Teleks: Poëzij Willem Abma út nije bondel ‘Ferbûn en Sjoen’ by RIXT

logo.ensafh

Pleatst op 15 desimber 2018
Twa fersen út ‘Ferbûn en Sjoen’ fan Willem Abma

Op 21 novimber waard de nije bondel fan Willem Abma presintearre yn it tsjerkje fan Himpens. ‘Ferbûn en Sjoen’ is de titel. Mei as ûndertitel: ‘Mimeringen oer myn leauwe en libben’. It is de delslach fan in oanhâldende inerlike dialooch oer mystyk, leauwe en ferstilling. Mimeringen dus oer geloofsbelibbing en libbensrin; gedichten, teologyske gedachten, gebeden en geastlike lieten komme yn dizze bondel dan ek byinoar.
Foar RIXT socht Abma twa teksten út. Jo kinne se hjirûnder lêze.

‘Ferbûn en Sjoen’ is Abma syn tweintichste dichtbondel, bibliofile útjeften fan útjouwerij De Hynsteblom fan Karel Gildemacher meirekkene.
De bondel is útjûn by Wijdemeer.

Lês fierder by RIXT

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “Teleks: Poëzij Willem Abma út nije bondel ‘Ferbûn en Sjoen’ by RIXT

  1. Willem Abma is it noch net ferleard – ‘MRI-scan’ is in treflik gedicht op ien rigel nei.

    ”In ferpleger docht swijsum en meganysk syn wurk”

    Ik haw dit jier heel wat scans ûndergien, en moai aardich wat Frânske ferplegers en ferpleechsters metten. Belutsen minsken, waarme minsken en foaral kommunisearjende minsken (se woene sels Frysk leare).

    De prachtige metafoaren yn dit fers wurde wat ûnderut helle troch dy minne rigel, en dat is spitich.

  2. Ik miende dat it de bedoeling wie dat Rixt nije gedichten bringe soe. Gjin gedichten út al publisearre bondels. Mar dat falt ôf dus. Ek miende ik dat de gedichten har rjochtsje soenen op de aktualiteit (lês: de politike en sosjale werklikheid). Falt ek al ôf. No is Rixt dus neat mear as wer in ‘gewoan’ publikaasjekanaal foar poëzij. En mei optredens op festivals wurdt ‘t ek net better – dixit resintelik Jensma en It Skriuwersboun. Dat, hoe fierder, Rixters?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *