Teleks: Utjouwerij Regaad jout fergees boeken wei oan skoalbiblioteken yn Fryslân

logo.ensafh

Op 28 desimber fan dit jier is it eksakt 400 jier lyn dat skipper Willem Ysbrantsz Bontekoe ôfsette foar syn bekende ûngeloksreis nei Ynje. Fan dizze reis makke hy nei thúskomst in ferslach, “Journaal ofte gedenckwaerdige beschrijvinghe”, wat as basis tsjinne hat fan it ferneamde boek De Scheepsjongens van Bontekoe fan Johan Fabricius. Fan dit boek is yn 2015 in prachtige oersetting ferskynt by Utjouwerij Regaad. No, 400 jier neidat Bontekoe op de rede fan Texel it anker ynhelle, jout Regaad de lêste beskikbere eksimplaren fan dit boek wei oan skoallen yn Fryslân. Skoallen dy’t harren biblioteek of dokumintaasjesintrum útwreidzje wolle mei in eksimplaar fan De Skipsjonges fan Bontekoe, kinne in email stjoere oan ynfo@regaad.nl. It boek sil dan fergees en om ‘e nocht by harren besoarge wurde.

De Stifting Utjouwerij Regaad rjochtet him op de produksje fan Fryske oersettings yn heechweardige en orizjinele útjeften, mei as doel de Fryske lêsbefoardering. Mear ynformaasje op www.regaad.nl en ús facebook-side.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *