Nadie Hania

Lân dêr’t wûnders barre

logo.ensafh

 

Mearkelân,
troch it sjochglês
stiet de faam yn al har pracht
har hier yn in gerdyn fan sulveren rein,
har sêfte hûd gloedzjend yn it ferskûle ljocht.
in twingende koarts stiicht
as de feint ferskillende manieren besiket
har yn it unthâld op te lûken
wylst er himsels yn it ferhaal skriuwt.
earme jonge dûm “útsinnich” yn syn dilemma, hy wit,
dat dit gjin maklike ferlieding wêze sil
hoe glindich driuwend syn langst opkomt
as er dernei langet om de selsopleine ûnthâlding fan ús heldinne te beëinigjen
hite moarnsmûklaach yn novimber
en ús ynkringer hat ús faam ferliede
mei waarme tuten swieter as ryp fruit
in wyldens beweecht der yn de bloedbaan
no ûndersiket er stadich en leaflik har ûnoantaaste lichem
as se ûnder syn delikate slaggen huveret
en triljend omheechkomt, om nei in koartseftige hichte te stigen
in skronfelich rige oan de himel
dêr’t dompige hoekjes súntsjes yn fokus komme
en ferspije om har gean te litten,
dan riert de passy, stadich yn syn djipten
no priuwt er har geheimen, dielt har wille.
twange knoppen fan antisipaasje wurde leaflik plôke,
syn fingers fine de stangel, in maat fan focht;
lústerje, “sjelei-eftige” fingers printboartsje willesymfonyen
yn in tongergoate fan sêfte wjergalm fan jeuchlik geniet
waarm en bûten azem skilderje kristallen reinbôgen oan
de binnenkant fan har eachlidden wylst se slieprich wurdt yn de neigloar
koartsein wurdt er ferlitten, it gesicht fan ’e dichter fertolket pine
ûntfongen fan dizze no koele yn ûnstjoer brochte skientme;
hoewol’t er de fâlden en franje fan elk blomblêd rekke,
syn haadstik wurdt fuortendaliks wiske en it
orizjineel ferhaal ferskynt op ’e nij.
miskien is se troch it kninehoal gliden,
ús leave faam, mar se bliuwt foar altyd juffereftich en suver.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Lân dêr’t wûnders barre

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *