Anne Feddema

Anne Feddema út Kollum?

logo.ensafh

Alwer sa’n tritich jier lyn hold ik ta op Ateliers ’63 yn Haarlim, tsjintwurdich ‘de Ateliers’ yn Amsterdam, boartersplak foar de oanstoarmjende keunstpjutten, de kulturele, byldzjende elite, nó en doe ek al, al fernimst fan hiel wat minsken net in soad mear, sa giet dat. Fan my al, want ik haw in KOLLUM! In miening dy’t der ta docht, dy’t ik mei wurden skilderje ynstee fan ferve. Mar hoe bin ik mei it ferskynsel ‘kollum’ yn ’e kunde kaam?

Dan moat ik ek werom nei myn Haarlimske tiid. Op in stuit, yn tiid en romte, wie ik folslein útpoept.
De subsydzje fan WVC of CRM, dat wit ik net goed mear, dy’t wy as dielnimmers oan Ateliers ’63 krigen, wie skjin op. Der moast brea komme en it leafst mei eat derop. Ik hie in lyts bytsje ynkomsten fan myn wyklikse radiopraatsje foar, doe noch, Radio Fryslân, dêr’t ik krekt mei begûn wie, mar fan fiifensantich oant hûndert gûne – hja wienen aardich deun mei fiifentweintich gûne it ferhaal – dogge je net in soad fansels. Alsa, hoppa, nei it útstjoerburo. Dêr oankaam hearde ik dat der minsken nedich wienen foar in reklamekampanje fan in grut Amerikaansk sigarettemerk, dat wer op ’e nij foar it fuotljocht brocht wurde moast. LUCKY STRIKE… FORTÚNLIKE GOAI of BOPPESLACH GELOK… soks betsjut it ûngefear, eat út ’e Amerikaanske sportwrâld, baseball of bowlinggedoch, wit ik it. Mar hja bedoele fansels: LUCKY LIP… LUCKY LUNG… no, ik soe size: SO LONG LUNG. Dan komt de útdrukking ‘smoke as in âld Sinees’ ek wer tichterby. Hoe dan ek, achte freonen fan Ensafh. Om de kampanje op te starten ferskynden der grutte advertinsjes yn ’e lanlike deiblêden… dat je fergees twa pakjes sigaretten krije koenen. Wat moasten je dêr foar dwaan? No, in nûmer belje, namme en adres opjaan… dat wie alles, dan kaam it mei de post nei of op jo ta. Hienen je dat nûmer belle, dan sieten der wol tritich minsken klear om al dy gegevens te ferwurkjen.

Ik wie ien fan dy tillefonisten. Fan tefoaren wienen wy útsocht op it lûd fan ús stim. Ik hie nei it útstjoerburo west om in stimtest te dwaan… ik lies de fragen foar dy’t ik de hiele aksje lang stelle moatst, foar in tillefoan en oan ’e oare kant fan ’e line siet in man fan Lucky Strike, sil ik mar sizze, dy’t nei my en tich oaren harke. De fragen wienen fan it soart: Wa binne jo en wer wenje jo? No haw ik in stim as in klok… Fremd bin ich eingezogen… dus ik waard oannaam. In hoastjend, hast koarjend smookstimlûd wie net needsaaklik foar de job. Ik wit net krekt mear hoe lang oft de Lucky-aksje duorre. In pear dagen. Wy wurken al yn in soart ploegetsjinst. Ik tink dat je belje koenen oant tolve oere jûns, mar wis bin ik dêr net fan. Ik haw socht op it hillich net, mar ik koe der neat oer fine. Hawar en anyway. Ik oan ’e tillefoan, Anne Tillefoan, Anne Feddema, wat makket it út allegearre? Wat my bybleaun is fan dit alles, binne wat algemiene ympresjes fan de tillefoanpetearen.

Ien tillefoantsje stiet my al helder foar de geast: út it Heitelân. Der belle in jonge, oan it  praat koe ik hearre dat er út ’e Wâlden kaam. Hy joech alle ynformaasje en woe alwer ophingje, doe’t ik in praatsje werom begûn. Sa as al earder sein, hie ik krekt in radiopraatsje foar de Omrop, dy’t al de Kollum fan Anne Feddema neamd waard en populêrder wie as ik sels tocht of witst. Ik frege oan ’e jonge oft se my ek koenen… de kollum fan Anne Feddema? Dêr’t de jonge, dy’t nei alle wierskynlikens belje moast fan syn heit, op sei: ‘Heite, kenne wy ek in Anne Feddema út Kollum?’

No lêzerkes, sa is it kaam, doe is de werklike kollumskriuwer berne. Ik sil alle moannen kollumskriuwe en jim kôgje litte op myn hjoeddeistige, essayistyske kaugom. Oft dat altiten like foar-de-fret wêze sil? Wy wachtsje it ôf.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op