Teleks: Oersetwedstryd ‘In the Big Rock Candy Mountains’

logo.ensafh

Oersetwedstryd In the Big Rock Candy Mountains

Yn De Nije, it nulnûmer fan it nije Frysktalige nijsblêd fan De Ried fan de Fryske Beweging is in oersetwedstryd opnommen fan it liet In the big rock candy mountains. Dy countrysong giet oer in swalker. Hy dreamt oer in lân dêr’t de hinnen sêftseane aaien lizze en dêr’t de sigaretten oan de beammen groeie. It waard foar it earst op de plaat set troch Harry McClintock yn 1928. Nei de suksesfilm fan de bruorren Joel en Ethan Coen ‘O Brother Where Are Thou’ út 2000 is it yn ferskate ferzjes op YouTube te finen. Yn de film wurdt it songen troch McClintock sels. Om it liet te beharkjen kinne jo bygelyks gean nei: Big Rock Candy Mountain – Harry McClintock – YouTube. Jo meie it pleatse nei dizze tiid en nei Fryslân. De saakkundige sjuery hechtet deroan dat sjongber is en dat it boadskip bewarre bliuwt. Oersettingen yn it Frysk, Nederlânsk, Bildts of Stellingwarfs moatte foar 1 maart 2019 stjoerd wurde oan ynfo@fryskebeweging.frl De haadpriis is in Harmonie-teaterbon fan € 150,00. Fierders binne der fiif cd’s mei muzyk út de film as treastpriis beskikber. De priisútrikking is op sneintemiddei 24 maart om 15.30 yn de Brasserie fan Stania State yn Oentsjerk mei muzyk fan de band fan Chris Kalsbeek.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op