Aginda 14-12-18 o/m 02-02-19: Marboei-eksposysje yn Obe

logo.ensafh

Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan Taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift De Moanne en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn Obe.

Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter.
In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreaunen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien. De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hetinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting.

Heer Ivostrjitsje 1, Ljouwert

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *