Aginda 14-02-19: Polityk moetet Literatuer

logo.ensafh

Op tongersdei 14 febrewaris, in moanne foar de provinsjale ferkiezings, grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei in fiiftal listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbeliedsplan dat krektlyn ferskynde, is de literatuer nammentlik behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle de skriuwers de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat aspekt mei te nimmen yn it nije kolleezjeprogram. Want: sûnder literatuer gjin Frysk!

Yn Tresoar sille Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes van den Berg (GrienLinks) diskusjearje mei skriuwers, útjouwers en literatuerleafhawwers. De jûn sil laat wurde troch Willem Verf, mei dêr tuskentroch poëtyske foardrachten fan Elske Kampen en Lida Dykstra, in pittige kollum fan Douwe Kootstra en muzyk fan Truus de Vries en Rob Faltin, in duo mei fioele en piano dat jin yn it moed taast.

Om 18.30 oere stiet sop en bôle klear foar elkenien en om 19.30 oere set it program útein yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar, Ljouwert (Bûterhoeke 1). De jûn wurdt ôfsletten mei in hapke en in drankje. Tagong is fergees, mar mei it each op de ketering wol graach foar 7 febrewaris opjaan by bestjoer@skriuwersboun.nl.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op