Kollum Aant Mulder: Wêr is ús Fryske Greta Thunsberg?

logo.ensafh

Wêr is ús Fryske Greta Thunsberg? Dy fraach ûnderstelt dat jimme witte wa’t Greta Thunsberg is. Op woansdei 6 febrewaris stie der yn ’e Ljouwerter Krante in stik oer har. De sechstjinjierrige Sweedske Greta Thunsberg staakt al sûnt de simmerfakânsje foar it klimaat. Sy wol dat Sweden oan de klimaatdoelen fan Parys foldocht. Wat dat oanbelanget is se in foarbyld foar al dy skoalbern, learlingen en studinten dy’t tongersdei 7 febrewaris yn ús lân foar in better klimaatakkoart staakt ha en dêr noch wol faker foar stake wolle. Ik hâld it op Greta Thunsberg, mar ik soe my likegoed ôffreegje kinne wêr’t ús Fryske Stijn Warmenhoven is. Dat is ommers de twû-studint dy’t him okkerwyks as earste ynsette foar dy grutte klimaatmanifestaasje yn ús lân. Wêr is ús Greta Thunsberg en wêr is ús Stijn Warmenhoven. De fraach stelle is ornaris de fraach beänderje. Wy binne nei alle gedachten sokke ynspirearjende jongelju brek. Of dochs net?

Lês fierder by It Nijs

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op