Teleks: De Grutte Gedichtejûn yn it Lytse Kafee mei de Bysûndere Histoarje

logo.ensafh

It smûke kafee Marktzicht, stamkafee fan de populêre deade Fryske skriuwer Rink van der Velde, foarme freed 8 febrewaris it dekôr fan de Grutte Gedichtejûn, organisearre troch it blêd Ensafh.

Tige tapaslike lokaasje, kwa skiednis en sfear, mar wol wat de lytse kant neist. Soene we der wol allegear ynpasse? Ommers, de opset fan de gedichtejûn is om safolle mooglik dichters ien gedicht foardrage te litten en der stiene by einsluten leafst 37 op it programma, neidat der in tal ôfsein hiene. Neffens kroechbaas Ronald koene der maklik fytich minsken yn en boppe wie ek noch in ferdjipping. Yn it lytse gonkje nei de wc’s ta stie in libbensgrutte, kartonnen Emiel Roemer. In soad achteleaze besikers skrokken fan him. ‘Dan witst wol watfoar kafee as dit is’, sei de baas. Read as in kraal.

Lês fierder by Maltsje de Ridder-Jansma op de Moanne

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op