Anke-Marije Piebenga

Errata In Memoriam Tjitte Piebenga

logo.ensafh

Babs Gezelle Meerburg hat in protte flyt dien op it In Memoriam fan ús heit.
Spitigernôch sitte der in pear bonkjes yn. De frou yn It Lyk wurdt oantaest hyt fan Anke, dat dat wie nét de namme fan de earste frou. Us mem, Hannah Ludwig, wie sjoernaliste by Het Vrije Volk, doe’t sy ús heit kennen learde. Underwizeres hat sy nea west, wól wethâlder en Steatelid.

En wat Myn sêftgrien famke oanbelanget: ik wol gjin krityk hawwe op jo opfetting fan dizze fersebondel. Jo binne fan betinken dat it in lofsang op de muze is. Ek moai hear. En soks mei fansels.

Tineke Steenmeijer hat it “de leafdesfersen fan Tjitte Piebenga” neamd.
Us heit, de dichter sels, hat hertlik en in bytsje synysk lake om dy lêste opfetting. Nee, it sêftgrien famke is nammentlik de persoanifikaasje fan de dea: “it hoerke fan de lêste halte”.

Lês yn dy wittenskip dizze bondel nochris. En soks kin ik benammen ek alle Yedema’s c.s. fan de wrâld fan herten oanrekommendearje.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Abonneren op
guest
1 Reactie
Inline Feedbacks
View all comments
Miriam van der Meer
Miriam van der Meer
2 maanden geleden

Goed zo Anke-Marije! En wat schrijf je geweldig Fries!