Teleks: Van der Velde, fan lyts famyljebedriuw nei suksesfolle searje boekhannels

logo.ensafh

It begûn as in lyts famyljebedriuw, mar nei 126 jier ha se njoggen boekwinkels en in miljoene-omset: boekhannel Van der Velde. Mei it oernimmen fan boekhannel Waanders yn Zwolle ôfrûne augustus en it iepenjen fan harren nijste pân yn Harns ferline wike, is it bedriuw ien fan de meast suksesfolle boekhannels fan it lân. De twa mannen oan it stjoer, Rutger van der Velde en Ad Peek, meitsje harren sterk om de ûndergong fan de boekwinkel foar te kommen. Van der Velde: “Us fak is siik en it stjert, dat sjogge wy allegear. Mar dat wolle wy net gebeure litte.”

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op