Edwin de Groot

Kapstôkheakjes

logo.ensafh

kreas en kwier yn it gelid rûnen wy achter juf
fan it skoalgebou nei de gymseal
net Jan

út it lead luts hy
– wy wisten net better –
doe al nei bûten, nei de strjitkant

juf rôp dan:
rjochtút rinne, sa
rjocht as kapstôkheakjes

mar Jan as heakje siet doe al te ticht op ’e râne
in lichte luchtige simmerjas al te swier
en kleaud it hout

koest it sjen
wat wisten we

oant de dei
dat de jûn earder foel
en krekt dêrfoar de earste snie

Foto: Erfgoed ‘s Hertogenbosch

3
Reageer op dit artikel

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
Edwin de GrootGait GolbachLubbert Jan DeVries Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Lubbert Jan DeVries
Gast
Lubbert Jan DeVries

blinders, moai fers!

Gait Golbach
Gast
Gait Golbach

Oeral is wol in Jan…
Mooi fers, mei in glimke

Edwin de Groot
Gast
Edwin de Groot

Tankewol mannen. Yndied, oeral is wol in Jan….