Oersetting Elizabeth Bishop: Tankstasjon

logo.ensafh

 

 

Tankstasjon

Ach, wat is it smoarch!
– dat lytse tankstasjon,
oaljich, mei oalje fersêde
ta in ûntrêstigjende, alhiel
swarte trochskinendheid.
Pas op mei dy lúsjefers!

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail
Abonneren op
Lubbert Jan de Vries
Gast
Lubbert Jan de Vries

…in repro fan Edward Hopper der neist et voila…kompleet…tank foar de moaie oersetting op dizze earste dei fan it nije jier..

eddy
Gast
eddy

Miskien kinne de oersetters sich ris bûge oer dit gedicht fan Robert Frost. Stopping by Woods on a Snowy Evening Whose woods these are I think I know. His house is in the village, though; He will not see me stopping here To watch his woods fill up with snow. My little horse must think it queer To stop without a farmhouse near Between the woods and frozen lake The darkest evening of the year. He gives his harness bells a shake To ask if there is some mistake. The only other sounds the sweep Of easy wind and downy… Lees verder »

Abe
Gast

Dat wurdt in hele put, Eddy. Miskien in aardich idee foar ensafh: skriuw in ,,wedstryd” út, wa makket de bêste oersetting fan dy klassiker fan Frost? Alle bydragen publisearje, sjueryrapport derby.

Eddy
Gast
Eddy

@Abe,

Ik sit fansels net oan ‘e knoppen by ensafh, mar at de redaksje hjir der gjin beswier tsjin makket, stel ik in priis fan 100 euro beskikber.
Ynstjoeringen oant 01 febrewaris 2019 yn ‘e reaksjes op boppesteande post.

Doch do ek even mei Abe!
Ik sit sels yn ‘e sjuery.

Abe
Gast

As ensafh it idee oernimt, de deadline set op 1 maart en in DESKUNDIGE sjuery regelet, doch ik mei. Moai gebaar fan dy!

Eddy
Gast
Eddy

DESKUNDIGE?
No ja, dêr kin ik ek wol wer om gnize.
Dan is it oan de redaksje fan ensafh hoe’t it fierder giet. De 100 euro stiet.

Cornelis
Gast
Cornelis

In nijsgjirrich idee op himsels, mar lit dit mar In partikulier inisjatyf bliuwe. Fansels sille wy oandacht jaan oan it fierdere ferrin fan dizze ‘oersetkriich’.

Abe
Gast

Tocht ik al.

edwin
Gast
edwin

Faaks wat foar Fers2?

Eddy
Gast
Eddy

Ik kin my de reaksje fan ensafh wol yntinke en ha der begryp foar.

Mar, ik ha A sein en sis ek B.

De hûndert euro wurdt ferlotte ûnder de minsken dy’t in oersetting ynstjoere.

De oersettings sil ik op myn blog plaatse. Eltsenien kin dan sels in kar meitsje. Sa mooglik kin ensafh.nl de link op har webside sette.

Ynstjoere nei eddydrost@gmail.com uterlik jannewaris 31.

Freonlike groetnis
Eddy.

Eddy
Gast
Eddy

As de gedichten publisearre binne op myn blog sil ik de lêzers útnoegje om in sjuery rapport te skriuwen.

Dizze sil ik dan ek op myn blog plaatse. De sjuery rapporten sille hooplik mear dúdlikens jaan kinne oer wa’t de bêste oersetting makke hat.

Onder dy ynstjoeringen sil ik ek hûndert euro ferlotsje en de útslach 01 maart publisearje.

Abe
Gast

Nee, Edwin, de iene helte fan de Fers2-redaksje hat sa’n 35 essees skreaun yn fjouwer jier tiid en is fan doel om dêr mei troch te gean, en de oare helte hat it ek tige bannich om alle fjirtjin dagen wer mei in tekst foar de kreamen te kommen. Hoe is it eins mei de aktiviteiten fan de njoggen, tsien of alve redaksjeleden fan ensafh?