Teleks: Jan Minno Rozendal nei Baskelân

logo.ensafh

Fryske skriuwer yn Baskelân

Skriuwer / histoarikus Jan Minno Rozendal is útnûge foar in ferbliuw yn it skriuwershûs Hugoenea yn Pasai Donibane, in doarpke tichtby San Sebastian, yn it noarden fan Spanje.
It hûs is eigendom fan de Feriening fan Skriuwers yn it Baskelân. It pân, ferneamd nei Victor Hugo dy’t yn itselde doarpke de simmer fan 1843 trochbrocht hat, is bedoeld foar skriuwers dy’t yn in minderheidstaal skriuwe, bygelyks it Baskysk, Bretonsk of Frysk.

Rozendal hat yn it ôfrûne jier in pear moanne yn Masedoanië west, dêr’t syn Baskyske húsgenoate him op dizze mooglikheid wiisde.
Beide wienen se doe yn Masedoanië yn it ramt fan it útwikselingsprojekt ‘Oare Wurden’.
Foar itselde projekt hat skriuwer en televyzjemakker Bart Kingma yn 2016 in pear moanne yn it Hugoenea trochbrocht.

Yn de trije wiken dat Rozendal it hûs foar himsels hat, wol er it jongereinboek dêr՚t er mei dwaande is, ôfmeitsje.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op