Blog Nadie Hania: Lêzende mannen

logo.ensafh

Der binne ferskate beweechredenen wêrom ik graach yn in boekewinkel kom. Ik kin ta argewaasje fan guon minsken, oeren yn in boekwinkel trochbringe. Neat is sa hearlik dan alle boeken rêstich te besjen en in stikje te lêzen, om te bepalen hokker ik mei nei hûs nim. Boekewinkels wêr in kofjehoekje is en sitplakjes binne de winkels wêr ik hielendal fereale op bin. Mar ik kom ek graach yn in boekewinkel, om’t dêr (blykber) in seldsum type man ferbliuwt: de lêzende man. Ik ha in swak foar lêzende mannen en wêr kinsto dy better spotte dan yn in boekewinkel? De boekewinkel is de natuerlike habitat fan dit type man. Hjir fynt hy syn lêsfoer, hjir kiest hy syn folgjende proai.

Lês fierder by Nadie Hania

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op