Lomme Schokker

Nijjierrinne

logo.ensafh

‘Folle lok mei it seinen.’ Frou Hoekstra fan twa huzen fierder seach ús oan en lake.
‘Wat sizze jimme?’
‘Folle lok, mei it seinen!’
‘No, tankje. Dat is aardich fan jimme. No wolle jim in suertsje, tink?’
Fansels. Dêr diene wy it om. Frans Prinsen hie my ferteld dat wy hjoed by de minsken lâns moasten om ‘Folle lok mei it seinen’ te sizzen. Dat hearde sa. Dan soene wy suertsjes krije. En Frans koe it witte, want hy ried op in brommer. Lange Frans mei it swarte hier.
‘Witte jimme heit en mem dat jim oan it nijjierrinnen binne?’
Ik seach myn broer oan. Hy sei neat. It wie myn plan. Hjoed liet er my de kastanjes út it fjoer helje.
‘Jaaa…’
‘No, dan ha ik hjir foar jim in lolly. En gean no mar moai wer nei mem ta.’

Dat wiene wy net fan doel. Oare kant de strjitte wenne Jenny de Boer. Dêr kamen wy ek faak oer de flier. Jenny hie ferkearing mei ús âldste broer. Dat wisten wy, mar dat wist ús broer net. Dy tocht dat Jenny ferkearing woe mei Swarte Frans. Wy wiene seis jier, it libben like ienfâldich. By De Boer-en-dy rûnen wy achterom. Dat wiene wy sa wend. Ik naam de lolly út de mûle. Myn broer net, hy wie hjoed net sa’n prater. Oars wol.
‘Folle lok mei it seinen!’
‘Lomme, moast sizze: “Folle lok en seine!”. Sa heart dat, “Folle lok en seine”.’ O!
‘Folle lok en seine.’ No krigen wy in rûn suertsje, ien yn plestik. Koest der in gat yn sûgje. Yn dat suertsje.

‘No nei de dokter ta,’ sei ik tsjin myn twillingbroer. Dokter Werkhoven wenne skean tsjin ús oer. Se hie in pear wike lyn by ús op skoalle by my yn de broek sjoen. Underwylst moast ik op de pols blaze. By Jan hie se dat ek dien, fernaam ik letter. Nuver gedoch. Ik koe krekt by de belle. De húshâldster die iepen. Sy wenne ek yn dat hûs. Sy hie alle dagen in swarte jurk oan en in wite skelk.
‘Folle lok en seine,’ sei ik.
‘Och hearkes, jimme oan it nijjierrinnen? Wat fyn ik dat moai! Ik sil sjen of ik wat foar jim ha.’ Se rûn de gong wer yn. Har skelk siet skeefdraaid op de rêch. Se kaam werom mei de dokter. Dy wie al sa fleurich.
‘Soa, LommeJan, jimme ek folle lok en seine.’ Dokter Werkhoven seach glimkjend op ús del en aaide my oer it hier. Wer krigen wy allebeide in lolly.

Ik doarde net lâns by Wolthers, de kantonrjochter. Dy wenne nêst de skoaldokter.
‘Moatst gjin rûzje mei dy man ha,’ hie ik heit ris sizzen heard, ‘want dan swaait er wat.’
Mar Krist wie wol thús. Aardige man mei in ringburdsje. Dêr mochten wy sels útsykje hokker suertsje wy ha woene. By Sanny krigen wy fan Sanny har mem fiterdrop. Sanny sels kaam spitigernôch net oan de doar. Sanny wie it leafste famke fan de klasse. It lêste hûs op de rigel wie dat fan Frans Prinsen. Syn heit hie de fytsesaak. Dêr krigen wy beide wol twa suertsjes.

Ik woe ek noch nei molkboer De Jong. De molkewinkel stie hielendal oan it begjin fan de strjitte, tsjin de grutte nije dyk oan. Dêrfoar moasten wy wer foar ús hûs lâns. Mar mem stie by de strjitte. En frou Hoekstra ek. En mem wie lilk. Wyt fan lilkens! Us mem hat nea sá lilk west. Se sei dat wy oan it skoaien wiene. En dat wy ús skamje moasten. Dy dei mochten wy it hûs net mear út. Ik tink dat grutte broer al it snobguod krigen hat.

Ik winskje elkenien dat er behâlde kin wat him tafalt. Folle lok mei it seinen, dit nije jier!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op