Teleks: diskusje oer dichterskollektyf RIXT

logo.ensafh

Nei oanlieding fan in ynstjoerd stik fan Friduwih Riemersma oer dichterskollektyf RIXT yn de LC fan 03-11-18, hat it kollektyf hjoed, 17-11-18, in reaksje jûn, ek yn de LC.

It stik fan Riemersma kinne jo hjir lêze, de reaksje fan RIXT stiet hjir.

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

25 reaksjes op “Teleks: diskusje oer dichterskollektyf RIXT

  1. Ik lês gjin bydrage yn in diskusje mar in promo. Sykje oars mar de betsjutting op fan it wurd: diskusje. Nochal tiishollich is de opmerking oer de kwaliteiteit fan gedichten: ,,Wat de iene min fynt, kin in oar moai fine.” Eksit alle poëzijkrityk, eksit dus ek it begryp ‘literatuer’. Rixt wol elkenien wat koarkjebreidzje litte en hat dêr in hiele djoere webstek foar ynrjochte. Poepjes smiles.
    P.S. ‘Fine’ is hiel min Hollando-Frysk foar ‘tinke’ of ‘achtsje’.

  2. Tr. Riemersma yn syn kollums foar de Leeuwarder Courant (sjoch http://www.myneigeneker.nl):
    – ‘Ik fyn dat, wittenskiplik sjoen, in besopen redenearring.’
    – ‘Ik fyn dat raar om al dy âlde rotsoai te bewarjen, it stiet my tsjin.’
    – ‘[…] se fine balskoppen hartstikke moai en spannend […]’
    – ‘Dizze opmerking fan him fûn ik ek net sa smaakfol.’
    – ‘Ja, dat wit ik, der binne minsken, dy fine sa’n kant en klear protsje lekker en maklik, benammen maklik.’
    – ‘Hy boartet graach mei dy lege fleskes, dat knetterjen as er de bek der op set, fynt er grif nijsgjirrich.’
    Ensafh.

  3. Wat in bysûndere konklúzje, eksit alle poëzijkrityk en it begrip literatuer. Objektive krityk bestiet net.
    Want yn elke foarm fan krityk sitte ynterpretaasje en observaasje fan de kritikus en elke foarm fan ynterpretaasje/observaasje makket subjektyf. Spitich datst net op de gearkomste fan Rixt wiest, Abe. Dan hienen wy der oer diskusearje kind. It tichtst by objektiviteit komt de minsk mei in iepen geast.

  4. Abe de Vries op Fers2:
    – ‘Sjoen it foaropwurd moatte wy oannimme dat de gearstallers dizze ferhalen minder gaadlik fûnen […]’
    – ‘Se fûnen bygelyks dat de earmewetten it [= in] fierstente grutte gemeentlike belêstingdruk op de boeren feroarsaken.’
    – ‘In apekening freget oan twa besikers fan syn lân wat se fan syn bestjoer fine.’
    – ‘Likegoed sil er mei har frije, ek al fynt er har net oantreklik […]’
    – ‘Demokratisearring wurdt belangryk fûn as in kâns foar partisipaasje fan mear minsken […] oan it sprutsen en skreaune Frysk.’
    – ‘It punt by krimp is net dat de minsken net frijwillich oprotte en it dus sa wol bêst fine […]’
    Ensafh.

  5. Moai dat Van der Hoek noch efkes de stikjes neirint fan de learende minske. Ik sil it noait wer dwaan, Klaas. En wat Edwin oanbelanget, ik wie dêr net om’t ik my út de redaksje weromlutsen haw mei eigen drokte as reden. Mar ik moat sizze, redaksje hat ek net folle doel as de baas úteinlik dochs sels wol útmakket wat derop komt en wat net. Myn punt is: as Rixt net in krityske standert tapasse wol – wat Rixt neffens eigen sizzen net kin, want ja, wat de ien moai fynt, fynt de oar wer neat, dus frijheid, blijheid en krabbelje en scrabbelje mar omraken en wy helje de staveringsflaters der wol út – dan sil de produksje gjin literatuer mear hjitte kinne, yn myn wurdboek teminsten net, en yn dat gefal helpt neffens myn beheinde want elitêre fisy it ‘dichterskollektyf’ sawol de Fryske poëzij as it skreaune Frysk inkeld mar fierder it gat yn fan marzjinalisearring en folklorisearring. Miskien kin Klaas adfys jaan, dy’t ommers alles al wit dêr’t wy noch achter komme moatte?

  6. Foar de diskusje oer poëzijredaksje. Nei oanlieding fan it tige by tige IepenUp fideoferslach fan justermiddei: ast dit sjochst, wêr is dan de romte foar aktuele, krityske poëzij? Net op it foarste plak yn de emoasjes, de gefoelens, o wat ferskriklik – want lilkens oer de faksisten yn hun grize en legergriene unifoarmen kin sa’n filmke better oproppe, en datsto it ek bist leauwe wy dalik. Mar yn de analyse en de analytyske ferbylding, yn de diskusje, yn de yntellektuele ferlieding & provokaasje ûnderweis nei wat betters.

  7. Rixt seit dat de L2018 foar it Frysk net in soad opsmiten hat. Rixt ferjit de twa wichtige utjeften ‘Swallows and Floating Horses’, in antology fan de Fryske literatuer yn it Ingelsk, en ‘Salang’t de beam bloeit’, in koarte skiednis fan de Fryske literatuer (yn 4 talen sels, Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Duts). De Fryske literatuer de wrâld oer. En fierder fyn ik De Groot syn stelling ‘alles is literatuer’ nonsens. Literatuer bestie en bestiet – it ûnderskie tusken kitsch en literatuer kin beskreaun wurde yn de poëzy- en proazakritiken.

  8. Josse, it beamkeboekje is neat oars as in skandaal, sa min is dat, en de swallows haw ik op fersyk tige freonlik in gedicht oan levere mar oant de dei fan hjoed is nimmen op it idee kaam om my in eksimplaar ta te stjoeren, dat dêr kin ik neat oer sizze. De Groot seit oars net watsto seist, ‘alles is literatuer’, mar hy dûkt wei achter it klisjee dat der jin ‘objektive’ literatuerkrityk bestiet. Dat helpt ‘m net echt, want der sil dochs in foarm fan literatuerkrityk tapast wurde moatte, dan mar net objektyf – mar wol beriddenearre, mei in idee derachter, mei arguminten, en dat giet yndie wat fierder as dyn kop stiet ús wol oan, do bist in goeie jonge m/f en ek noch sa warber (?) as redaksjelid, dat do komst op Rixt!

  9. Hoi Josse, ik haw net steld dat alles literatuer is. Lês it noch mar ris goed. Ik haw steld dat krityk net objektyf is om’t it in som is fan û.o. observaasje en ynterpretaasje. En dat dat literatuer net in de wei hoecht te stean. Salang’t de geast iepen is, sil der altiten literatuer wêze, en kunst en kitsch.

  10. Wat Abe seit is dat syn miening de ienichste is en dy fan de oare redaksjeleden (sit ik net by) net fan belang is.

  11. Edwin, de literatuerwittenskip hat ark jûn om frij objektyf oan te jaan wat der ta docht en wat net, it ferskil oan te jaan tusken literatuer en kitsch. ‘Wat de iene moai fynt, kin de oare ôfwize’ is in deadwaner. Lês de âlde diskusje tusken Gomperts en K. vh Reve. Sasto literatuer omskriuwst – subjektive mieninkjes ore teksten – is de dea foar kwaliteit. As de applausmasines fan Faceboek utmeitsje wat goed is en wat net, hat Rixt gjin takomst.

    Abe, yndied, it beamkeboek is net geweldich (sjoch myn besprek op de Moanne), mar kin foar de begjinner in funkskje hawwe. Fan de ‘Swallows…’ haw ik al in pear omstjoerd nei freonen dy’t witte wolle wat yn ‘t Frysk skreaun is (hjir yn Frankryk en Spanje, en oan in Amearikaanske freon dy’t hjir wennet).

  12. De piterboersmaatsjes waaie wer oer de tafel. Ik tocht dat ik in konstruktive bydrage levere hie troch 1) te wizen op de ûnmooglikheid fan in literatuer sûnder literatuerkrityk, en 2) in rjochting te suggerearjen foar aktuele krityske poëzij. Folget it typyske antwurd fan de beweger, net de keunstner: ‘Salang’t de geast iepen is, sil der altiten literatuer wêze.’ Jawis, mar ek hopen rotsoai, dat is no krekt it punt. De keunst is om it iene te befoarderjen en it oare te kearen. Yn desimber kom ik der op Fers2 op werom, ûnder de titel: ‘Better gjin gedicht as in min gedicht’. En dat befettet dan net de iennichste miening, mar mines, Edwin.

  13. Abe hat beweard dat earne wat fan ‘fine’ hiel min Frysk is, ik net. En dêr giet it ek net om. It giet derom dat Abe soks inkeld beweart om Geart Tigchelaar en Syds Wiersma te diskwalifisearjen. De suggestje is: wat dy jonges skriuwe kin net doge, sjoch marris nei harren brike Frysk! Ik giet derom dat Abe hieltyd wer kliemsk polemisearret. Benammen troch oaren leech te lizzen, te bashen, mei net ta de saak dwaande, belearjende, waanwize ad hoc-arguminten. Sa mocht Piter Boersma noch net ien ferkeard wurd skriuwe oer in dichtbondel fan Abe want Piter is, neffens Abe, in flutdichter. Inkeld dichters, goeie dichters, meie blykber poëzyresinsjes skriuwe. En Syds Wiersma mocht gjin tsjinkantinkje by in krityk fan Abe meitsje want Syds hat, neffens Abe, gjin ferstân fan poëzy. Syds moast dêr earst mar ris in boekje oer lêze. Twa foarbylden dy’t mei in protte oaren oan te foljen binne. Want der is yn literêr Fryslân mar ien dy’t wit hoe’t alles moat en sit, en dat is: Abe. Al meie wy Abe syn fuotnoat, noatebakster Friduwih, fansels ek net útflakke. Mar twa heale would be-yntellektuelen meitsje noch net ien echte.

  14. Hoi Josse, do skriuwst it sels al; frij objektyf. Krekt myn punt, tichterby komst net. En om dêr te kommen is dialooch belangryk. Ik haw it net oer subjektive mieninkjes. Ik haw it oer mieningen fan oare redaksjeleden dy’t troch Abe op foarhân al diskwalifisearre wurde. Dat is hiel wat oars, Josse.

    Sûnder iepen geast, lês iepen stean foar oaren, wurdt keunst/literatuer partikulier gejeuzel en dus kitsch.
    Ik haw ek net pleite foar FB en applausmasjines, Josse! Dy emosjonele ynkontininsje is nearne goed foar.
    Goede, opbouwende diskusjes yn it fjild. Dat is de baas!

    Abe, do makket fan oarstinkenden, oare mieningen in karikatuer en dat stiet my tsjin.
    Do bist net konstruktyf; earst meidwaan, meitinke, dan it in bytsje lizze litte, radiostilte en dan de minsken dy’t har nekke útstekke filearje. Sa hast it by ensafh dien en sa dochst it no wer. En net ien op ien diskusearje, nee fia de social media. Men kin op dyn FBside en Fers2 net iens in reaksje kwyt. Stoer.
    De Rixtgearkomste wie rom op tiid oankundige, kom dan en kom no net mei kularguminten. As it dy sa heech sit, makkest tiid frij.En fierder hat Klaas it prima ferwurde.

  15. Hoe fraai kin de man om utens him útdrukke as er efkes in tel opsjocht fan syn Dickinson en de muoite nimt om syn ljocht skine te litten op ûntjouwingen yn it heitelân. Begjint dy oersetterij no noait ris te ferfelen, Klaas? Altyd mar wer tsjinstber wêze oan in oar? Emily, Piter, Syds, Geart, wa dan ek? Ik besykje myn jikkers sa goed as ik kin te wjudzjen en slach by ûngelok en ek wolris mei opset sin sa út en troch ien dy’t der samar oerhinne banjeret op syn lange teannen, dat kloppet. Mar bisto blyn? Sjochsto net hoe’t it lân derhinne leit? Skriuw sels ris in krityk oer de poëzij op Rixt, bêste man, prate wy dan fierder.

  16. Edwin, ik wol graach diskussearje, mar de diskusje oer keunst (yn dit gefal literêre) of gjin keunst is in einleaze oefening yn ouwehoeren. Hast professionals en hast amateurs. Lykas by elk fak.

    De lêste Relysjuery is in bewiis foar myn stelling dat keunst besjoen wurde moat troch saakkundigen op dat mêd. By de priiswinners fan de Rely 2018 siet gjin literatuer, op in inkeld fers nei. Dizze sjuery hie gin inkeld benul fan poëzy en proaza fan nivo.

    Ensafh hat de winners publisearre, want it tiidskrift hat in kontrakt mei de Stifting RJP, mar de publikaasje helle it nivo fan Ensfh omleech.

  17. En dan de strjittetaal fan Edwin de Groot. Ik wol net assosjearre wurde mei de troep dy’t bytiden op Rixt ferskynt, dat wêrom moat ik op gearkomsten wêze om adfizen te jaan as al lang dúdlik is dat ús ideeën oer goede en minder goede poëzij sa fier útinoar rinne?
    Hoe komsto derby dat men net op myn Fb-side reagearje kin? Of dat ik ensafh yn de steek litten haw? Dat hat it blêd cq. syn boppemaster sels dien, troch alles wat Farsk wie der handich út te wurkjen, op dy nei, en gewoan fierder te gean mei itselde frijbliuwende hjirkeboartsjen dat elkenien, op de redaksje fan ensafh nei, al lang de strôt útkaam. En miskien is it dy ûntsketten, mar ik koe net yn dy redaksje om’t ik doedestiids útjouwer wie. Op myn útstel binne dy blêden fusearre en net troch myn tadwaan stiet it der mei ensafh foar sa’t it derfoar stiet. Yn myn eagen net bêst, yn dines grif oars.
    Ik jou it leafst krityk mei iepen fizier, Edwin, dat betsjut: publyklik, foar elk te lêzen, sadat in oar der ek oer neitinke kin en net feroardiele is ta it ûntriedseljen fan de achterkeammerkespolityk dêr’t guon har libbenswurk fan makke hawwe. En net inkeld op sosjale media mar ek op Fers2, dat neffens ús sfinks Van der Hoek kwasy-yntellektuele blêd dat al fjouwer jier subsydzjeleas draait op de ynset, de kundichheid en de wiere belutsenens by literatuer fan Friduwih, en ek in bytsje op myn hopeleaze leafde foar de anty-kanon.
    Oer jins nekke útstekke praat.

  18. Hoi Josse, dat oer de Rely soe in aardich stik wêze kinne foar ensafh. Ik bin foar.

    Abe, op Fers2 en op FB sjoch ik wier gjin reaksjemooglikheden. Is dat myn fersin?

    Mei iepen fizier? Dan moast de minsken yn ‘e eagen sjen……

  19. Op Facebook kinne jo by Abe yndied wol reagearje. Op Fers2 binne gjin reaksjemooglikheden. Dat kin twa redenen hawwe: òf Abe en Friduwih binne stjerrende benaud dat se kritysk benadere wurde, òf Friduwih hat net de technyske kapasiteiten om dizze mooglikheid op har suterige site yn te bouwen.

  20. Ik kin nearne “opmerking plaatsen” fine. Dat is dat myn FBûnkunde. Eksúses. Al it oare hâld ik steande.

  21. Of wy lêze de eventuele opmerkingen leaver op Facebook, dêr’t Fers2 alle kearen mei in link te lêzen en fan kommentaar te foarsjen is. Wy hawwe nammentlik gjin 4000 euro fan de provinsje frege en krigen om in wordpress site yn ‘e loft te helpen sadat alles der as C&A konfeksje útsjocht, mar woenen graach wat eigens en hawwe boppedat no ienris gjin tiid oer om wei te smiten oan, ja, oan wat eins. Wat Facebook oanbelanget – dit yn it bysûnder foar Edwin de Groot: ûnder elke Fb-post sit in knop ‘Reagearje’ (as jo teminsten de Fryske en net de Sineeske fersy brûke en watfoar fersy ‘Opmerking plaatsen’ brûkt wit ik net). Dy knop kinne jo mei de mûs oanklikke, dan iepenet him in finsterke dêr’t tekst yntypt wurde kin (dat giet dan fia it toetseboerd fan de kompjûter). Dêr kinne jo dan bygelyks yntype: ,,Wat in rotstik, ik begryp der neat fan”, of: ,,Wat miene jim wol net, eigenwize stikken ûnferstân”. Wat aardigers mei ek, mar jo krije yn dat gefal gjin foarkarsbehanneling of in depth reporting oer jo wurk. Dat giet samar net, dat moatte je fertsjinje.

  22. Frijwat amateuristysk, it reagearjen oerlitte oan Facebook. Ommers, lang net elkenien sit op FB. Yn elts gefal: ik sjoch wer út nei it folgjende ûnlêsbere artikel fan Friduwih!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *