Lomme Schokker

Us man yn it gemeentehûs

logo.ensafh

By ús yn it Suffertsje binne foar my, nêst de krûdige kollums fan in Arie Bombarie, benammen de wiidweidige ferslaggen fan de gemeenteriedsgearkomsten de muoite fan it lêzen wurdich. Dy ferslachjouwer, lit ik him Erik neame, sit faak yn in hoekje fan de biblioteek efter de iennige kompjûter dy’t nei de lêste reorganisaasje oerbleaun is. Al jierren skriuwt er yn de byb syn ferslaggen, want dêr hat er alle riedsstikken foar de greep en ‘kom ik wat ûnder de minsken’.
Soest Erik sa op it each noch gjin kwartsje jaan. In lytse sjokkende man, rykrak, sjofel yn de klean en rûch yn it burd, mar mei in tûk ferstân. In skôger is er en yn myn ûnderfining in betûfte waarnimmer fan de essinsjes fan it mienslachtich minsklik bestean. Hy hat in studio-appartemintsje boppe ien fan de earste leechsteande winkels fan it doarp oan it oare ein fan de Haadstrjitte. Hy wennet dêr noflik allinnich, kontemplatyf en minimalistyk, mar foaral sa goedkeap as brea op âlde rjochten en de goodwill fan de eigner, dy’t de etaazje leaver net oan Poalen ferhiere wol. Of soe it sa wêze omdat dy ferhierder tafallich ek foarsitter is fan ien fan de trije koälysjepartijen yn de ried?

Ik kaam in pear jier lyn mei Erik oan de praat by de kofje-automaat. Ik socht doetiids leau ik ynformaasje oer wat ús politike partijen fan doel wiene mei de opbringsten fan in nutsbedriuw. Hy seach my wrakseljen mei de ferslaggen en sei dat as ik wat yn it bysûnder witte woe, ik it faaks better oan him freegje koe. No, dat ha ik witten. Sûnt dy tiid meitsje ik alle wiken in praatsje mei him en kin ik jimme sjittende krekt fertelle wêr’t it op stiet binnen en bûten de ried.
No bart der oars by ús yn de gemeente, dy’t inkeld bestiet út ien doarp en twa himriken, net safolle wichtichs. Ja, der is it foarnimmen om de biblioteek te ferhúzjen út de buorren wei nei in leechsteande meubelwinkel midden yn de Haadstrjitte om der better de rin yn te krijen. Kultuer dy’t de kommersje in stryk-yn-’t-laadsje jaan moat, sa giet it hoopfol tinken tsjintwurdich yn in iepen en op de takomst rjochte mienskip as dy fan ús. En Erik hat der ta myn fernuvering wol fidúsje yn. Mar hawwe se ús byb net krekt foar minstens trijekwart miljoen modernisearre?
‘Dêr giet it my net om,’ sei er. ‘Dy lege meubelwinkel, it beëage pân sil ik mar sizze, is ek eigendom fan myn hierbaas en finansjeel strûpt er der stadichoan sawat ûnder. As er definityf fallyt ferklearre wurdt, bin ik binnen de koartste kearen myn studiootsje kwyt en fyn mar ris wat oars yn dizze djoere tiden.’
Dus dêrom steane der yn it Suffertsje de lêste tiid safolle ferslaggen oer de swierrichheden yn de winkelnearing! Sels Arie Bombarie hat der al trije kear oer skreaun. En gjin wûnder, hjoed ha ik fernommen dat Erik en Bombarie ien en deselde binne. Wat moat ik no mei myn fidúsje yn in frije en selsstannige sjoernalistyk?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op