Martsje de Jong

Besprek Swarte Swan, Gideon Samson / oersetting: Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Foar pubers wurdt ornaris net in soad Frysk skreaun. It argumint lit him riede: se lêze leafst neat oars as koarte berjochten op sosjale media, of hingje ûnderút foar Netflix. Dêrmei pleitsje útjouwers harsels frij en begjinne skriuwers as it treft net iens oan in boek foar de dreechst te begripen kategory bern dy’t der is. Mar wat der net is, kin ek net lêzen wurde. It feit dat der sûnt 1999 mar tsien (!) orizjinele Fryske boeken skreaun binne foar de bern yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, wêrfan de helte fan de hân fan Hanneke de Jong, seit genôch. Gelokkich komt der út en troch in oersetting fan in populêr jeugdboek foar it ljocht. Ien dêrfan is Swarte Swan fan Gideon Samson, yn in oersetting fan Geart Tigchelaar.

Dúf,’ sei Rifka. ‘Moatst oplette.’ Se die it kin in lyts bytsje omheech en rôp: ‘Ik bin in draak!’

Ja hear, dêr kaam de reek. No pas, út har noastergatten.

Rifka wie echt in draak.

Rifka en Duveke binne freondinnen. Bêste freondinnen. RDF krast Rifka yn muorren, ûnder it taffeltsje yn ’e klasse en yn harren skoalskriften. ‘Rif+Dúf Forever’ betsjut it. Teminsten, as it Rifka sa útkomt. Want de freonskip tusken de beide fammen hinget swier út it lead en is basearre op it prinsipe fan lieder en folger. Of better: kening en ûnderdien. ‘Rifka betinkt altyd fan alles.’ ‘Rifka laket, sa as se faak laket. Mei sa’n Rifka-blik.’ ‘Rifka wit faak dingen better.’ It lit sjen wat de ferhâlding is tusken de beide fammen: Rifka is de baas en Duveke sjocht heech by har op. ‘Freondinne wêze fan Rifka is wol it heechste dat je berikke kinne.’

De beide fammen foarmje in net te ferbrekken ienheid yn harren libben tusken de oare bern, dy’t se ‘pimelpikkys’ en ‘truttekoppen’ neame en dêr’t Rifka de King oer hearsket en dy’t se fernederet as it har sa útkomt, om’t se dat ‘laitsjen’ fynt. Op in dei hat Rifka wer wat betocht. Eat dat ‘echt laitsjen’ is. Se betinkt dat se op har eigen begraffenis wêze wol, want by de begraffenis fan in jonkje út harren klasse wiene in soad minsken en dy moasten allegearre bot gûle. Dat wol Rifka ek wol, dat minsken om har gûle moatte. Dêrom set se har eigen ferdwining yn sêne. In moard sûnder lyk moat it wurde en se wol sels yn fermomming nei dy begraffenis ta om te sjen hoe’t elk fertriet hat om har, de leave, geweldige Rifka De Fantastyske (RDF, yndied). It plan rint yn earste ynstânsje knap, se hat oan alles tocht, en famylje en plysje slaan grut alarm as Rifka op in dei net op skoalle ferskynt. Dochs komt alles oars.

Gideon Samson hat in fernimstige wize fûn om syn boek op te bouwen. It bestiet út trije dielen: ‘Foar’, ‘Nei’ en ‘Wilens’, yn dy folchoarder. Yn it earste diel is Duveke de ferteller, dy’t yn ’e ik-foarm de oanrin fertelt nei de ferdwining fan Rifka. It twadde part fan it boek, ‘Nei’, wurdt ferteld út it perspektyf fan Olivier wei, de broer fan Duveke. Op him is Rifka fereale en wend as se is om har sin te krijen, kin se it net ferneare dat hy ferkearing hat. Olivier fielt him bot ferantwurdlik foar Duveke en wol alles foar har dwaan. Ek de skuld op him nimme foar eat dat er net dien hat.

Yn it lêste diel fan it boek, ‘Wilens’, komt Rifka oan it wurd. Hiel treffend foar har persoanlikheid hat Samson der hjir foar keazen om har yn de tredde persoan oer harsels fertelle te litten.

RIFKA!’

‘Ik hear dy net!’ ropst troch it lege hûs. It galmet yn dy leechte.

‘IK! HEAR! DY! NET!’

Do raast, do kritest, do gilst. Mar net ien kin dy hearre, want do bist ûntfierd. En aanst ek noch dea, hartstikkene dea. Lang libbet de kening!

De skriuwer brûkt in sitaat fan Johan Cruijff as motto foar it boek: ‘De wierheid is noait krekt sa’tsto tinkst dat er wêze soe.’ Better hie er it net útkieze kinnen: sels op ’e lêste bledside is it noch spannend en kin it ferhaal noch alle kanten op.

Swarte Swan, yn it Nederlânsk Zwarte Zwaan, is net it earste it bêste boek dat Geart Tigchelaar útsocht hat foar in oersetting. It boek, dat ferskynde yn 2012, waard bekroand mei in Zilveren Griffel, krige in earfolle fermelding op de Gouden Lijst, in White Raven en nominaasjes foar de Flaamske Jeugdjury en Kleine Cervantes. ‘Ik fûn it sa’n prachtich boek, dat ik it beslist oersette woe,’ seit er oer syn kar. Gelokkich tocht útjouwerij Hispel der ek sa oer, want mei Swarte Swan is der in absolút geweldich boek yn it Frysk beskikber kommen foar de jongerein. Spannend, tsjuster, dramatysk, mar ek werkenber. Swarte Swan rekket je.

Geart Tigchelaar hat in knappe prestaasje delset mei syn oersetting fan dit boek, want it is dreech om in toan te finen dy’t bern tusken pakwei tolve en sechstjin jier boeit en beethâldt. It mei net te dreech, mar ek beslist net te bernich wêze. Dan komt der by it Frysk noch as ekstra punt oerhinne dat de skriuwtaal oer it generaal in hiel ein fan ’e sprektaal ôfstiet. Wy sizze ‘even’, mar skriuwe ‘efkes’, wy sizze ‘achter’, mar skriuwe ‘efter’. Dêr hie er hiel maklik kieze kinnen foar allinnich mar sprekfrysk, mar dat hat er net dien. Dêr wêr’t it koe, hat er gebrûk makke fan it wat gevere skriuwfrysk. Lykas ‘skoft’, ynstee fan ‘pauze’. Mar hy kiest wol foar ‘achter’ ynstee fan ‘efter’. Dy’t dit besprek lêst, sil tinke oan willekeur, dy’t it boek lêst, sil fernimme dat krekt dit it ferskil makket dat it lêst as in trein, sûnder dat de rykdom fan ’e Fryske taal ûnderstek dien wurdt. Dêrom waard ik tige bliid fan it feit dat Rifka harsels ‘ûnmeilydsum’ neamt. In wurd dat se ris lêzen hat en dat se prachtich fynt. Dat is it ek. Bliid dat dêr noch gjin ‘nijfrysk’ wurd foar is!

Swarte Swan is in absolute oanwinst foar de Fryske jeugdliteratuer. Ik soe sizze: moai foar ûnder de krystbeam en oars mar sa ris as presintsje.

Swarte Swan
Gideon Samson, oersetting Geart Tigchelaar
Utjouwerij Hispel

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op