Anne Feddema

It meireizgjend paradys?

logo.ensafh

Da, wo du nicht bist, ist das Glück. It plak dêr’t je op dat stuit net tahâlde, dêr no krekt soe it grutte gelok te finen wêze moatte. Yn it Van Goghmuseum yn Amsterdam is op it stuit in eksposysje te sjen fan it wurk, dat Paul Gauguin (1848-1903) en syn skildersmaat Charles Laval (1862-1894) op it eilân Martinique, ien fan ’e Frânske Antillen yn ’e Karaïbyske see, makken yn it jier 1887. Lit ik it mar fuort sizze: dat soart útstallings binne myn paradyskes, de skatkeamers dy’t my lûke om op in reis(ke) te gean. De grutte reizen haw ik faaks wol in bytsje efter my lizzen. Hoewol’t ik noch al nei New York wol om musea te sjen. Mar in ferbliuw fan in jier of mear, yn it ien of oare plak of streek, om dêr te wurkjen? Ik tink it hast net… mar hielendal útslute kin ik it ek net nammers.

In stikje ûnrêst wennet noch hieltyd yn dizze Romantikus. Wêrom baarne keunsters gauris, ik behein my yn dit stikje ta byldzjend keunstners, fan langst nei oare plakken en gebieten? De motivaasje om te gean is oars foar in grut part itselde foar skriuwers en oare kreativelingen, sa as men keunstners tsjintwurdich, wol gauris (alles is iroanysk en iderien is like goed) wanachtsjend neamt. We pikke der in nustje út hear. Fansels binne der ek keunstners genôch te finen, dy’t nea op reis west hawwe en waans wurk sels de reis is. Rembrandt siet oan ’e Amstel, mar dat hie faaks ek te krijen mei it feit dat der noch gjin Heineken wie… koe ik net litte. Ien fan ’e earste, ferneamde ‘keunstreizgers’ wie Albrecht Dürer (1471 – 1528). Ut Neurenberch wei wie der al ein fyftjinde ieu op ’n paad, de Alpen oer nei Italië. Hy wie ek ien fan ’e earsten dy’t brieven nei it thúsfront skreau oer al syn aventoeren en dêr binne in stikmannich fan bewarre bleaun. De brieven geane gauris oer problemen mei pleatslike keunstners en fansels, eat dêr keunstners it altyd oer hawwe… jild!

Hjir in brief fan 2-4-1506, de brief giet oer in opdracht dy’t Dürer hân hat, foar it meitsjen fan in skilderij foar Dútske keaplju, dy’t yn Feneesje tahâlde.
‘Ir solt awch wissen, das jch vill geltz gewunen möcht haben, wo jch der Tewschen thafell nit hett angenumen zw machen. Aber es jst ein grosse erbet doran.’
(Jimme moatte witte, dat ik in soad jild fertsjinne hie, as ik de opdracht foar it Dútske skilderij net oannommen hie. It is in bealch fol wurk.) De reizen fan Dürer hawwe ek prachtige akwarellen fan lânskippen en stedsgesichten opsmiten.

Dan binne der de reizen dêr’t de keunstner sa gek as in sint fan werom kaam is. Ien dêrfan is Richard Dadd (1817 – 1886), dy’t yn 1842 op in sabeare ‘Grand Tour’ nei Syrië en Egypte gong. Hy rûn in sinnestek op en dêrnei tocht er dat er Horus, de soan fan ’e god Osiris wie. Hy tocht dat der yn it buorreljen fan ’e Egyptyske wetterpipen geheime boadskippen oan ’e minsken iepenbiere waarden.
Werom yn Ingelân fermoardet er syn heit mei in skearmês, wylst se tegearre op in kuiertochtsje yn ’e bosk binne. Dêrnei ferdwynt er de rêst fan syn libben yn in ynstelling, mar hy mei wol skilderje. De ‘Fairy Feller’s Master – Stroke’ (ek in nûmer fan ’e groep Queen) is wol syn bekendste skilderij, hy wurke der njoggen jier oan. It sit fol mei draaiende linen, elfkes en kabouters en ferwizings nei Shakespeare. De skilderijen en wurken op papier binne planút hallusinearjend te neamen. Yn ’e eagen fan ’e bewenners fan syn wurk leit werklik de dwylsinnigens… in nachtmerje oerdeis. Dan hawwe jo ek noch skriuwers, dy’t ek byldzjend keunstner binne en dy’t op reis geane. Hee, wa soe dat no wêze kinne bygelyks? Ja, nee… ik dus!

Yn 2003 hold ik trije moannen yn Callosa d’En Sarria ta, in berchdoarpke yn ’e buert fan Benidorm. Fan dêr út makke ik in aardich oantal reizen en reiskes, deitochten. Ek in kear nei it plak Murcia. No is it altiten feest yn Spanje… Fiesta nacional… fiesta local en gean mar troch. Dy dei wie it tafallich in fiesta local, día Romería de la Virgen de la Fuensanta, 11 septimber, en hast alle musea yn it plak wienen ticht. Op in stuit seach ik in hiele rige minsken stean by in soart oaljekoekekream en dêr moast ik by wêze fansels. It die bliken dat it in Churros Artesanal, tige ambachtlik of soks wie…Churros kinst no ek hieltyd mear krije op ’e merk yn Nederlân. Ik moast sels in nûmerke lûke en it duorre in aardich skoftke foar’t ik oan ’e beurt wie. Undertusken koe ik aardich sjen wat der allegear oan ambachtliks/artesanaals foarbykaam yn ’e dampende frituerhjitte fan ’e kream. De churrosbakker die in soart fan brânslang fan daai yn in frituerbak en draaide dy in oantal kearen om. As de slang klear wie moatst er noch efkes útdripkje en dan kaam in dame en dy knipte der stikken ôf mei in grutte skjirre. Dy stikken kamen yn in puntpûde, dan kaam der kanielsûker oerhinne en… dêr komt it… je krigen der noch in plestik bekerke mei raande sûkelarje by, en dat dienen se fierstente fol, om de Churros yn ûnder te dompeljen. En fan wat ik doe seach dream ik noch wolris. Alle ôffalbakken sieten grôtfol, mar dat is foar Spanjerts ‘no hay problema’-gebiet. Dêromhinne kinne jo noch fan alles kwyt. Deun neist de kream wie in fjildsje mei allegearre kaktussen. It binne oant no ta de iennige sûkelarjekaktussen dy’t ik ea sjoen haw. De plestik bekerkes stienen mar wat mâl as huodsjes op ’e kaktuskopkes. It donkerbrune guod siet, werklik wier, oeral. Dalí hie it net sa raar betinke kinnen. Net dat ik dat byld ea yn in skilderij ferwurke haw of ferwurkje sil, mar ik haw it der no wol oer, dus ik draach it by my en hoe lyts it oandiel ek yn myn bestean, it hat my dochs wer in stikje foarme en makket diel út fan it meireizgjend paradys út ’e titel.

Meikoarten sil ik der dochs mar wer ris wat langer op út, dan haw ik yn in folgjende kollum ek wer wat te fertellen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *