Giny Bastiaans

Krystleafde

logo.ensafh

Der wiene noch krekt twa plakjes frij yn de stiltekûpee. Dat rotterige plak foaryn, dêr’t sels in lyts frommes as ik de fuotten net kwyt kin. En dêr’t je ingtefrees krije troch dat grutte wite lewant deun foar je noas. Mar ik siet droech en waarm en ik sette de tasse mei kadootsjes njonken my op ’e stoel. Der wie oars gjin plak foar.
Ik hearde drokte efter my. Twa froulju besochten tagelyk ús kûpee yn te kommen. De trein wie fol en se woene beide de stoel njonken my ynnimme. De Blonde hie lange earms en treau de oare oan ’e kant, raamde myn tas de stoel út en plofte gau del. De frou mei it krultsjehier biet har ta:
“Bretalen ha de heale wrâld”.
“Jawis!,” sei de Blonde. En stuts de earms omheech as hie se in medalje wûn.
“Gelokkich is de oare helte fan ús,” sei de krullekop en gie op syk nei in oar frij plak.

“Ast allinnich komst te stean,” sei Blonde, “dan learst wol om foar dysels op te kommen. Sy dêr waard op de trein brocht troch har man en bern. Dusss, sý hat neat te seuren.”
“Tsja,” sei ik, en bestudearre earnstich de slogans op de ruten fan de stiltekûpee. ‘Hier kunt u in de verte kijken.’
Yn hoefier soe ik har stil krije kinne?
Sy loerde ûnderwilens yn myn tas fol moai ynpakte pakjes.
“Ferlette Sinteklaasjûn?”
“Ik wit net,” sei ik, “wat no krekt de bedoeling is fan de bern. Se fiere it krekt tusken Kryst en Sinteklaas yn. Ik ha wat dinkjes foar de Kryst kocht. Sinteklazegedicht derby.”
Se seach my oan: “Ek allinnich?”
“Jawis, sûnt koart, 403 dagen.”
“En?”, frege se, “witte jo al wêr’t je wolkom binne mei de Krystdagen? By de bern? Famylje, freonen?”

“Uuuhhh,” sei ik. Want ik wist it noch net. En wat gie har dat eins oan? Ik hie juster yn my omgean litten om mei de Kryst myn rêchpûde yn te pakken en mei in kearske en in stikje kryststol by Swarte Haan te rinnen te gean. Waar of gjin waar. Dan hoegde gjinien him of har ôf te freegjen: “Moatte wy har der ek efkes by freegje?” En dat dan elkenien it grutte gat fielt njonken my.

“Ik ha myn nocht derfan,” sei se, “Dat gedoch fan: ‘Wat doen we met mama? Jíj bent dit jaar aan de beurt. Vorig jaar hebben wíj haar al gehad!’
Skyt mar.”
“No ja,”sei ik, “Se bedoele it goed. En dy bern moatte der ek oan wenne dat heit der net mear is. Se dogge har bêst.”
“Har bêst, har bêst? Dat die ús generaasje. Doe’t ús heit ferstoar sieten wy alle sneinen by ús mem. Om har troch de tiid te helpen. Mar de jongelju fan hjoed-de-dei ha it sa drok mei harsels. Moatte dan wer in wykein mei freondinnen te chillen. En de jonges moatte sporte. En dan moatte se wer tegearre in wykein fuort om oan har relaasje te wurkjen. En beppe mar oppasse, dat dan wol wer. Nee, mei de Kryst doch ik it al jierren oars.” Se gnyske.

Ik wie benijd.
“Ik gean yn novimber al op Tinder sitten en sykje in gaadlike man út. Foar de wintermoannen. En dan spesjaal foar de feestdagen. En dat slagget elts jier sa moai as wat. Eh ja juh, manlju genôch dy’t net oer allinnich wêze kinne.”
Jawis, tocht ik, dat kaam my al wat bekend foar.
“En witste, myn man hat my in goed pensjoen efterlitten. Ik gean earst efkes nei de salon. Lit wat rimpeltsjes mei filler dwaan. Wat botox hjir en dêr. Moaie laach op ’e snút en dan in fotoke op Tinder. Moatst ris sjen wat dêr allegear op ôf komt. Ik ha se mar foar it útsykjen.”
Se gniisgobbe wat en flústere: “Der moat al wat modder oan ‘e kloet sitte by de man en dat ik my al wat mei him fertoane kin. Ik gean dan in pear kear mei him te kofjedrinken en at er my net te folle oan ‘e kop seurd oer kwalen, dan kin it wol wat wurde. Noflik tegearre út iten, leuk jurkje oan en stadichoan ûntstiet der dan wol in moai krystsfearke. Dan krij ik him wol sa fier dat wy in sfearfol reiske meitsje mei de Kryst. En dan ha ik neat mei dy smoarge bern te krijen. Beppe rêdt har wol.”
Ik wie der stil fan.
“En no dan”, frege ik, “Wie de fangst fan ’t jier ek wer goed?”
“Ja, wat tochtste,” sei se. “In pracht fan in âld-boer yn Grinslân! Yn sa’n mânske pleats witst wol. No ja, mei fan dy skuorren fan dy ierdbevings, dat dan wol wer. Mar dêrom wol hy der stommegraach eefkes op út mei in fleurich frommes. We sille tegearre mei de Kryst op in busreis nei Wenen!”
“Tsjong”, sei ik. “In fette fisk dus. Dat kin wol wat wurde yn de takomst!”
“Eh nee juh,” bearde se, “Yn de rin fan febrewaris meitsje ik it altyd wer út. Ek al is de man noch sa aardich. Want witste, manlju op sekere leeftyd, dêr is altyd wat mei. Prostaat, hert, rêch. Foardatst it witst, bist wer oan it mantelsoargjen. En dêr begjin ik nét wer oan. Dusss, dan sis ik tsjin him: “Dit wie it. It hat moai west. Mar do bist net de man foar my.”
Se pakte har kofferke en sei: “Moatsto ek dwaan! Gewoan dyn libben yn eigen hannen nimme. Lit dy bern har eigen gong mar gean.”
Se wjukkele op te hege hakken oer it perron. Slach yn ’e rêch. Noas omheech. Op wei nei har Krystleafde.

Nov. 2018/Giny Bastiaans

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Wilma van Etten Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Wilma van Etten
Gast
Wilma van Etten

Weer heel anders Giny. Wat verdrietig en armoedig én dapper en strijdbaar tegelijk!