

Yn myn debútbondel – God is it antwurd net– meitsje ik, troch
middel fan aforistyske en libbensbeskôchlike teksten oer sinjaan
en -belibjen, kenber dat it oan ús minsken is om in leefbere wrâld
fan frede en gerjochtichheid te realisearjen.
Yn de twadde dichtbondel – De neakene wierheid– ha ik de
kwetsberens fan leauwen mear nei foaren komme litten.
Yn dizze tredde bondel – Brâning– giet de syktocht nei de sin fan
it libben fierder. Sintraal stiet de frijheid om yn de brâning fan it
libben jins eigen doel te sykjen en yn te kleurjen.

Dam, Eppie (wurden) ; Dragt, Gijs (bylden)
Ienkennich lânskip = eenkennig landschap
Tresoar, Ljouwert 2018
Ferkeappriis 19,90
ISBN: 9789074071246

Fryslân ferwurde troch Eppie Dam en ferbylde troch Gijs Dragt

 

Sjoukje Veenstra
Gjin sprút feroare
Lecturium, Zoetermeer 2018
Ferkeappriis € 13,95
ISBN 9789048444199

Dizze Fryske dichtbondel Gjin sprút feroare bestiet út 47 gedichten.
De bondel giet ûnder oare oer boatbewenners dy’t belies jaan moasten tsjin buurtgenoaten, saneamde freonen en ambtlike rigels. Der stean ek gedichten yn oer de Fryske taal, de natuer, sterke famyljebannen en in lietsje oer in apart persoan. Froulje binne op dieet, moetsje elkoar en eamelje oer kwaaltsjes. It is in ôfwikseljende bondel en helder fan formulearring.
De skriuwster har wize fan sjen nei moaie en treurige aspekten fan it libben sil mannichien oansprekke. It is in bondel dy’t djipgang en humor hat en fertsjinnet om lêzen te wurden.

Klaas Bruinsma
Samle fersen en Oersettings
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 24,50
ISBN 9789463650885

Klaas Bruinsma (* Easterein 1931- Drachten 2018) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).

Harm Woelinga
De stilte ropt
Eigen behear, Feanwâlden 2018
Ferkeappriis € 8,50
ISBN: Nee

Nieuwe Friese gedichtenbundel Harm Woelinga: “De stilte ropt”. Na een “dichterlijke” stilte van 8 jaar heeft Harm Woelinga uit Feanwâlden zijn derde gedichtenbundel uitgebracht. In “De stilte ropt” beschrijft hij, hoe hij het leven heeft opgepakt, nadat de dood “de doar mei in klap efter him tichtlutsen hat”. Maar… het gehavende blad op de omslagfoto van de bundel is nog groen genoeg en geniet van de stilte onder de blauwe lucht.

Willem Abma
Ferbûn en sjoen
Wijdemeer, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 19,90
ISBN: 9789492052513

“Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben” bestiet foar it grutste part út religieuze poëzij. De skriuwer waard tige kristlik grutbrocht wat in djippe útwurking op him hie. Hy keas der dan ek foar om theology te studearjen om antwurd op syn fragen te krijen. Mar der kamen mear fragen by as dat der oplost waarden. Dat resultearre deryn dat er sa’n 40 jier de tsjerke mijde. Earst op syn 59ste fûn er it paad fan tsjerkegong werom. Sûnt 2014 giet Abma no en dan foar yn ûnderskate tsjerken.

Ferskate auteurs:
It leafst bin ik in fûgel
Poëzy foar bern fan 9-99 jier
Mei gedichten fan:
Afûk, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 12,50
ISBN: 9789492176899

Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma

Yllustraasjes fan: Marijke Klompmaker
Foarmjouwing: Anton Feddema

Proaza

Geert Nauta
In soarte fan bûgjen
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 17,50
ISBN 9789463650731

Nei dy iene dei, doe’t Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau – in oar wurd ha’k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op ‘e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade.

Eric Hoekstra
Roman fan in hielmaster / Roman van een geneesheer
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 18,50
ISBN 9789463650489

 

Nei in mystike ûnderfining bekearde Eric Hoekstra him ta it kristendom en makke út ‘e fjouwer evangeeljes ien spannende en moderne roman.

 

Gooitzen Monsma
It testamint fan Tonnema
KFFB, Ljussens 2018
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789491971143

 

Yn it postfakje ‘wurdt ophelle’ leit it troch Wytse typte testamint fan Tonnema. Dy wennet justjes fierder as it postkantoar dêr’t Wytse hinne moat. Mei de bêste bedoelingen nimt er it testamint mei om it te besoargjen. By Tonnema is net ien thús, dochs lit Wytse it testamint troch de brievebus glide en dêrmei begjint foar him de ellinde. Syn domme died sil him de jierren, salang’t er by de notaris wurket, yn ‘e besnijing hawwe. Syn relaasje mei de notaris komt hieltyd mear op skerp te stean. Dêr stiet foaroer dat de frou fan de notaris hieltyd mear begien is mei Wytse en foar him spesjale gefoelens kriget.

Jikke Olivier
Skuld
KFFB, Ljussens 2018
Ferkeappriis € 16,00
ISBN: 9789491971150

It is in healjier nei de ûnferwachte dea fan Welmoed. Har man Ben en dochter Hanna libje byinoar lâns. Oant de dei komt dat de problemen sa grut wurde dat se wol prate moatte.

Yn dizze debútroman fan Jikke Olivier giet it om ferlies, pesten en leafde, mar foaral om skuld.

Rozendal, J.M.
De fluchste blanke
KFFB, Ljussens 2018
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789491971143

Huub Verhoeven is in hurdrintalint, dy’t al gau furoare makket yn ‘e Nederlânske atletykwrâld. Hy mei sels as jongfeint mei nei de Olympyske Spullen fan
1936 yn Berlyn, yn it Dútslan dêr’t Hitler ûnderwilens de skepter swaait.

Nederlân rekket yn de jierren dêrnei ek belutsen by de allesomfiemjende wrâldkriich, wêrby’t tsjinstellings hieltyd skerper komme te lizzen. Huub kin der net foarwei om partij te kiezen, en besluten te nimmen dy’t foar himsels en oaren grutte konsekwinsjes hawwe.

Sjieuwe Borger
Pûlen-yn-de-pot
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 18,95
ISBN: 9789463651103

Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe’t Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen.

Hedzer T. Hooijenga
De wraak fan de puzelman
Het Nieuwe Kanaal, Ljouwert 2018
Ferkeappriis 17,50
ISBN: 9789492457219

De puzelman hie in fleurich bedriuw opboud, in goede bargemesterij. Dat siet lykwols in rike sakeman yn ‘e wei, fanwegen de stank dêr’t syn frou oer eamele.

Mei falske arguminten wrotte er krekt salang dat it bedriuw fan syn buorman fallyt gong. Net ien fan de doarpsgenoaten dy’t in hân útstiek om de eigener by te stean. Dat rôp, nee skreaude om wraak!

Johan Veenstra
Vroeger is veurgoed veurbi’j
Olderberkoop : Stellingwarver Schrieversronte, 2018.
Ferkeappriis 14,50
ISBN: 9789064661945

Dit is een spannend, mar ok ontroerend boek. Et gaot over Arjan Hoogeveen, die op een dag in 1990 in Twente mit een geweer in de auto stapt en naor zien geboortestreek Stellliingwarf ridt.

Douwe de Bildt
De Jorwerter Dweilstikken
Bornmeer, De Gerdyk 2018
Ferkeappriis € 15,00
ISBN: 9789056154677

De Jorwerter Dweilstikken befettet in seleksje fan de humoristyske, ûntroerende en soms sterke ferhalen dy’t mei fjoer ferteld wurde – kear op kear – oan de stamtafel fan it kafee yn Jorwert. In earbetoan oan it doarp mei syn kleurrike ynwenners: ambachtslju, boeren, middenstanners, dûmnys en notarissen.

Eize de Boer
Monkeys dilemma
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 18,50
ISBN: 9789463650472

It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige ‘Monkey’ syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy’t er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega’s, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy’t him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje.

Harke Bremer & Jarich Hoekstra
De trettjinde asega
Bornmeer, De Gerdyk 2018
Ferkeappriis € 15,00
ISBN: 9789056154417

Ruerd van der Zee, natoerkundestudint yn Berkeley, fynt oan de hân fan in âld stikje parkemint út dat de bekende Âldfryske sêge fan ’e tolve asega’s wolris mear wêze koe as in optocht ferhaaltsje. Tegearre mei syn faam yn Nederlân, Jikke Post, giet er op ’e sneup. It span fernimt al rillegau dat der triedden fan ’e midsiuwen nei hjoeddedei ta rinne en dat guon lju net sa wiis binne mei har gepinfisk en sels ree binne om geweld te brûken.

Steven H.P. de Jong
It klaut earne
De omkearde ferhúsdoaze – diel 2
Palisse, Wijk aan Zee 2018
Ferkeappriis € 17,50
ISBN: 9789082123739

Steven nimt ús mei nei de wjeraksels tusken experimentelen en tradisjonelen yn it Fryske literêre libben fan rûchwei de twadde helte fan de foarige ieu. In grut tal orizjinele besprekken en skerp polemysk wurk fan syn hân passearret de revu en is troch Steven yn it ramt fan dy tiid past en fan kommentaar fersjoen. Eigen wurk, mar ek tal oare grutte nammen fan dichters en skriuwers út dy tiid komme allegearre op it aljemint. Dizze útjefte is in must foar eltse leafhawwer fan Fryske literatuer, want fan wa oars as fan immen dy’t der midden yn stie kin men mear leare fan dizze sa opmerklike en fruchtbere literêre perioade!

Elske Schotanus
Wurk
Afûk, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 17,50
ISBN: 9789492176745

Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy’t tsjin ‘e sechstich rint. HIeltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Ferstjinje docht hy der net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedryke galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa’t er sels mient, yn de keunst in bestimming fûn?

Ferdinand de Jong
De tredde perioade
Bornmeer, De Gerdyk 2018
Ferkeappriis € 19,50
ISBN: 9789056154400

Rodion Zakirov makket nei in drege perioade yn syn libben in nije start. Syn gefaarlik oantreklike buorfrou Lara Fedorova fynt him sliepend tusken lege drankflessen en nimt him op sleeptou. Fan de metropoal Moskou ferhuzet er nei Norilsk, boppe de poalsirkel, yn it uterste noarden fan Sibearië. Dêr komt hy yn in kompleet oare wrâld telâne en rekket er fereale op de moaie stewardess Darya Orlova. Al gau docht bliken dat har soan Pavel mar ien ding wol: iishockeyer wurde. As dúdlik wurdt hoe grut syn talint is, set dat harren libben op syn kop.

Meindert Bylsma
Moard yn ’e hite hei
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 14,00
ISBN: 9789463650465

Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan ’e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op ’e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op ’e rin.

Joël Huitema
Möne,skyn
Frysk en Frij, Ljouwert 2018 (side wurdt net byhâlden)
Ferkeappriis € 5,00
ISBN:?

Möne,skyn is myn earste útgave en ik bin der erch trots op. It is in ferhaal yn Súdwesthoeks Frys, útjûn by Utjouwerij Frysk en Frij. It stik is eksperimenteel, persoanlik en skraun yn fersregels. It boekje kostet 5 euro. (ynformaasje en foto fan Facebook)

Bonne Speerstra
Underweis
Bornmeer, De Gerdyk 2018
Ferkeappriis € 17,50
ISBN: 9789056154844

Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings.

 

Baukje Zijlstra
De Koma–Korrektor
Afûk, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 17,50
ISBN: 9789492176806

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.

Willem Winters
Papierfiskjes lêze net
Perio, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 14,50
ISBN: ?

Yn dit boek fertelt Willem Winters wêrom hy in hekel hat oan neakenslakken en hoe’t de snoek oan syn piercing kaam. Lês wat hy skriuwt oer de nijste trend: it hynderfytsen. De oarloch tusken boeren en mûzen en noch folle oare nijsgjirrige ûnderwepen komme oan de oarder. In Roemeenske hûn fertelt hoe’t hy yn Nederlân kaam. Hoe funksjonearret in miggehelpbrigade, hoe komt de depressieve mol der wer boppe op en wat is der sa bysûnder oan Fritti, it papierfiskje?

Oersettingen

Obe Postma, oersettings fan Jabik Veenbaas en Anthony Paul
Selected Poems
Wijdemeer, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 19,90
ISBN 9789492052469

Drietalige bloemlezing met 65 gedichten van Obe Postma: Fries-Engels-Nederlands. Inleiding: Jabik Veenbaas, vertalingen: Jabik Veenbaas en Anthony Paul, selectie: Jabik Veenbaas, Philippus Breuker.

J.A. dèr Mouw / Eppie Dam
Dof fiolet is ’t west. 16 sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw
Grotesk, Amsterdam 2018
Ferkeappriis € 15,00
ISBN: 9789082576245

De alderearste ferfrysking fan Johan Andreas dèr Mouw! De seleksje fan sechstjin sonnetten dy’t dichter-oersetter Eppie Dam makke, folget de libbensline fan de filosoof-dichter Dèr Mouw. De bondel giet oer de yntinse mystike ûnderfining: oer it ferienjende fisioen dêr’t ‘ik’ en alle dingen ien binne.

Patrick Süskind / Jan Popkema
It parfum.
Regaad, Grins 2018
Ferkeappriis € 12,50
ISBN: 9789082197082

‘Se hie read hier en droech in grize mouleaze jurk. Har earms wiene hiel blank en har hannen giel fan de iepensniene mirabellen. Grenouille stie oer har hinne bûgd en sûgde har rook no yn, ûnfermongen, sa’t dy út har nekke kaam, út har hier, út ’e iepening yn har jurk, en liet dy by him binnenstreame as in mylde wyn. Noait hie er him sa goed field. It famke lykwols fernaam kjeld.’

 

Thomas Hardy / Geart fan der Meer
Fier fan alle drokte
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 27,50
ISBN: 9789463650724

Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelân yn it súdwesten fan Ingelân, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in ‘boereroman’, mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D’Urbervilles, ‘goed’ ôfrint – mar dan binne der earst toch wol in pear skokkende dingen gebeurd. Wat nettsjinsteande dat toch opfalt is de luchtige humor, dy’t yn syn lettere, inktswarte boeken ûntbrekt.

 

Laurence Alma-Tadema
In stjer leafhawwe
Hispel, Loenen aan de Vecht 2018
Ferkeappriis € 15,00
ISBN: 9789074516280

Laurence Alma-Tadema waard yn 1865 yn Brussel berne as âldste dochter fan de Frânske Marie Dumoulin en de Fryske skilder Lourens AlmaTadema.

Laurence skriuwt fan jongs ôf oan en koesteret har oanlis op in protte mêden. Har wurk bestiet út gedichten, romans, toanielstikken, oersettingen en pamfletten. Krekt as har heit wurdt se in wrâldboarger, in kosmopolyt troch opfieding en brede ynteresse. Oars as by de yn it algemien sinnige ferbylding fan har heit – wolkeleas en freugdefol lardearre mei optimisme – treffe we by Laurence meastentiids in djippergeande wanhoop en ekstaze oan. Lourens ferbyldet mei syn pinsiel in fiere wrâld en bringt in ryk ferline ta libben. Laurence is yn har skriuwen yn petear mei har inerlik.

Patrick Süskind, oersetting Jacobus Q. Smink
Oer leafde en dea
Utjouwers Lichthart & Neuman, Ljouwert 2018
Yllustraasjes Lolkje van der Kooi
ISBN 9789077678084
Bûne útjefte, 64 siden

Ferskaat

Hooghiemstra, Tjibbe ; auteurs: Tsead Bruinja, Douwe Kootstra, Nyk de Vries
Wâldman
Museum Belvedère, Oranjewâld 2018
Ferkeappriis € 22,50
ISBN 9789080110601

Boek bij de multi-mediale tentoonstelling ‘Wâldman’ van Tjibbe Hooghiemstra (Tytsjerk, 1957).

Deze rijk geïllustreerde catalogus is in full color en bevat 84 afbeeldingen. Het boek is voorzien van geluid (door een mini-speaker) en heeft glow-in-the-dark-inkt op de rug. De teksten zijn van Tsead Bruinja, Nyk de Vries en Douwe Kootstra. Het geheel is maar liefst vijftalig (Nederlands, Fries, Duits, Engels en Japans), omdat de tentoonstelling later te zien zal zijn in Keulen, Belfast, Dublin en Tokyo.

Hein Jaap Hilarides
Ofskaid en útsicht
Louise, Grou 2018
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789491536533

ferhalen, stikkys en gedichten in ‘t Bildts

Dit boek gaat over herinneringen aan mensen en het Bildt. De gemeente het Bildt is er niet meer. Op de plaatsnaamborden staat Waadhoeke.
‘’t Plakky grônd met de naam ’t Bildt blyft, maar de administrative naam is weg. Wat gelukkig ok blyft, is ’t útsicht op ’n diiskouwe winterdâg.’
Woorden bringe niet werom wat weest het. Se kinne wel herinnerings tot leven bringe. Soa wort wat weg is, weer even werom fonnen.
In Ofskaid en útsicht is een groot aantal in het Nederlands vertaalde verhalen, stukjes en gedichten opgenomen.

Peter Hein
Rop my werom… Tsjêbbe Hettinga en Burchwert
DeRyp, Blauhûs 2018 (side utjouwer is net berikber). Bestelle fia Facebook (?)
Ferkeappriis € 15,00
ISBN:9789081581875

Yn ‘Rop my werom’ wurdt in byld sketst fan de earste stappen fan de jonge dichter yn syn bertedoarp Burchwert en yn syn bestean as dichter. ‘Rop my werom’ is it refrein by Hettinga’s ‘Lytse Jonge’, in lyrysk gedicht oer it lân rûnom it doarp fan syn jeugd, Burchwert, yn de jierren ’50.

Philippus Breuker
Dreaun fan ierde’ dream
Libben en wurk fan Obe Postma
Wijdemeer, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 35,00
ISBN: 9789492052506

De Dútse dichter C.F. Gellert sei ea oer in ferstoarn âld man dat de grutsten fan syn foartreflikheden wienen: ‘Er ward gebohren, Er lebte, nahm ein Weib, und starb’. Obe Postma naam sels gjin frou en hie boppedat mar ien dy’t er syn freon neame koe – hoe saai moat syn biografy wol net wêze. Mar sa is it net.
It libben fan Obe Postma hat krekt ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it ûnderwiis.
Syn wittenskiplik wurk is ynbêde yn ynternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poëzy. Hy hat syn besibbens mei de grutte tinkers en dichters fan syn tiid herkend, har lêzen en ferarbeide, en mear as ien en twa wrâldferneamde Nederlânske gelearden hat er persoanlik kend. Yn de poëzy hawwe Rilke, Emily Dickinson en de klassike Sineeske dichters him tige nei lein.

Rozendal, J.M.
Yn eigen taal. Anders Minnes Wybenga – in biografy
KFFB, Ljussens 2918
Ferkeappriis € 25,00
ISBN: 9789491971167

In frij en selsstannich minske, rjucht en dreech. Foar lieder net geskikt, foar folgeling noch minder.
Sa is de kristen-Fries, stiet yn 1921 te lêzen yn Yn ús eigen tael, it hûsblêd fan it Kristlik Frysk Selskip. De tekst kaam fan de samler fan it tydskrift, Anders Minnes Wybenga (1881 – 1948). As gernier wie er in man fan it fjild, fan ’e natuer, in man fan
it hurde bodzjen op ’e klaai boppe Dokkum. As dichter en skriuwer kaam er telâne yn ’e Fryske beweging, dy’t him nei 1900 sterk makke foar in grutter plak foar de Fryske taal yn it offisjele ferkear.
Benammen it hilligjen fan ‘e memmetaal wie foar de rjochtlinige kalvinist Wybenga it wichtichst. It kaam ûnder oare ta utering yn ’e earste folsleine psalmoersetting yn it Frysk, in libbenswurk dat him 15 jier lang dwaande hold. Syn rjochtlinigens siet him lykwols ek wolris yn it paad. It smiet troch de jierren hinne in protte striid op, wêryn’t net komselden freonen yn fijannen feroaren.

Joke Corporaal
Salang’t de beam bloeit. Koarte skiednis fan de Fryske literatuer
Bornmeer, De Gerdyk 2018
Ferkeappriis € 15,00
ISBN: 9789056154554

De Fryske literatuer is útdrukking fan de eigenheid fan Fryslân. Troch de iuwen hinne hawwe Fryske skriuwers en dichters yn har eigen taal skreaun: oer harsels, oer har taal en oer har lân. De Fryske literatuer herberget in protte ûnferwachte skatten dy’t de muoite fan it ûntdekken wurdich binne. Salang’t de beam bloeit is dêr in moaie opstap foar. Yn sân haadstikken behannelet literatuerwittenskipper Joke Corporaal de wichtichste ûntjouwingen en skaaimerken fan de Fryske literatuer. Koarte finsterteksten ljochtsje dêrnei de skiednis ta mei sprekkende foarbylden oer hichte- en ek djiptepunten.

Jan Schokker
De humor yn
Elikser, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 14,50
ISBN: 9789463650960

Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Nei in rige boeken mei plysjeman Ale Alema yn de haadrol en in boek oer twa twillingbruorren en in famyljebedriuw no in boek oer Schokker sels. Ek ien fan in twilling trouwens.

*

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch  ûnderoan dizze side te reagearjen.

 

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op