Oersetting Elizabeth Bishop: Tankstasjon

logo.ensafh

 

 

Tankstasjon

Ach, wat is it smoarch!
– dat lytse tankstasjon,
oaljich, mei oalje fersêde
ta in ûntrêstigjende, alhiel
swarte trochskinendheid.
Pas op mei dy lúsjefers!

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

13 reaksjes op “Oersetting Elizabeth Bishop: Tankstasjon

  1. …in repro fan Edward Hopper der neist et voila…kompleet…tank foar de moaie oersetting op dizze earste dei fan it nije jier..

  2. Miskien kinne de oersetters sich ris bûge oer dit gedicht fan Robert Frost.

    Stopping by Woods on a Snowy Evening

    Whose woods these are I think I know.
    His house is in the village, though;
    He will not see me stopping here
    To watch his woods fill up with snow.

    My little horse must think it queer
    To stop without a farmhouse near
    Between the woods and frozen lake
    The darkest evening of the year.

    He gives his harness bells a shake
    To ask if there is some mistake.
    The only other sounds the sweep
    Of easy wind and downy flake.

    The woods are lovely, dark, and deep,
    But I have promises to keep,
    And miles to go before I sleep,
    And miles to go before I sleep.

    Robert Frost (1922)

  3. Dat wurdt in hele put, Eddy. Miskien in aardich idee foar ensafh: skriuw in ,,wedstryd” út, wa makket de bêste oersetting fan dy klassiker fan Frost? Alle bydragen publisearje, sjueryrapport derby.

  4. @Abe,

    Ik sit fansels net oan ‘e knoppen by ensafh, mar at de redaksje hjir der gjin beswier tsjin makket, stel ik in priis fan 100 euro beskikber.
    Ynstjoeringen oant 01 febrewaris 2019 yn ‘e reaksjes op boppesteande post.

    Doch do ek even mei Abe!
    Ik sit sels yn ‘e sjuery.

  5. As ensafh it idee oernimt, de deadline set op 1 maart en in DESKUNDIGE sjuery regelet, doch ik mei. Moai gebaar fan dy!

  6. DESKUNDIGE?
    No ja, dêr kin ik ek wol wer om gnize.
    Dan is it oan de redaksje fan ensafh hoe’t it fierder giet. De 100 euro stiet.

  7. In nijsgjirrich idee op himsels, mar lit dit mar In partikulier inisjatyf bliuwe. Fansels sille wy oandacht jaan oan it fierdere ferrin fan dizze ‘oersetkriich’.

  8. Ik kin my de reaksje fan ensafh wol yntinke en ha der begryp foar.

    Mar, ik ha A sein en sis ek B.

    De hûndert euro wurdt ferlotte ûnder de minsken dy’t in oersetting ynstjoere.

    De oersettings sil ik op myn blog plaatse. Eltsenien kin dan sels in kar meitsje. Sa mooglik kin ensafh.nl de link op har webside sette.

    Ynstjoere nei eddydrost@gmail.com uterlik jannewaris 31.

    Freonlike groetnis
    Eddy.

  9. As de gedichten publisearre binne op myn blog sil ik de lêzers útnoegje om in sjuery rapport te skriuwen.

    Dizze sil ik dan ek op myn blog plaatse. De sjuery rapporten sille hooplik mear dúdlikens jaan kinne oer wa’t de bêste oersetting makke hat.

    Onder dy ynstjoeringen sil ik ek hûndert euro ferlotsje en de útslach 01 maart publisearje.

  10. Nee, Edwin, de iene helte fan de Fers2-redaksje hat sa’n 35 essees skreaun yn fjouwer jier tiid en is fan doel om dêr mei troch te gean, en de oare helte hat it ek tige bannich om alle fjirtjin dagen wer mei in tekst foar de kreamen te kommen. Hoe is it eins mei de aktiviteiten fan de njoggen, tsien of alve redaksjeleden fan ensafh?

  11. Diskusje sletten. Eddy Drost kin in parseberjocht opstelle en ferstjoere oer hoe en wat. Dat hoecht net allegear fia de reaksjes op dit plak.

Der binne gjin nije reaksjes mear mooglik.