Lomme Schokker

De twadde wet fan Sibrand Swart. In krystferhaal

logo.ensafh

Lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learaar. Dat is de earste wet fan Sibrand Swart, dosint Frysk, yn it wolnimmen. Op de kweek doetiids hjitte de wet sjesa dat lesjaan begjint mei it ferhaal fan de learling. Haha. Och, hoe nommel, och, hoe moai. Ik stean blinders al fjirtich jier foar de klasse, basis en middelber byinoar opteld, ik haw njonkelytsen myn eigen wetten definiearre om my tsjin it rosmos oer steande te hâlden.

Lit ik my mar net al te bekend meitsje, jo hawwe de namme, dat moat genôch wêze. Ik sit moai net op Facebook, myn leafste learlingen sille dizze betûfte learaar net molestearje mei harren ûnferhoalen stikelstekken en it moarch út de bonken heljend treiterjen en terreur. En jo hearre my net krimmenearjen dat ik noch hûnderttsien lange dagen wurkje moat oant ik yn it takom jier einlings de AOW yn kin. Of hjit it de WAO? Ik freegje jo inkeld dit: hoe kin ik yn de goedichheid myn skatsjeblommen fan HAVO 4: A. de leafde foar it Frysk bybringe, B. in bytsje geef skriuwen leare, C. bekend meitsje mei de Fryske literatuer en D. leare in gedicht te lêzen, yn twa lesoeren yn de wike? No? Sis it mar. Se kinne it net en se wolle it noch minder.
Fan Sinteklaas ôf oan haw ik, yn in knap stikje projektûnderwiis al sis ik it sels, dwaande west mei myn grutte jierlikse opdracht: skriuw in krystferhaal fan op syn minst fiifhûndert wurden. Yn alle fiif de HAVO-klassen haw ik fan ’e wike de opstellen ynnommen, byinoar in goede hûnderttweintich ferhalen. Hûnderttweintich krystferhaaltsjes lêze en neisjen, yn myn fakânsje! En ik haatsje de opfokke krysttiid! Dizze is wol aardich:

De Skriuwtsj yn pake

Us pake wol inkeld Frysk prate. Op strjitte en yn de winkel, by de bakker, de slager en de kapper, pake wol inkeld Frysk prate. Ek tsjin myn freon út Grins. Dy ferstiet der hielendal neat fan. En myn freon wol it ek net ferstean, want wy wenje ommers yn Nederlân! Mar pake wol inkeld Frysk prate. Hy wol syn taal net ferbrekke, seit er. Ek tsjin syn buorlju, moslims út Masedoanje, sil pake inkeld Frysk prate. Dy ferstean amper it Nederlânsk!

Us pake wol inkeld Frysk hearre. Hy harket de hiele dei nei Omrop Fryslân. Wat se dêr yn it Hollânsk fentilearje is dizich geëamel, seit er. Pake wol inkeld Frysk hearre, ek fan syn bernsbern. Myn freon hat neat te sizzen, neat te ferheljen, gjin ynbring, myn freon bestiet net foar pake. Pake wol inkeld Frysk hearre. Eins wol pake âld en deeglik boekefrysk hearre, hy wol ‘ik haw’ hearre, hy wol ‘muoike’ hearre en ‘pakesizzer’, ‘stjoerder’ en ‘efter’.

Us pake wol inkeld Frysk lêze. Alle kearen wer foeteret er op de Ljouwerter en op de Moanne, want pake wol inkeld Frysk lêze. Syn boekekast stiet fol mei Rink van der Veldes, Tiny Mulders en Durk van der Ploegen en sels mei Josse de Hanen, want pake wol inkeld Frysk lêze. ‘De ferneukte stêd’ stiet der ek, mar dat fûn ik hielendal neat. Of ‘It paradys ferlern’ fan in John Milton, net om troch te kommen. Us pake fynt it machtich, want Frysk. ‘De wiete poes’, dêr mocht ik wol oer, of alles fan Hylke Speerstra, en fan dy syn broer Bonne. Pake fynt alles moai, as it mar Frysk is.

Us pake wol inkeld Frysk skriuwe. Mei de belesting en it wetterskip en mei de gemeente. It formulierke foar de stân fan de meters set er earst oer yn it Frysk. Alle appkes fan him binne fansels yn it Frysk. Hy hat in famylje-groepsapp oanmakke, mar is de iennige dy’t der op sit. Pake skriuwt Frysk mei wat skriuwers fan it Boun, mei wat freonen fan om utens, mei guon fan de FNP. Pake skriuwt inkeld Frysk, ek op syn blog, dat gjinien, dus dat ‘nimmen’ lêst. Syn ynstjoerde brieven nei de Ljouwerter binne fansels alle kearen yn it geefste Frysk, mar in protte snap ik der net fan. Wy allegearre net.

Mar yn better tiden is der hope op feroaring. Sa’n tiid is fan twadde krystdei ôf oant nijjiersdei ta. Dan wol ús pake inkeld lûdop Ingelsk sjonge. Meigalmje. Dan komt er it hûs net út, dan klammet er him fêst oan de Top 2000 op de radio, dan wurdt er wer lytsbern, of in hippy, sa’t er it sels seit. Pake wol dan inkeld Ingelsk sjonge. Born to be wild. As tears go by. I can’t get no satisfaction. I’ve got dreams to remember. Yesterday, all my troubles seemed so far away. How can we hang on to a dream. With a little help of my friends.
Us pake wol dan inkeld Ingelsk sjonge. Sels de Fryske Top 100 lit er sjitte. When I am sixtyfour. Fool on the hill. Eight days a week. People are strange. Ain’t got no, I got life.

Heech, pake, sjoch omheech, en kom fan it dak ôf!

It lesjaan stiet stil mei de taal fan de learling. Sa giet de twadde wet fan Sibrand Swart. Ik tink dat ik myn pakesizzer hjir in dikke acht foar jou. Dy lêste song, dat docht it. I’ve got life! En och, it kommende healjier kom ik ek wol troch. Dizze ferlibbe krêbebiter moat der noch mar wat moais fan meitsje. Want as wy fan de âlderein of yn it ûnderwiis it net dogge, wa dan wol?

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op