Jacobus Q. Smink

rigels

logo.ensafh

trije rigels binne ferlern gien
yn de drokte mei de pc en ik
kin se net goed yn ’t sin bringe

it moatte wol te swiete sinnen
west ha oars soe ’k se noch witte
dochs sinniget it my net

ik sil krekt salang neitinke
oant ik se op ’e nij betink
mar tasizze kin ik neat nee

it is wol sa dat ik leavje kin
sûnder betingsten, soene jo
dat wol dwaan sei de idioat

eins fyn ik de lêste trije rigels
wol okee en lit se as sadanich

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Arjan HutLubbertJan DeVries Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
LubbertJan DeVries
Gast
LubbertJan DeVries

moai fers, wol dit; soe samar in soarte fan riedsel wêze…oer dy (lêste) trije rigels…trije rigels binne ‘up in smoke’ trije rigels binne okee en sadanich sa litten, dan is de op ien nei lêste strofe einliks it fers…wol in moai fers oars…ach samar wat ge-eamel op de freed…

Arjan Hut
Gast
Arjan Hut

Fannewike dreamde ik (neffens my foar it earst) in gedicht, en skreau him fansels daliks op. It wurd ‘salang’ skreau ik yn ‘e hastigens as ‘slang’. Dat wie, lykwols, ek in dream. Te loai om derút, dreamde ik dêrnei dat ik oeral om in pinne socht om wat ik fan it fers ûnthâlden hie, op te skriuwen. Sytse Jansma liende my in Tryater pinne, ik krasse en krasse (de earste letter wie gelokkich in O, dus dat koe moai) mar de pinne hapere mar oan. Ik strúnde yn Bûtenpost om, op syk nei goeie pinne, in plakje om te sitten… Lees verder »