Teleks: Leden Sis Tsiis prate oer aksje tsjin de Afûk

logo.ensafh

De Afûk is by in protte minsken bekend as de organisaasje dy’t opkomt foar de Fryske taal. De organisaasje yn it skaad fan ‘e Aldehou yn Ljouwert organisearret kursussen Frysk, hat in Fryske boekhannel en docht noch folle mear om de Fryske taal te stypjen, lykas mei de kampanje Praat mar Frysk.

Dat is lykwols net genôch, is it betinken fan guon noch fûlere Fryske bewegers op ‘e Facebookgroep Fryslân en de Fryske taal (link). Nei oanlieding fan in typflater yn de lokwinsk fan de Afûk oan de nije heitelânsdichter Tsead Bruinja oppenearren harren ferskate minsken dy’t fan betinken wiene dat de Afûk al jierren mei de mûtse nei it Frysk smyt.

Lês fierder by It Nijs

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op