Aginda 29-11-18: Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis

logo.ensafh

29-11-2018 19:45-21:45

​Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize. Untdek werom as Fryske skriuwsters minder faak yn ‘e prizen falle, wat de rol en it belang is fan fisuele poëzy en watst dwaan kinst om Fryske literatuer oantreklik te presintearjen by learlingen fan it fuortset ûnderwiis. De trije lêzings wurde yn ‘t Frysk jûn. Tanksij stipe fan in Nederlânsktalige Powerpointpresintaasje binne de lêzings ek goed nei te kommen foar tahearders dy’t it Frysk minder goed behearskje.

Tongersdei 1 novimber: Net yn de prizen. Hoe serieus wurdt it literêre wurk fan froulju nommen? Troch Jelma Knol.
Tongersdei 15 novimber: Fisuele poëzy. Troch Bert Looper.
Tongersdei 29 novimber: Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis. Troch Gebrich de Jong.

De leeftyd 12-15 jier is essinsjeel om in positive lêshâlding te ûntwikkeljen. Dêrom is it wichtich dat in learling yn dy faze positive lêsûnderfiningen opdocht fia boeken dy’t by him passe. Mar hoe komt er oan sokke boeken? En wat makket in boek geskikt? Op dy fragen wurdt yn dizze lêzing oer Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis antwurd jûn. De lêzing is yn ‘t Frysk.

Lokaasje: Tresoar
Datum: 29 novimber
Tiidstip: 19.45 – 21.45
De lêzing is fergees. Oanmelde fia: info@tresoar.nl.

 

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *