Henk Nijp

It dna fan Fryslân

logo.ensafh

Fryslân is wer yn ’e prizen. ‘Blokkeerfries’ is lanlik it wurd fan it jier wurden! Wy steane wer moai op ‘e kaart. Yn alle listjes en toppen safolle fan fan alles dy’t der oan ’e ein fan it jier ferskine, ûntbrekt sûnt sa’n fyftjin jier in wurd-fan-it-jier-ferkiezing net. Mar is sa’n útferkiezing no echt wat om grutsk op te wêzen, freegje ik my ôf. Ferline jier wie it wurd fan it jier ‘appongeluk’ en yn 2016 wie it ‘nepnieuws’ en dêrfoar ‘treitervlogger’. Moaie útfynsten, de measte wurden fan it jier sprekke foar harsels, mar se ha eins allegearre wat in negative bysmaak. En as je it rychje fierder werom ôfgeane, wurdt dat net oars. ‘Sjoemelsoftware’, ‘dagobertducktaks’, ‘tuigdorp’, ‘ontvrienden’, sa mar in greep; net echt wurden dy’t it bêste yn ’e mins oproppe.

Ik bin der net wis fan, mar ik ha sterk it fermoeden dat de groep dy’t himsels as blokkearfries beskôget no krekt wól grutsk is op dy beneaming. Guon fine it sels in geuzenamme, sa ha ik begrepen. Se fine dat Fryslân wer op ’e kaart setten is troch alle media-oandacht dy’t se oproppen ha. It makket net út hoe’t wy yn it nijs komme, as der mar oer ús praten wurdt. Wy jouwe it hier in frjemd kleurke, lûke in T-shirt oan mei Fryske teksten yn rune-eftige letters, dogge de Skerjontsjes oan en swaaie wakker mei Fryske flaggen as der kamera’s yn ’e buert binne. En as der in mikrofoan iepen stiet, âlje wy wat ‘snoade’ oneliners. Hoe mear folkloare en hoe minder nuânse, hoe stoerder wy it sels fine. Want dat is dúdlik foar elkenien en dan kinne dy oaren, dy Hollanners, it faaks ek snappe. En wy stean earne foar, ferjit dat net! Wy ferdigenje ús âlde kultuer en tradysjes en dêr komt net ien oan! En driget der ál ien oan te kommen, dan geane wy de dwers foar lizzen, as it moat op de sneldyk. Blokkearfries dus.

De TV-stjoerders en de kranten sitte der boppe op en hoe mear eigenaardige folkloare der yn byld te krijen is, hoe leaver as de kamsjoos dat hawwe. “Rare jongens die Friezen, kijk maar…!” En dat byld bliuwt wol hingjen by de sjoggers oeral yn it lân. De parse-offisier fan it Iepenbier Ministearje hie it oer de ‘grote intellectuele rol’ dy’t de foaroanfrou spile hat by de opset fan de protestaksje op de A7. Ik fyn dat yn dit ferbân, sêft sein, mar in nuvere útspraak en wat tefolle eare. Hoe folle ferstân hat ien dy’t sa’n aksje opset no eins?

Wat binne wy no yn de hiele diskusje opsketten? De stânpunten wurde hieltyd skerper oanset en de nuânse en dêrmei in oplossing rekket hieltyd mear út it sicht. Faaks wolle se hielendal gjin oplossing, allinnich mar har sin. Wy bûge nammentlik net in sintimeter!

De groep dy’t berjochte is foar it opkearen fan in demonstraasje en it yn gefaar bringen fan it ferkear, fielt him net krimineel, al is men wol feroardiele. De measten wolle har dna net ôfstean, alhoewol’t dat tsjintwurdich wol de regel is by guon dy’t foarriedich yn ’e hechten set binne. “As sy my ha wolle, moatte sy my mar helje,” sei de út de santiger jierren oerbleaune blauhierrige punkblokkearder stoer. Mar as je dan sa grutsk binne op wa’t je binne, op jins kultuer, jins folk en komôf, wêrom wolle je dan dat dna net ôfstean? Bang dat der mei omnifele wurdt miskien? Mar yn ’e goedichheid, wa soe dat no wolle? Rare jonges, dy Friezen.

Ik bin benijd wat it nije jier wer oan fraais opleverje sil. Alfêst in goed begjin tawinske!

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op