Henk Nijp

Fraude

logo.ensafh

Ik moast om njoggen oere komme. Yn Ljouwert op ’e Holstmarwei, ja, it plysjeburo. Net dat ik wat misdien hie of te hurd riden of sokssawat, nee, ik wie yn ’e falle rûn fan cyberkriminelen.

In wike earder hie ik dwaande west om de kompjûter nei te sjen en de oerstallige bestannen op te rêden. De mailboksen sieten ek aardich fol, dat dêr koe wol wat út. In goed begjin fan it nije jier, is’t net sa. Neitiid hie it mailprogramma frjemde kueren, dat ik belle mei de ôfdieling consumer-support. En nei in skoft hinne en wer praten en meisjen op myn skerm kaam alles wer yn oarder. It spul draaide wer as in tierelier. Ik moast wol noch in oantal wachtwurden fernije en oare saken oanpasse. Mar dat koe ik sels wol, dêr hie ik de help fan de meiwurker oan ’e oare kant fan de line net mear by nedich, ornearre dy. Net it moaiste putsje mar it moast al dien wurde. Doe’t ik der goed en wol mei oan it ompielen wie, kaam der op de iPhone in sms’ke binnen. Myn bankrekken wie yn karantêne setten en om de blokkearring op te heffen moasten der gegevens neisjoen wurde. Oft ik dat fuort mar even dwaan woe. Je wolle net dat de boel op slot sit, dat ik folle braaf alle frege items yn. Doe’t se seagen dat it in en/of-rekken wie, moasten se ek noch dit-en-dat fan myn frou witte. Ik hie doe noch neat yn ’e gaten. It kaam my allegearre wol frij logysk foar. Fûn it al wat nuver dat se myn lingte witte woene. Hawar, it wie ek samar wer klear.

In dei letter belle de bank: oft ik in bedrach fan in moai oantal euro’s klearsetten hie om oer te meitsjen nei kompjûterfirma X. En oft ik earder al € 90,- oermakke hie oan datselde bedriuw. No nee, myn kompjûter draaide wer geweldich en bedriuw X wie my folslein ûnbekend. No, dan hiene der dus handige jonges yn myn bankrekken sitten, de ôfdieling fraudedeteksje hie krekt op ’e tiid sjoen dat der wat hiel nuvers geande wie. Hulde foar dy minsken! Dy 90 euro dy’t al oerskreaun wie krige ik fan de bank werom as skeafergoeding. Ik moast wol as de bliksem myn brûkersnamme en wachtwurd feroarje. Dan soe de rekken wer beskikber komme. Ik krige ek noch in nije pas, want it pasnûmer hiene dy boeven no ek.

De deis dêrnei belle ús toskedokter, wêrom’t wy 35 euro oermakke hiene, hy hie dochs gjin rekken stjoerd? Hiene dy kriminelen earst in lyts bedrachje oermakke nei in bekende út it adresboek, doe in wat grutter bedrach nei in oare rekken en dan soe de grutte klap komme… It wie al saak dat der offisjeel oanjefte dien waard by de plysje. It proses-ferbaal moast yn ôfskrift nei de bank.

Mar oanjefte dwaan kin samar net; se sieten by de plysje Ljouwert oant nije wike ta al folslein fol. Of der barre in hiel soad kriminele saken dêr’t wy gjin weet fan hawwe of der is fiersten te min plysjepersoniel. Mar beide soe ek samar kinne. Oare wike koe ik komme, om njoggen oere.

Do’t ik my melde oan ’e baly frege in brimstige plysjefrou wa’t ik wie en wat ik woe. Se kontrolearre myn namme op in listje en sei dat it kloppe. Koe ek hast net oars. Ik mocht dêr sitten gean en der soe aanst wol ien komme. Se skode it rút mei in klap wer ticht en ferdwûn út it sicht. Yn de wachtromte siet in al wat âlder echtpear, frijwat segrinich; ek bestellen tink. Yn ’e hoeke neist de yngong stie in sneue Dieffenbachia. Nei alle gedachten is in plysjeburo net it gaadlikste plak foar in plant mei sa’n namme. Der kamen sa no en dan wat opslûpte jongkeardels op sneakers del mei in rêchsekje en in plestikpaske; pas nei in piip floepte de doar iepen en koene se fierder it gebou yn. Grif soene dat aanst, yn unifoarm, úteinlik wol echte plysjes wurde. Nei sa’n tsien minuten koe ik meikomme nei in lyts hokje. Ik ha der in grou oere sitten. Der wie net folle te sjen, in buro, dêrop in byldskerm en wat kompjûterark. Oan ’e muorre in pear adhd-keunstreproduksjes, dy’t nei’t ik hoopje net al te folle yn ’e hollen fan ’e plysjes sitten gien binne.

Om in knap proses-ferbaal op papier te krijen kostet nochal wat tiid, die bliken. Yn ’e earste ferzje stiene saken dy’t de amtner fan tsjinst sels wat ynfolle hie, mar ik echt net sa sein of bedoeld hie. De twadde ferzje wie al better, mar pas foar de tredde doarde ik myn hân yn it fjoer te stekken. It wie doe al moai fier nei tsienen. Doe’t ik mei de ôfskriften it oanjeftekeammerke útkaam, siet it noartske echtpear der noch hieltiten. Noch even, dan ha dy grif ferlet fan slachtofferhelp, tocht ik yn it foarbygean.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op