Jelma Knol

De moeder de vrouw by moderne Fryske skriuwsters (Mem 1)

logo.ensafh

De moeder de vrouw is de titel fan de Nederlânske Boekewike yn maart 2019. Dat wie hjir thús oanlieding foar in petear boppe de dampende boarden suerkoal. Hoe soest dat yn it Frysk oersette, moeder de vrouw, wie de fraach. Mem de frou seist net. It is gewoan ‘mem’, fûn de taalkundige yn ’e hûs. De moeder de vrouw as útdrukking foar it ynstitút yn de húshâlding hat yn it Frysk eins gjin synonym. Of it soe de baas wêze moatte, gniisde de taalkundige. Okee, de baas, yn dat wurd soest ek noch wat irony lizze kinne en sa wurdt de moeder de vrouw yn it Nederlânsk fansels ek brûkt.

De âldere generaasje heiten en memmen seine faak, as se ienris bern hiene, gewoan heit en mem tsjin inoar. ‘Freegje dat mar oan mem.’ En: ‘Mem, joust my de andyvje?’ En sa hawwe wy dy fergetten grienten ek wer hân.

Mar hoe sit it yn de Fryske literatuer? Hawwe wy – mei de nije boekewike yn it sin – ek boeken fan skriuwsters oer it ynstitút ‘mem yn de moderne Fryske literatuer’?

Marijke, de roman fen in mem (1943) fan Abe Brouwer liezen wy ea yn it ramt fan in wurkkolleezje oer skriuwende arbeiders. Dy kolleezjerige wie opset troch Tony Feitsma en Henk Meijering. In nijsgjirrige ynstek, al wie it noch in toer om skriuwende arbeiders yn de Fryske literatuer te finen. Mar se binne der al. Neist Brouwer behannelen wy skriuwers as Hoatse de Jong en Watse Cuperus en Imke Klaver, dy’t yn it Frysk syn jonge jierren beskreaun hie.

Oer de roman fan Brouwer falt bêst wat te sizzen. It meinimmende boek giet oer in earme frou mei in soad bern dy’t jong widdo wurdt en grutte problemen hat om dy bern op it goede paad te hâlden, mar moderne literatuer is it net.

Tin iis (út 1981) fan Tiny Mulder giet oer in húshâlding yn de Twadde Wrâldoarloch, mei de dochters Dineke en Klaske as sintrale personaazjes. Dineke sit yn it ferset, har heit en mem biede joadske bern en alliearde piloaten in ûnderdûkadres.

‘As wy der no ris in bern by krigen,’ sei heit. Dat wie gjin fraach, it wie in meidieling. Wy seagen dus ús mem oan. Se kleurde as in roas en lake ferlegen: ‘Eh, nee, ju.’ Sa begjint Tin iis, mei de meidieling dat de famylje Jagersma in joadsk famke yn ’e hûs nimme sil. Oan de ein fan it boek, nei de befrijing, moatte de Jagersma’s Anneke wer ôfstean, oan har heit en mem dy’t de oarloch oerlibbe hawwe en dêr wurdt benammen mem Jagersma hiel ûnwennich fan. Se begjint as in wyldenien te húshimmeljen om har ôf te reagearjen. Tiny Mulder hat Tin iis sa yn in ramt setten: dat fan de grutte, feilige memmeleafde, de mem thús, dy’t mooglik makke dat net allinne Dineke, mar yn wêzen de hiele famylje yn ferset doarde te kommen.

De man-frouferhâlding yn moderne tiden en dan benammen yn de sixties en seventies mei de seksuele revolúsje en frouljusemansipaasje wurdt nearne sa ynkringend en tragykomysk beskreaun as yn de koarte ferhalen fan Hylkje Goïnga. Mar it memwêzen is net it sintrale tema yn har wurk. It giet mear oer de striid tusken de beide seksen, mei de man dy’t de fruchten fan de seksuele revolúsje plôket.

Nei myn yndruk is Fragmint (1989) fan Margryt Poortstra de earste roman dy’t it tema behannelet fan in jonge, moderne mei har rol wrakseljende mem. Poortstra is in subtile skriuwster en in miskien noch wol subtilere dichteres. Har dichtbondel Krúswetter (1987) ferskynde yn deselde tiid as Fragmint en guon bylden út de roman komme as taalminiatueren werom yn har poëzy.

Frouke, de haadpersoan fan Fragmint is in jonge mem fan twa bern dy’t geweldich opknapt as se út it isolemint fan in anonime flat op tolve heech wei ferhuzet nei in doarp yn oanbou. Sa sydlingswei lit Poortstra sjen hoe’t de grize stimming fan Frouke ferdwynt yn de Flevopolder, dêr’t se wer ljocht en romte om har hinne hat en de seizoenen en de natuer ûndergiet. It pionierjen yn it nije doarp mei buertgenoaten dy’t allegear sosjale inisjativen ûndernimme wurdt oansteklik beskreaun, wylst de stêd en de flat steane foar dea en benearing, anonimiteit. Oan it nije polderdoarp fret de fergonklikheid lykwols ek. Oan de ein fan it ferhaal is de nije strjitte fersakke en de jonge beamkes geane hast allegear dea.

Mar Frouke libbet nei de ferhuzing op yn de kontakten mei har fysioterapeute, in âlde freondin en in jeugdleafde. Se ûndersiket hast ûnbewust de grinzen fan har kreativiteit en eroatyske gefoelens. Mar se liket yn dat proses it kontakt mei har man, dy’t har sa trou stipe hat yn har postnatale depresje, te ferliezen. Dochs komt se by har bern en Piter werom. Se kin har gefoelens wer teplak bringe, nei’t se mei help fan freonen harsels wer weromfûn hat. Har freondinne Anne, de fysioterapeute, hat se yn dat proses de rol fan har mem jûn.
‘In bytsje mem. Bern tinke dat memmen alles witte, witte hoe’t it moat, hoe’t alles yn elkoar stekt yn it libben.’ Dat seit Frouke tsjin Anne. Mar dan:

‘Dat is dochs ek sa,’ seit Anne. ‘Froulju leare fan bern ôf dochs foar harsels op te kommen, har eigen ferantwurdlikheid yn ’e hannen te nimmen. En as se dan mem wurde dan hawwe se krêft foar twa, as der noch ien by komt foar trije, ensafuorthinne. As de mem fan de mem it net mear kin, kin se dy ek noch opheine, dan komt der noch mear krêft frij.’ Frouke sil opspatte, mar as se it gesicht fan Anne sjocht, laket se.

It boadskip fan de roman liket te wêzen dat Frouke har oplûke kin oan autonome, krêftige froulju as Anne en Welmoed. It proaza fan Poortstra biedt in aardich tydsbyld, mei al dy shagjes dy’t draaid wurde en de platen op de grammofoan en de terapeutyske petearen. De titel Fragmint slacht op de struktuer fan it boek en op it moderne frouljuslibben dat faak in fersplintere karakter hat.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op