Henk Nijp

Yn ’e útferkeap

logo.ensafh

‘Inspiratie’ stiet der mei grutte kapitalen boppe in wandfitrine en even fierderop ‘Beleef’ mei in útropteken. Op ’e planken yn ’e útstalkast leit it meast opsichtige en lûdrazende krystguod dat der mar te betinken is. It útropteken stiet der folslein om ’e nocht, want it moais hat lawaai genôch. Ik wie dus yn sa’n winkel mei fan dat guod, wy ha der allegearre wolris west, je ûntkomme der soms net oan… Ik hie dêr kar út op syn minst 25 ferskate soarten kryst-led-snoerkes. Foar yn ’e krystbeam (bûten én binnen), oan de daksgoate, yn de bukshage, op ’e foardoar, yn de hortinsjes, yn de bjirken, om ’e flaggemêst en fierder oeral dêr ’t it mar yn- of oanheakje wol. En dat al fier foar’t it krysttiid is. Ach ja, begjin septimber leine de earste pipernuten ek al wer yn ’e supermerk.

De kommersje fynt altyd mar wer op ’e nij metoaden en wurden dêr’t fan hope wurdt dat dy de keapers oertsjûgje sille. It moat altyd oer de earder brûkte betinksels en gjalpen hinne. Oars rint men achterop en de konkurrinsje sliept net! It falt noch mei dat der gjin Inspiration en gjin Experience op dy muorre stiene, want yn it Ingelsk smyt it skynber noch folle mear op. In gewoane útferkeap bestiet allang net mear, it is hast alle dagen Sale!

Wat fan fier komt is nijsgjirrich en as it jild opsmyt is it noch folle ynteressanter. Neist de wenstige feestdagen as Sinteklaas, krysttiid, Ald en Nij ha wy in moai skoft lyn Falentynsdei der al bykrigen. Goed foar in pyk yn de ferkeap fan blommen, geurkes, boeken en oare giftpacks. En wy hiene al Karnaval, Peaske (meubelbûlevaar!), Memmedei, Heitedei, Bistedei, Sint Marten en neam al dy prachtdagen mar op. Alwer in skoftke ferlyn is Halloween út Amearika wei hjirhinne oerwaaid. Ferklaaiersklean, maskers, bonkerakken, flearmûzen, pompoenen; alles is te ferkeapjen as der mar handich op ynspile wurdt.

Noch mar in pear jier werom wie der ynienen Black Friday. Yn Amearika bedoeld om it saneamde ‘kadoseisoen’ te iepenjen en de klanten de winkel yn te sûgjen nei Thanksgivingday. In dei dy’t hjir mar amper bekend is, mar dat makket net út as de pinautomaat mar pipet. In tal tûke winkels lit oan dy Swarte Freed ek noch in tongersdei yn allerhanne kleuren foarôf gean. Ik bin al in Orange en in Green Thursday tsjinkommen. En allegearre mei reuseftige koartingen. En wy hiene ek al in Wite Tongersdei, mar dat is wer in hiel oar ferhaal. Oan Cybermonday moatte wy noch wat wenne, dy moat der noch wat ynkomme, mar dy folget op it wykein fan de Black Friday. Om dat keaperswykein noch wat op te rekken. Al dy koartingsdagen spylje yn op it gefoel fan de konsumint dy’t nó syn slach slaan moat; goedkeaper wurdt it ommers net! Mar aldergeloks is der dus noch in flechtrûte as men de freeds te let west hat. De tiisdei en de woansdei binne tink ik sawat de iennichste dagen dy’t noch gjin kleurke hawwe. Der lizze dus noch kânsen.

Singles Day, op de 11e fan ’e 11e, stiet ek al oan ’e doar te roppen om deryn. Dat fenomeen komt wer út in hiel oare hoeke fan ’e wrâld en sil in gefolch wêze fan it optsjen fan Alibaba en oare ynternetsinezen. It wie fan oarsprong in soarte fan frijfeintedei op ’e universiteiten yn Sina mei allerhanne festiviteiten om oan de man of frou te kommen, mar is no folslein troch de e-kommersje oernaam. In jier werom goed foar sa’n sloarderige santjin miljard dollar. In hiel protte dus, ik rekkenje dat mar net mear om nei Euro’s, it bliuwt dochs ien grutte Dagobertbulte. Bol.com, ús eigen e-Sinees sis mar, hat de Yuan-tekens ek yn ’e eagen en giet der mar wat graach yn mei, hopet op noch mear omset as ferline jier. En dy earme útwrongen en ûnderbetelle zzp-koeriers ride en drave har mar út ’e naad om al dy miljoenen pakketsjes op ’e tiid ôf te leverjen by de ûngeduldich hymjende klandyzje.

Nuvere ynslûpsels, dy jildklopjende ekstra-superfoardielige-koartingsdagen, se ha hjir goed besjoen eins folslein gjin woartels. Mar ik moat de earste blokkearfries der noch oer hearre…

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *